Fear of the Dark is it njoggende studio-album fan Iron Maiden. It album waard opnommen tusken ein 1991 en begjin 1992 yn de Barnyard studios yn Harlow, Esseks en waard op 11 maaie 1992 útbrocht. It album befettet de metalklassikers Be Quick or Be Dead en Fear of the Dark. It wie foarearst it lêste album mei sjonger Bruce Dickinson, dy't oant ein jierren 90 de band ferliet.