Springe nei ynhâld

Foarbeakatedraal (Vitebsk)

Ut Wikipedy
Foarbeakatedraal
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Vitebsk
koördinaten 55° 11' N, 30° 12' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
eparchy Vitebsk-Orsja
Arsjitektuer
boujier 1814
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 212Г000044
Webside
Side eksargaat
Kaart
Foarbeakatedraal (Vitebsk)
Foarbeakatedraal

De Katedraal fan de Beskerming fan de Mem Gods is in otterdoks tsjerkegebou yn Vitebsk yn Wyt-Ruslân. De katedraal is in monumint fan ier 19e-iuwske arsjitektuer.

De tsjerke waard yn 1814 foar de roomsk-katolike Oarder fan de Allerhilligste Trije-ienheid yn de styl fan it klassisisme boud. De stiennen tsjerke ferfong de houten tsjerke fan it trinitaryske kleaster, dat yn 1758 stifte wie.

Ynterieur

Nei't Vitebsk by it Russyske Ryk foege waard, kaam der yn 1831 in ein oan it kleaster en waarden de muontsen ferballe. It twa ferdjippings hege kleastergebou waard ynearsten in weeshûs, letter in finzenis foar froulju.

De tsjerke bleau ûndertusken leech stean oant yn 1847 it gebou oan 'e otterdokse mienskip oerdroegen waard, dy't it ynterieur yn 'e jierren 1858-1862 feroarje liet om it gebou geskikt te meitsjen foar de otterdokse ritus. De tsjerke waard doe op 'e wijd as de Foarbeatsjerke.

Yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum fan de Romanovs waard de tsjerke yn 1913 ferboud. De tuorren krigen sipels en de tsjerke in koepel. It klassisistyske trijehoekige fronton waard by dy renovaasje healrûn.

De Sovjet-autoriteiten lieten yn 1930 de tsjerke slute, mar yn de Twadde Wrâldkriich mocht de tsjerke fan de Dútsers wer iepen en de klokken wer let wurde. Yn 'e kriich rûnen letter it dak en de tuorren fan de tsjerke grutte skea op. Nei de oarloch waard der gjin muoite dien it gebou wer yn oarder te meitsjen. Stadichoan ferfoel de ruïne jimmeroan mear en yn 1980 soe de tsjerke sloopt wurde, mar de boargers fan Vitebsk kamen yn aksje en ferdigenen it gebou.

Yn 1986 naam de oerheid it beslút de tsjerke te restaurearjen; yn 1990 waard der foar it earst sûnt jierren wer in tsjinst holden en yn 1992 wie de restauraasje fan de katedraal foltôge.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: