Landseer

Ut Wikipedy
Landseer
algemiene ynformaasje
oarsprong Kanada
   ● Nijfûnlân
klassifikaasje hiem- en ferdigeningshûn
FCI-nû. #226
lichemsskaaimerken
skofthichte 67-80 sm
gewicht 50-80 kg
kleur wyt mei swarte ôftekening

De landseer is in hûneras dat syn oarsprong fynt op it Kanadeeske eilân Nijfûnlân. In protte kynologyske organisaasjes beskôgje dizze hûn as in wytbûnte fariant fan 'e bekendere Nijfûnlanner, mar de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) erkent de landseer sûnt 1960 as in apart ras. Hoewol't er yn 'e regel klassifisearre wurdt as in hiem- en ferdigeningshûn, stiet de landseer ek bekend as rêdingshûn. Dit ras is ferneamd nei de Britske keunstskilder sir Edwin Landseer, dy't yn 'e njoggentjinde iuw in grut tal skilderijen fan sokke hûnen makke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as de Nijfûnlanner en de Labrador-retriever is de landseer út 'e âlde Sint-Janshûn ûntstien, op it eilân Nijfûnlân, dat sûnt 1949 ta Kanada heart. Mûglik is de wytbûnte kleur, dy't sterk ôfwykt fan 'e effen swarte Nijfûnlanner, ûntstien troch ferminging mei Jeropeeske rassen oan it begjin fan de achttjinde iuw, yn 'e tiid dat de hûnen foar it earst nei Ingelân brocht waarden. Oarspronklik wiene it de twakleurige hûnen dy't fan Nijfûnlanner neamd waarden, en hieten alle oaren fan Labrador.

It skilderij A Distinguished Member of the Humane Society, fan 'e Britske keunstskilder sir Edwin Landseer.

Fanwegen har treflike swimkapasiteiten waarden sokke twakleurige hûnen brûkt troch fiskerslju om netten oan lân te slepen. Ek rekken se bekend om't se drinkelingen út it wetter rêden. Dat mei-inoar makke har populêr by Jeropeeske fiskers. Men is fan betinken dat de útfier fan 'e hûnen fan Nijfûnlân ôf benammen yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw begûn, mar har oanwêzigens op skilderijen út it begjin fan dy iuw bewiist dat der doe al guon yn Ingelân west hawwe moatte.

Om't de hûnen der ymposant útseagen, namen bisteskilders har graach ta ûnderwerp. It meast ferneamde skilderij fan sa'n twakleurige hûn waard yn 1838 makke troch sir Edwin Landseer, en draacht de titel A Distinguished Member of the Humane Society ("In Underskaat Lid fan 'e Humane Society"). Dizze spesifike hûn hie nammentlik mear as tweintich minsken fan 'e drinkeldea rêden en wie dêrom adoptearre as in lid fan 'e Royal Humane Society (de Britske Keninklike Maatskippij ta Rêding fan Drinkelingen).

Letter waarden alle gruttere hûnen fan Nijfûnlân as "Nijfûnlanner" betitele, en waard dêrfan it swarte ras populêrder. Doe't yn 1886 in standert foar de Nijfûnlanner opsteld waard, wie dat dan ek in standert foar de swarte hûn dy't ek hjoed de dei noch Nijfûnlanner neamd wurdt. Wytbûnte hûnen waarden inkeld talitten as se fierders oan 'e rasbetingsten fan 'e Nijfûnlanner foldiene. Troch dizze standert rûn it tal twakleurige hûnen almar fierder tebek, en ferlearen dy boppedat guon fan har raseigen skaaimerken, lykas in stikje fan it oarspronklik noch gruttere lichemsstal.

De landseer as rêdingshûn.

Guon fokkers besochten de eardere rasskaaimerken werom te fokken, mar waarden dwerseide troch de Earste Wrâldoarloch, wêryn't de measte twakleurige Nijfûnlanners op it fêstelân fan Jeropa de dea fûnen. Pas fan 1945 ôf kaam, fral yn Switserlân en Dútslân, in beweging fan 'e grûn om 'e twakleurige hûnen erkend te krijen as in apart ras. Fanwegen syn oerdúdlike leafde foar dizze hûnen, waard dit nije ras ferneamd nei sir Edwin Landseer. De eardere skaaimerken waarden weromfokt yn it ras, en yn 1960 slagge it de landseer-leafhawwers om har hûnen troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) erkend te krijen as in apart ras.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De landseer is in grutte krêftige hûn, mei in brede hals, in rjochte rêch, lange skonken en in ôfhingende sturt. De kop is breed, mei in grouwe snút en brune, djiplizzende eagen. De earen binne middelgrut, mei rûne punten, en hingje slop by de kop del. Tusken de teannen fan syn grutte poaten hat de landseer swimfluezzen, sadat er yn it wetter fluch foarútkomme kin.

In jonge landseer.

Syn hier is lang, glêd en fettich, sadat it wetter net gau yn 'e pels trochkringe kin. De bealch en de poaten binne wyt mei wat swarte plakken, mar de kop is hast hielendal swart. Rikels hawwe in skofthichte fan 72-80 sm en teven binne in stik lytser, mei in skofthichte fan 67-72 sm. Dat ferskil uteret him ek yn it gewicht, mei't rikels 65-80 kg weagje en teven mar 50-70 kg.

Aard[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Landseers binne oanhinklik, sterk en yntelligint. In neidiel is wol dat se gauris frijwat flybkje. Se binne geskikt as selskiphûn, mar wurde almeast klassifisearre as hiem- en ferdigeningshûn. Troch har krêftige bou kin se ek brûkt wurde as karrehûn of lêsthûn. De landseer hâldt o sa fan swimmen, en yn kombinaasje mei har oanstriid om dingen op it drûge te slepen, is dit ras dêrmei tige geskikt as rêdinghûn.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

List fan hûnerassen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 73: Landseer.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Literature, op dizze side.