Aldtsjerkeslavysk

Ut Wikipedy
Aldtsjerkeslavysk
algemien
oare namme(n) Aldslavysk, Aldbulgaarsk,
Aldmasedoanysk
taalgebiet Balkan, East-Jeropa
skrift Glagolitysk, Syrillysk
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Balto-Slavysk
    ● Slavysk
      ● Súdslavysk
        ● Aldtsjerkeslavysk
dialekten sjoch tekst
skaaimerken
tiidrek 9e-11e iuw
ûntstien út Oerslavysk
ûntjûn ta Tsjerkeslavysk
Midbulgaarsk
taalkoades
ISO 639-1 cu
ISO 639-2 chu
ISO 639-3 chu

It Aldtsjerkeslavysk (Glagolitysk: ⰔⰎⰑⰂⰡⰐⰠⰔⰍⰟ ⰧⰈⰟⰊⰍⰟ; Syrillysk: словѣньскъ ѭзыкъ; Latynsk: Slověnĭskŭ językŭ), ek bekend ûnder de nammen Aldslavysk, Aldbulgaars en Aldmasedoanysk, is de âldste Slavyske skriuwtaal. It datearret fan 'e midden fan 'e 9e iuw en waard op skrift steld troch de bruorren Syrillus en Metoadius op basis fan Súdslavyske dialekten dy't sprutsen waarden yn it gebiet om Tessaloniki yn it Byzantynske Ryk. Foar de taal ûntwurpen sy in nij skrift, it Glagolityske alfabet, en yn ferbân mei harren missy nei it Grutmoravyske Ryk yn 863 makken sy in oersetting fan de Bibel. Letter makken studinten fan Syrillus en Metoadius oan de ein fan de 9e iuw yn it Earste Bulgaarske Ryk it Sirillyske alfabet, dat fierhinne fan 't Grykske alfabet ôflaat wie en stadichoan de plak fan 't Glagolitysk ynnaam.

Aldtsjerkeslavyske teksten binne oerlevere yn de foarm fan kopyen út de 10e en 11e iuw; it bekendste manuskript is de Codex Zographensis. Foar de histoaryske taalwittenskap is it Aldtsjerkeslavysk besûnder wichtig, om't it tige nau besibbe is oan it Oerslavysk, de mienskiplike oertaal fan de Slaven.

De earste side fan it Evangeelje fan Jehannes yn de Codex Zographensis, skreaun yn it Glagolityske alfabet.

Tsjerkeslavysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldtsjerkeslavysk hat him fierder ûntwikkele ta in tsjerketaal, it Tsjerkeslavysk. Dizze taal bestiet yn fiif ûnderskate ferzjes ("redaksjes"), dy't ûnder ynvloed fan pleatslike folkstalen ûntstien binne:
● Bulgaarsk-Tsjerkeslavysk
● Servysk-Tsjerkeslavysk
● Russysk-Tsjerkeslavysk
● Kroätysk-Tsjerkeslavysk
● Tsjechysk-Tsjerkeslavysk

Hoewol't it Tsjerkeslavysk hjoed de dei tige argaysk oandocht, wurde it troch ferskate eastersk-otterdokse en eastersk-katolike tsjerken noch hieltyd brûkt yn harren liturgy. Bûten de liturgy is it Tsjerkeslavysk lykwols net goed brûkber. In modernisearre en ferienfâldige foarm fan 't Tsjerkeslavysk, ornearre foar aldendeiske kommunikaasje, is de keunsttaal Ynterslavysk.

Grammatika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Aldtsjerkeslavysk en it Tsjerkeslavysk hawwe in uterst komplisearre grammatika mei in mânsk systeem fan haadwurds- en tiidwurdsbûging mei û.o. trije wurdgeslachten (manlik, froulik, ûnsidich), ûnderskied tusken iental, twatal en meartal, sân namfallen (nominatyf, genityf, akkusatyf, datyf, ynstrumintalis, lokatyf, fokatyf), aspektûnderskied tusken ymperfektive en perfektive tiidwurden, notiid, fjouwer ferskillende doetiden en twa dantiden, wat resultearret yn in tige grut tal útgongen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Old Church Slavonic Online (Universiteit fan Teksas)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Aldtsjerkeslavyske ferzje.