Springe nei ynhâld

The Trooper

Ut Wikipedy
The Trooper
algemiene ynformaasje
B-kantCross-Eyed Mary (Jethro Tull cover)
artystIron Maiden
albumPiece of Mind
taalIngelsk
sjenreMetal
útbrocht20 juny 1983
opnommenCompass Point studios
jannewaris–maart 1983
doer4:11
labelEMI
skriuwerSteve Harris
produsintMartin Birch
fideoclip
Iron Maiden - The Trooper (Official Video)
resultaten
sertifisearre Grut-Brittanje Sulver

The Trooper is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1983 yn de Compass Point studios yn Nassau en útbrocht op it album Piece of Mind fan Iron Maiden út 1983. The Trooper wie it fiifde nûmer op it album en waard op 20 juny 1983 útbrocht as twadde single fan it album.

The Trooper is skreaun troch Steve Harris en is basearre op de Sjarzje fan de Ljochte Brigade yn de Slach by Balaklava 1854, dy’t plak fûn yn de Krimkriich en ynspirearre troch Alfred Tennysons gedicht The Charge of the Light Brigade út 1854.