Springe nei ynhâld

Vitebsk

Ut Wikipedy
Vitebsk

Віцебск

Emblemen
               
Polityk
Lân Wyt-Ruslân
regio Vitebsk
Sifers
Ynwennertal 360.419 (2022)
Oerflak 96.73 km²
Befolkingsticht. 2677.68 ynw./km²
Hichte 125-204 m
Oar
Stifting 974
Tiidsône UTC +3 (MSK)
Koördinaten 55° 11' N 30° 10' E
Offisjele webside
vitebsk.by
Kaart
Vitebsk (Wyt-Ruslân)
Vitebsk

Vitebsk (Wyt-Russysk: Віцебск, Vitsebsk; Russysk: Витебск, Vitebsk; Poalsk: Witebsk; útspraak: Vietsjebsk) is in stêd yn Wyt-Ruslân, net fier fan de russyske grins. It is it besjoerlike sintrum fan de oblast Vitebsk. De stêd foarmet ien fan de ferkearsknooppunten en yndustriële sintra fan it lân.

De stêd waard yn 947 stifte yn opdracht fan grutfoarstin Olga (881–969) as in fêsting fan de Kiëvske Rus tsjin de heidenen yn Litouwen. Nei't it feodale fersplinteringsproses fan de Kiëvske Rus ynsette, hearde de stêd yn de 12e en 13e iuw by it foarstendom Polotsk. Yn dy tiid ûntwikkele de stêd him ta in wichtich hannelssintrum. Nei de ynfaazje fan de Gouden Horde waard Vitebsk fanôf 1320 troch it Grutfoarstendom Litouwen aneksearre.

Vitebsk yn de 19e iuw (N. Orda, 1875-76)

De stêd waard yn de 16e iuw troch oarlich ferskate kearen ferneatige. Doe't mei de Uny fan Lublin op 12 augustus 1569 it Poalsk-Litouske Mienebest stifte waard, hearde Vitebsk by dy nije steat. Fan 1654 oant 1667 waard de stêd troch Russyske troepen beset. Yn de rin fan Grutte Noardske Kriich waard de stêd yn 1708 hast folslein yn 'e jiske lein.

By de Earste Dieling fan Poalen yn 1772 foel de stêd en omjouwing oan it Russyske Ryk ta. Yn july 1812 waard Vitebsk oermastere troch de troepen fan Napoleon Bonaparte en yn 'e brân stutsen. Nettsjinsteande dat waard de stêd yn de 19e iuw in wichtich yndustrieel sintrum yn de regio en haadstêd fan it gûvernemint Vitebsk. De stêd profitearre ek fan it spoarnet fan Sint-Petersburch (dêr't ien fan de haadstasjons ferneamd is nei Vitebsk) nei Warsjau en fan Moskou nei Riga.

Vitebsk krige yn de rin fan de tiid in mingde befolking. Oan it begjin fan de 20e iuw wie likernôch de helte fan de befolking joadsk. Dêrmei wie de stêd ien fan de grutte joadske sintra. Yn de jierren 1920 telde de stêd sa'n 100.000 ynwenners, dêrfan 45% joaden, 30% Wyt-Russen en 20% Russen.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vitebsk waard yn de Twadde Wrâldkriich swier troffen troch oarlochsgeweld. Fan it bestean fan de grutte joadske mienskip (de stêd telde ea sa'n 70 synagoges) bleau neat oer. De Wehrmacht oermastere op 10 july 1941 Vitebsk en mei de Wehrmacht folge it Einsatzkommando 9 fan de Einsatzgruppe B, dy't ferantwurdlik wie foar de moard op 6.800 oant 15.000 joaden. Op 26 juny 1944 ferovere it Reade Leger de stêd by in grut offensyf de stêd werom. By de swiere gefjochten waard de stêd hast folslein ferneatige.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de stêd binne in tal gebouwen dy't it besjen wurdich binne, wêrûnder û.o.:

Krekt efkes bûten de stêd stiet de dastja fan de russyske skilder Ilja Repin, dêr't in soad fan syn skilderijen makke binne.

In evenemint dat in soad publyk lûkt is it ynternasjonale keunstfestival "Slavyske Bazar". It festival wurdt sûnt 1992 organisearre, dêr't in soad muzykgroepen en keunstners út it hiele lân en ek út de Oekraïne, Ruslân en de Baltyske steaten oan dielnimme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wizebsk