Nicko McBrain

Ut Wikipedy
Nicko McBrain
sjonger en/of muzikant
Nicko McBrain (2008)
Nicko McBrain (2008)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Henry McBrain
nasjonaliteit Britsk
berne 5 juny 1952
berteplak Hackney (East-Londen
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Metal
ynstrumint Drums
jierren aktyf 1966 -

Michael Henry (Nicko) McBrain (Hackney, 5 juny 1952) is in Ingelsk gitarist. Hy is bekend as de drummer fan Iron Maiden.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op tsienjierrige leeftiid begûn McBrain mei drummen en om syn tolfde hinne krige er syn earste eigen drumstel. Yn de santiger jierren spile McBrain op in pear Pat Travers-albums. Hy spile by de Streetwalkers fan 1975 oant 1976. Ek wie er drumroadie foar Anthrax en siet er begjin jierren tachtich yn de band McKitty. It wie by in optreden fan McKitty yn Belgje dat er Steve Harris moete. Mei syn band Trust fersoarge McBrain yn 1982 it foarprogramma fan Iron Maiden. Hy trede yn 1983 oant Iron Maiden ta as ferfanger fan Clive Burr. Sûnt dy tiid is er in fêst bandlid fan Iron Maiden.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McBrain waard berne yn Hackney, Ingelân, it Feriene Keninkryk, en behelle in yngenieursdiploma oan de Southgate Technical College. Nicko McBrain is boaske mei Rebecca en hat twa bêrn.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
Makin' Magic 1977 Pat Travers
Putting It Straight
Marche ou crève 20 oktober 1981 Trust
Savage 1982
Piece of Mind 16 maaie 1983 Iron Maiden Flight of Icarus,
The Trooper
Powerslave 3 septimber 1984 2 Minutes to Midnight,
Aces High
Somewhere in Time 29 septimber 1986 Wasted Years,
Stranger in a Strange Land
Seventh Son of a Seventh Son 11 april 1988 Can I Play with Madness,
The Evil That Men Do,
The Clairvoyant
No Prayer for the Dying 1 oktober 1990 Holy Smoke,
Bring Your Daughter... to the Slaughter
Fear of the Dark 11 maaie 1992 Be Quick or Be Dead,
From Here to Eternity,
Wasting Love
The X Factor 2 oktober 1995 Man on the Edge,
Lord of the Flies
Virtual XI 23 maart 1998 The Angel and the Gambler,
Futureal
Brave New World 29 maaie 2000 The Wicker Man,
Out of the Silent Planet
Dance of Death 8 septimber 2003 Wildest Dreams,
Rainmaker
A Matter of Life and Death 25 augustus 2006 The Reincarnation of Benjamin Breeg,
Different World
The Final Frontier 13 augustus 2010 El Dorado
The Book of Souls 4 septimber 2015 Speed of Light,
Empire of the Clouds
Senjutsu 3 septimber 2021 The Writing on the Wall,
Stratego


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: