Springe nei ynhâld

Paltsgreve

Ut Wikipedy
De sân karfoarsten dy't Hindrik VII ta kening keazen. De Karfoarsten, weromkend troch de wapen boppe harren hollen, binne, fan lofts nei rjochts: de aartsbiskoppen fan Keulen, Mainz en Trier, de paltsgreve bij de Ryn, de hartoch fan Saksen, de markgreve fan Brandenburch en de kening fan Bohemen

Paltsgreve (Dútsk: Pfalzgraf, Latyn): Comes palatinus; froulike foarm: paltsgrevinne) is in histoaryske aadlike titel. It is in gearstalling fan de wurden palts (paleis of hof) en greve (keninklike bestjoersamtner). De paltsgreve hat as haadtsjinner yn de paleizen fan de keningen/keizers fan it Frankyske Ryk en it Hillige Roomske Ryk tsjinne.

Comes palatinus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Latynske titel is de oarspronkike en dus ek fan foar it tiidrek fan it feodale stelsel. It komt fan it Romeinske Comes, dat net in erflike titel of rang wie. De term palatinus komt fan palatium dat "paleis" betsjut.
Nei de ûndergong fan it Romeinske Ryk begû der in nij feodale type fan de titel, ornaris bekend as palatinus, te ûntwikkeljen. De Frankyske keningen fan it Merovingyske laach (hearsken fan 480 oant om 750 hinne) hiene in hege amtner, de comes palatinus yn tsjinst, dy't ynearsten de kening holpen mei rjochterlike plichten, en letter dy taken sels ek ûtoefenen. Oare paltsgreven hiene ek wol militêre en bestjoerlike taken.
Yn it Spanje fan de Fisigoaten bestie it Officium Palatinum út in stikmannich manlju mei de rang fan greve dy't de ferskate ûnderdielen fan it keninklike hûshâlden behearden. De keningen fan de Ostrogoaten, dy't Itaalje bestjoerden, hiene ek paltsgreven (Comes Patrimonium) yn tsjinst, dy't it priveebesit fan de keningen behearden.
De Karolingen, dy't hearsken fan om 750 hinne oant om 1000 hinne, hiene in likense systeem. Ynstee fan dat de paltsgreven tichte by de kening bleaune, waarden guon paltsgreven nei ferskate parten fan it ryk stjoerd, dêr't dy gebieten paltsgreefskippen neamd waarden. Om't hja min of mear fertsjintwurdigers fan de kening wiene, hiene hja mear macht as de gewoane greven.
Yn de Lette Midsiuwen waard de rang "greve" sa bot brûkt, dat gruthearen mei gebieten sa grut as hartochdommen en lytsere kastielhearen harren sels "greve" neamden. Doe't dy gruthearen harren macht oer de lytsere kastielhearen fergrutsje woene, fielden hja de needsaak harren ferskil yn rang fan harren ûnderdienen sjen te litten. Dêrtroch begûnen ferskate fan dy gruthearen harren sels "paltsgreve" te neamen. Sjesokke gebieten wiene winliken sa grut as hartochdommen, sa as bygelyks it Paltsgreefskip Sjampanje yn de trettjinde iuw.

Yn it misiuwske Poalen hie de palatinus de heechste rang njonken de kening. Hy wie ek de heechste ofsier yn it keningsleger. Letter wie de titel gearstald mei de Woiwode, dy't letter de titel fan de paltsgreve oernaam.
Yn Hongarije hie yn de Midsiuwen de nádorispán of nádor de Palatyn fan Hongarije. Yn Servje hie de Grutte Čelnik (велики челник) njonken de kening de heechste rang.

Hillige Roomske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pfalzgraf (Aldheechdútsk: phalanzgrāvo) wie de Dútske ferzje fan de titel, dêr't Pfalz it ferdútskjen fan it Latynske palatium is en Graf betsjut "greve".

Paltsgreven wiene de ôffurdigen fan de Frankyske kening, en letter fan de Hillige Roomske keizer, dy't in Keningspalts behearde. Der wiene in stikmannich paltsen yn it Ryk, dêr't de kening hinne reizge om't der net in fêste haadstêd wie.
Der wiene ek paltsgreven dy't gauris de keizer holpen mei it útfieren fan persoanlike besluten, bygelyks it útjaan fan wapens. Sokke paltsgreven waarden wol "hofpaltsgreven" (Dútsk: Hofpfalzgrafen, Latyn: comites palatini caesarii of comites sacri palatii) neamd.

De hartoggen fan Boergonje brûkten gauris de Latynske foarm (Comus) palatinus en de Frânske foarm (Comte) palatin as part fan harren folsleine titel as frijgreve fan it njonkenlizzende Frijgreefskip Boergonje (Dútsk: Freigrafschaft Burgund), dat in greefskip fan it eardere Keninkryk Boergonje wie en sûnt 982 part fan it Hillige Roomske Ryk waard en yn 1169 as frijgreefskip foarme wie. Dat gebiet stie letter bekend as Franche-Comté.

Fan de alfde iuw ôf waarden de paltsgreven in fersekering foar de ienheid yn it keninkryk as politike tsjinwicht fan grutte wearde tsjin de machtige stamhartoggen en hja wiene tenei net allinne mear paleisgreven, mar winliken ûnderkeningen. Oerlibbene paltsgreefskippen waarden pylders dêr't it keizerlik gesach útfierd wurde koe. Under de hearskippij fan Hindrik de Fûgelder, en benammen ûnder Otto de Grutte, waarden comites palatini oer gâns it ryk hinne stjoerd en hâld de nei ûnôfhinklikens oerhingjende hartoggen yn de stringen. Der kamen paltsgreven te lâne yn de stamhartochdommen Saksen, Loataringen, Swaben en Beieren en behear it keninklike lânguod. Hja waarden nei de hartoch de machtichste lju yn de hartochdommen. De Loataringyske paltsgreven út it laach fan de Ezzoanen laten gauris it keizerlike leger en waarden faak brûkt foar ynlânske en bûtenlânske konflikten, sa as bygelyks tsjin hartoggen en greven dy't yn ferwar tsjin it keizerlike gesach kamen, en opskuor by de grins tsjin de Hongaren en it Frânske keninkryk del te bêdzjen.

Fan de tolfde iuw ôf waard de titel fan paltsgreve erflik. Dêrfoar wie it paltsgreefskip lykwols in benefisium, dus net erflik. De paltsgreve yn Beieren, dy't fan it Hûs Wittelsbach wie, waard ek hartoch fan Beieren. De rang fan greve waard dêre dus ferienige mei dy fan de hartoch. It paltsgreefskip yn Loataringen feroare syn namme yn 1085 ta it Paltsgreefskip oan de Ryn en dat paltsgreefskip waard ien fan de machtichste steaten fan it Hillige Roomske Ryk en waard letter ek in karfoarstendom. It paltsgreefskip fan Saksen waard ferienige mei it hartochdomdom Saksen dat ek in karfoarstendom waard. Dy beide paltsgreven waarden ek Ryksfâd.

Paltsgreven bleaune bestean oant de opheffing fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806.

Pauslike paltsgreven

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pauslike paltsgreve (Comes palatinus lateranus, folút Comes sacri Lateranensis palatii) waard troch de paus oanbean fan de sechtjinde iuw ôf. Dy rang wie in earetitel en waard ornaris droegen troch ridders fan de Oarder fan de Gouden Spoar en hie lykwols gjin polityk foech.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Count palatine