Titia Crab

Ut Wikipedy

Titia Crab (Ljouwert, doopt op 21 april 1718 - maart 1771) wie in dochter fan Gerhardus Crab en Maycke Mockema. Op 23 septimber 1739 die hja belidenis yn Ljouwert. Op 18 juny 1752 boaske hja mei de predikant Jan Althuysen en kaam hja yn De Lytse Jouwer te wenjen. Nei it ferstjerren fan har man gie hja yn 1765 werom nei Ljouwert. Yn 1768 is hja nei Frjentsjer tein. Hja kaam te hôf yn Ljouwert op 18 maart 1771.