Springe nei ynhâld

Can I Play with Madness

Ut Wikipedy
Can I Play with Madness
algemiene ynformaasje
B-kant Black Bart Blues
artyst Iron Maiden
album Seventh Son of a Seventh Son
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 20 maart 1988
opnommen Musicland studios
febrewaris–maart 1988
doer 3:30
label EMI
skriuwer Adrian Smith,
Bruce Dickinson,
Steve Harris
produsint Martin Birch
fideoclip
Iron Maiden - Can I Play with Madness (Official Video)
resultaten
hitlisten flagge fan Nederlân Single Top 100 - 6

Can I Play with Madness is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1988 yn de Musicland studios yn München en útbrocht op it album Seventh Son of a Seventh Son fan Iron Maiden út 1988. Can I Play with Madness wie it tredde nûmer op it album en waard op 20 maart 1988 útbrocht as earste single fan it album.

Can I Play with Madness is skreaun troch Adrian Smith, Bruce Dickinson en Steve Harris, it nûmer giet oer in jonge man dy't de takomst kennen leare wol fan in âlde profeet mei in kristallen bol. De jonge man tinkt dat er gek wurdt en siket de âlde profeet op om him te helpen mei syn fizioenen en nachtmerjes. It advys fan 'e profeet wurdt troch de jonge man negearre en se wurde lilk opinoar.

Oer de fideoclip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fideo fan it nûmer spile him ôf yn Tintern Abbey (Wales) en Chislehurst Caves (Súdeast Londen). Graham Chapman fan Monty Python spilet mei yn de clip; dat soe ien fan syn lêste optredens op telefyzje wêze foar syn dea yn oktober 1989 oan kanker. Yn de fideo spilet Chapman in nitelige keunstlearaar dy't krityk hat op in jonge studint foar it opnimmen fan Iron Maidens maskotte Eddie yn syn skets fan de abdijruïnes. De learaar falt dan yn in gat yn 'e grûn, ûntdekt in ûndergrûnske klûs en moetet úteinlik in animearre ferzje fan Eddie, dy't út in kuolkast wei nei him loert. De band ferskynt op in telefyzje mei bylden fan de fideo The Number of the Beast en de konsertfilm Live After Death. Adrian Smith spilet linkshandich, wat in omkeard byld suggerearret.