Jan Althuysen
Jan Simens Althuysen (Frjentsjer, 8 desimber 1715 - De Lytse Jouwer, 9 augustus 1763) wie in Frysk predikant en skriuwer.
Althuysen is yn 1715 berne te Frjentsjer as in soan fan Simen Jans Althuysen, dy't wolkjimmer en in foaroansteand boarger fan Frjentsjer wie. Doe't er 26 jier wie is hy begûn mei syn stúdzje teology. Gewoanwei duorre soks sa'n 4 jier, mar Althuysen hat der 9 jier oer dien. Doe hat er syn earste en ienige gemeente krige, De Lytse Jouwer en Boarnwert (1750-1763).
Hy troude op 25 juny 1752 mei Titia Crab of Crabbe. It pear hat gjin bern hân.
Syn heit Simen wie in gelegenheidsdichter yn it Frysk. Syn soan is dêrmei fierder gien. Heit en soan hawwe doe in plan útein setten om de psalmberiming fan Gysbert Japicx ôf te meitsjen. De Althuysens wienen rimers en gjin dichters. Se folgen de doe gongbere beriming fan de psalms fan Datheen sa as dy doe yn tsjerke songen waarden. Doe't it klear wie is der in bondel fan gedichten, mei as titel Fryske Rymlerije fan de beide Althuysens en fan Gysbert Japicx útkommen. Dêroan tafoege harren beriming fan de 100 psalms mei as titel David my dy oare lofsangen.
Althuysen hat de psalmberiming foarlein oan de klassis Dokkum foar tsjerklike goedkarring. Dy is yn 1755 jûn, mar syn kollega's lieten wol merke dat se der net optein oer wienen. Safier as bekend is der yn tsjerke noait út de bondel songen.
Yn 1957 is de bondel psalms ûnder de titel Hôndert Psalmen fin David mei dy Tjien Geboaden troch de Fryske Akademy by Laverman yn Drachten op 'en nij wer útjûn; mei in taljochting fan Chr. Stapelkamp.
De noarddoar fan de tsjerke yn Boarnwert is de oarspronklike doar fan de pastorij fan De Lytse Jouwer. Dêrboppe stiet ek noch in Frysk gedicht fan Jan Althuysen. Dat hat grif in moedige died west om't de tsjerke yn dy tiid al hielendal ferhollânske wie.
Jan Althuysen is yn 1763 yn De Lytse Jouwer ferstoarn.