Dance of Death is it trettjinde studio-album fan Iron Maiden. It album waard opnommen jannewaris en febrewaris 2003 yn de Sarm West yn Londen en waard in healjier letter op 8 septimber 2003 útbrocht. It album befettet it alderearste folslein akoestyske nûmer fan de band, Journeyman, lykas New Frontier, harren iennige nûmer oant no ta (2022) dêr't de tekst mei skreaun is troch drummer Nicko McBrain.