Adrian Smith

Ut Wikipedy
Adrian Smith
sjonger en/of muzikant
Adrian Smith (2010)
Adrian Smith (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adrian Frederick Smith
nasjonaliteit Britsk
berne 27 febrewaris 1957
berteplak Hackney (East-Londen)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Metal
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1972 - No

Adrian Frederick Smith (Hackney, 27 febrewaris 1957) is in Ingelsk gitarist. Hy is benammen bekend as de gitarist fan Iron Maiden.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smith wie gitarist by Urchin, dy't er ferliet om ein 1980 lid te wurden fan Iron Maiden. Killers út (1981) is it earste studio-album dêr't Smith op te hearren is. By in skoft fan Iron Maiden rjochte hy yn 1989 de band ASAP op. Begjin 1990 ferliet er Iron Maiden út ûnfrede mei de rjochting dy't de band útgie. Hy hold hielendal op mei muzyk meitsjen. Yn 1993 begûn er in eigen band, Psycho Motel. Ek dêrmei hie er gjin sukses. Dêrnei wurke Smith mei op de solo-albums Accident Of Birth (1997) en Chemical Wedding (1998) fan Bruce Dickinson (dy't ûnderwilens ek Iron Maiden ferlitten hie). Tegearre mei Dickinson kaam Smith yn 1999 werom by Iron Maiden. De Ed Hunter-toernee folge noch itselde jier.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smith waard berne yn Hackney yn East-Londen, it Feriene Keninkryk, as de jongste yn in gesin fan trije. Syn heit wie skilder. Adrian Smith is boaske mei Nathalie Dufresne en hat trije bêrn.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Killers 2 febrewaris 1981 Iron Maiden Twilight Zone,
Purgatory
The Number of the Beast 22 maart 1982 Run to the Hills,
The Number of the Beast
Piece of Mind 16 maaie 1983 Flight of Icarus,
The Trooper
Powerslave 3 septimber 1984 2 Minutes to Midnight,
Aces High
Somewhere in Time 29 septimber 1986 Wasted Years,
Stranger in a Strange Land
Seventh Son of a Seventh Son 11 april 1988 Can I Play with Madness,
The Evil That Men Do,
The Clairvoyant
Accident of Birth 12 maaie 1997 Bruce Dickinson Accident of Birth,
Man of Sorrows
The Chemical Wedding 15 septimber 1998 Killing Floor
Brave New World 29 maaie 2000 Iron Maiden The Wicker Man,
Out of the Silent Planet
Dance of Death 8 septimber 2003 Wildest Dreams,
Rainmaker
A Matter of Life and Death 25 augustus 2006 The Reincarnation of Benjamin Breeg,
Different World
The Final Frontier 13 augustus 2010 El Dorado
The Book of Souls 4 septimber 2015 Speed of Light,
Empire of the Clouds
Senjutsu 3 septimber 2021 The Writing on the Wall,
Stratego

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: