Run to the Hills

Ut Wikipedy
Run to the Hills
algemiene ynformaasje
B-kant Total Eclipse
artyst Iron Maiden
album The Number of the Beast
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 12 febrewaris 1982
opnommen Battery studios,
jannewaris–febrewaris 1982
doer 3:51
label EMI
skriuwer Steve Harris
produsint Martin Birch
fideoclip
Iron Maiden - Run to the Hills (Official Video)
resultaten
sertifisearre Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje Sulver

Run to the Hills is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1982 yn de Battery studios yn Londen en útbrocht op it album The Number of the Beast fan Iron Maiden út 1982. Run to the Hills wie it sechsde nûmer op it album en waard op 12 febrewaris 1982 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Run to the Hills is skreaun troch Steve Harris, Run to the Hills giet oer de kolonisaasje fan Amearika, earst troch Jeropeanen en dêrnei troch Amerikanen, út it perspektyf fan in Cree-yndiaan en in Amerikaanske kavalerist wei. It iepeningsfers is út it perspektyf fan de Cree wei en beskriuwt syn problemen doe't de Europeeske Amerikanen "oer de see kamen" en de Cree "pine en ellinde" brochten. It twadde fers is út it perspektyf fan in Amerikaanske kavalerysoldaat wei, dy't belutsen is by de American Indian Wars beskriuwt, "dy 't de readhûden werom nei har hoalen jaget". It tredde fers is net út it perspektyf fan in inkeld yndividu wei, en feroardielet skerp de effekten fan Amerikaansk ekspanjonisme op yndianen, en de ferneatiging fan de âlde kultuer.

Muzikanten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]