Springe nei ynhâld

Otto I fan it Hillige Roomske Ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Otto de Grutte)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Otto by syn oerwinning op Berengar fan Friuly
Tekening yn manuskript, ± 1200
Otto I syn grêf yn Maagdenburch

Otto I, byneamd Otto de Grutte (Wallhausen (Saksen-Anhalt), 23 novimber 912 - Memleben, 7 maaie 973), soan fan Hindrik I de Fûgelder en Mathildis fan Ringelheim, wie Hartoch fan Saksen, Kening fan Dútslân, Kening fan Itaalje, en "de earste fan de Dútske foarsten dy't keizer fan Itaalje neamd waard" neffens Arnulf fan Milaan.[1] Neidat Karel de Grutte yn 800 ta keizer kroane waard, waard syn ryk yn de 9e iuw ûnder syn manlike pakesizzers ferparte en wie de keizerlike titel, nei de moard op Berengarius I fan Friuly yn 924, benei 40 jier fakant, ear't Otto de Grutte op 2 febrewaris 962 keizer kroane waard fan wat letter it Hillige Roomske Ryk neamd wurde soe.

Otto krige út syn earste houlik mei Edith de neifolgjende bern:

Otto krige út syn twadde houlik mei Adelheid:

  • Hindrik (952/953 - sa. 954)
  • Bruno (953/954 - 8 septimber 957)
  • Otto II
  • fermoedlik Richlinde, (- nei 1 novimber 1007), boaske oan Koenraad I fan Swaben

Ut in ferhâlding bûten it houlik om mei in Slavyske edelfrou:

  • Willem (929 - Rottleberode, 2 maart 968), aartsbiskop fan Mainz fan 954 ôf, bedobbe yn de Sint Albanustsjerke by Mainz

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Arnulf van Milaan, Liber gestorum recentium, I.7.