Winchester Repeating Arms Company

Ut Wikipedy
Winchester Repeating Arms Company
algemien
hist. namme New Haven Arms Company
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor fjoerwapenyndustry
fêstige yn New Haven (Connecticut)
oprjochte 1857
opdoekt 1935
oprjochter Oliver Winchester
opgien yn Olin Corporation
offisjele webside
www.winchesterguns.com

De Winchester Repeating Arms Company (Ingelsk foar "Winchester Repeteargewearbedriuw") wie in Amerikaanske fjoerwapen- en munysjefabrikant dy't yn 1857 troch Oliver Winchester oprjochte waard as de New Haven Arms Company yn New Haven, yn 'e Amerikaanske steat Connecticut. It bedriuw wie de produsint fan ferskate tige ferneamde gewearen, te witten it Henry-gewear en de Winchester. It Henry-gewear waard brûkt yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch en fral de Winchester Model 1873 spile in essinsjele rol by de kolonisaasje fan it Wylde Westen. Yn de tweintichste iuw rekke de Winchester Repeating Arms Company yn 'e swierrichheden, en yn 1931 waard it bedriuw fan it bankrot rêden troch in oername troch Olin Industries, wêrnei't it yn 1935 mei in oare dochterûndernimming fan dat bedriuw, de Western Cartridge Company, opgie yn de nije Winchester-Western Division. It fabryk yn New Haven gie yn 1989 ticht. Tsjintwurdich wurde Winchester-gewearen ûnder lisinsje makke troch twa dochterûndernimmings fan de Groupe Herstal: it Belgyske Fabrique Nationale d'Herstal (FN) en de Brownings Arms Company yn Utah.

Oprjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Volcanic Repeating Arms Company waard yn 1855 yn Norwich, yn de Amerikaanske steat Connecticut, oprjochte troch Horace Smith en Daniel B. Wesson, mei jild fan in stikmannich ynvestearders. De grutste oandielhâlder wie sakeman Oliver Winchester. Smith en Wesson ferlieten it bedriuw lykwols allebeide al binnen in jier en foarmen neitiid tegearre de Smith & Wesson Revolver Company. Volcanic ferhuze yn 1856 nei New Haven, mar gie oan 'e ein fan dat jier oer de kop. De hiele ynboel waard opkocht troch Oliver Winchester, dy't it bedriuw yn april 1857 in trochstart meitsje liet as de New Haven Arms Company.

De haadwapensmid fan Volcanic, Benjamin Tyler Henry, dy't mei oergien wie nei it nije bedriuw, ûntwikkele neitiid op basis fan earder wurk fan Smith foar Volcanic it .44 Henry-patroan. Hy hie ek it tafersjoch oer it folslein op 'e nij besjen fan it ûntwerp fan it Volcanic-gewear, dat inkeld de algemiene foarm fan it efterladend meganisme en it buisfoarmige magazyn behold. Sa ûntstie it Henry-gewear, dat yn 1860 troch de New Haven Arms Company op 'e merk brocht waard. It waard yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) yn oansjenlike oantallen brûkt troch beskate ienheden fan it (Noardlike) Leger fan de Uny. Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch besocht Henry, dy't lulk wie oer wat er seach as in te lege fergoeding fan syn tsjinsten, it Steatskongres fan Connecticut safier te krijen dat it eigendom fan 'e New Haven Arms Company oan him oerdroegen waard. Winchester, dy't op dat stuit yn Jeropa wie, hastige him werom nei hûs om dat foar te kommen. Hy neamde de New Haven Arms Company om ta de Winchester Repeating Arms Company.

De Winchester Model 1866.

Iere súksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neitiid liet er wapensmid Nelson King in folslein ferbettere ferzje fan it Henry-gewear ûntwerpe, dat it earste model fan it Winchester-gewear waard, de Winchester Model 1866. Dat bliek in boppeslach, want it wapen waard tige populêr. In oar tige súksesfol model wie de Winchester Model 1873, dy't yn 1873 op 'e merk brocht waard en in essinsjele rol spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen. It gewear krige dêrom de bynamme "The Gun that Won the West", it "Gewear dat it Westen Wûn" ("wûn yn 'e sin fan "ferovere"), en it bleau yn produksje oant 1919. Trije jier nei de Model 1873 kaam de Winchester Model 1876 beskikber, it saneamde Centennial Model (in oantsjutting dy't ferwiist nei it feit dat de Feriene Steaten yn 1876 hûndert jier bestiene). It wie in gruttere ferzje fan it Model 1873, dat op beskate punten ferbettere wie.

Oliver Winchester, de oprjochter fan 'e Winchester Repeating Arms Company.

Tragyk fan 'e Winchester-famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oliver Winchester kaam yn desimber 1880 te ferstjerren, en syn soan en erfgenamt William Wirt Winchester beswiek fjouwer moannen letter oan tuberkuloaze. Dy syn widdo, Sarah Winchester, brûkte it jild fan har beërf om yn San Jose (Kalifornje) in grutte filla mei in bizarre plattegrûn bouwe te litten, mei allegear hoekjes en herntsjes en treppen dy nearne hinne laten. Hja wie derfan oertsjûge dat de geasten fan 'e lju dy't mei Winchester-gewearen deamakke wiene, it op har foarsjoen hiene om't se libbe fan jild dat mei de ferkeap fan dy gewearen fertsjinne wie, en mei dearinnende gongen en treppen dy't einigen yn in bline muorre besocht se de geasten paadbjuster te meitsjen. De filla stiet no bekend as it Winchester Mystery House, en is in monumint en in toeristyske attraksje.

Nije súksessen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1883 ôf wurke wapensmid John Browning mei de Winchester Repeating Arms Company gear yn in tige fruchtdragende partnerskip. Syn ûntwerpen laten ta de produksje fan ferskate modellen repeteargewearen (Winchester Model 1886, Winchester Model 1892, Winchester Model 1894 en Winchester Model 1895), mei dêropta de Winchester Model 1885 Ienskotsgewear en inkele repetearjende jachtgewearen (Winchester Model 1887 en Winchester Model 1897). Nei de iuwwiksel krige Winchester oan it begjin fan 'e tweintichste iuw konkurrinsje fan nije ûntwerpen fan Browning dy't ûnder lisinsje troch oare wapenfabrikanten produsearre waarden.

In advertinsje fan 'e Wichester Repeating Arms Company út 1898.

De race om it earste selsladende (semy-automatyske) gewear te meitsjen, late ta de produksje fan de Winchester Model 1903. Nei tsien jier wurk kaam de Winchester Model 1911 op 'e merk, in semy-automatysk jachtgewear dat fan in oar meganisme gebrûk makke om 'e oktroaien fan Browning op syn oarspronklike útfining op dat mêd te omsilen. Wapensmid T.C. Johnson wie dêr foar it meastepart ferantwurdlik foar, en itselde gou foar de Winchester Model 1912, in ferbettere ferzje fan 'e Model 1911, dy't in jier letter útkaam. Yn de 1920-er jierren hie Johnson it tafersjoch oer it ûntwerp fan 'e nije skoattelgewearen fan Winchester, de Winchester Model 52 en de Winchester Model 54.

Under de Earste Wrâldoarloch wie de Winchester Repeating Arms Company in wichtige produsint fan 'e .303 Pattern 1914 Lee Enfield, it standertgewear dat brûkt waard troch it Britske Leger, en fan de M1917 Enfield, dy't yn gebrûk wie by it Amerikaanske Leger. John Browning wurke yn dy tiid wer yn it Winchester-fabryk yn New Haven, dêr't er yn gearwurking mei de Winchester-wapensmidden ek it úteinlike ûntwerp foltôge fan it M1918 Browning Automatysk Gewear, in mitrailleur. Fan dat wapen, wêrfan't it oktroai yn besit wie fan Colt's Manufacturing Company, waarden ûnder de oarloch likernôch 27.000 eksimplaren troch yn it Winchester-fabryk produsearre.

In advertinsje fan 'e Wichester Repeating Arms Company út 1900

Ein as selsstannich bedriuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Earste Wrâldoarloch hie de Winchester Repeating Arms Company grutte lienings ôfslute moatten om 'e útwreiding fan 'e produksje mei te finansieren. Doe't it wer frede waard, wie dy útwreiding oerstallich, en koe dus ôfskreaun wurde, wylst de lienings likegoed werombetelle wurde moasten. Winchester besocht dat te dwaan troch diversifisearring nei de merk fan algemien konsuminteguod. It bedriuw fusearre mei de Simmons Hardware Company en begûn fan alles te meitsjen njonken de fjoerwapenproduksje, fan kokenmessen oant rôlredens oant kuolkasten. Dat rûn lykwols út op in mislearring, en yn 1929 waarden Winchester en Simmons wer opspjalten.

De finansjele swierrichheden dy't feroarsake waarden troch de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren foarmen de drip dêr't de amer fan oerrûn. Sadwaande gie Winchester yn 1931 bankrot, wêrnei't it bedriuw yn desimber fan dat jier by opbod ferkocht waard oan 'e Western Cartridge Company, in munysjeprodusearjend bedriuw fan yndustrieel John M. Olin. Yn namme bestie de Winchester Repeating Arms Company dêrnei noch fuort oan 1935, doe't Olin it bedriuw fusearje liet mei de Western Cartridge Company om 'e Winchester-Western Division fan Olin Industries te foarmjen.

In propagandaposter mei de Winchester-'leauwensbelidenis' foar de oarlochsynset út 1943.

Fuortlibjen fan 'e merknamme Winchester[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de Winchester Repeating Arms Company yn 1935 ophold te bestean, libbe de merknamme Winchester troch om't John M. Olin in grut leafhawwer fan gewearen wie. De produksje fan fjoerwapens ûnder de Winchester-namme gie sadwaande troch. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de M1-karabyn ûntwurpen en yn produksje nommen yn it Winchester-fabryk. (Dat wie eins gjin karabyn yn 'e wiere sin fan it wurd: in ferkoarte foarm fan in oarspronklik gewear.) Under de oarloch makke it fabryk ek de M1 Garand, in rûnom brûkt standertgewear foar de lânmacht. Nei de oarloch wie it de earste boargerlike produsint fan it M14-gewear.

In feroaring yn it management by Olin Industries yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren late yn 1964 ta in wiidweidich en ûnder gewearleafhawwers tige kontroversjeel werûntwerpen fan alle Winchester-gewearen. Sadwaande wurdt 1964 troch in protte saakkundigen beskôge as it jier dat de 'echte' Winchester ophold te bestean, hoewol't de merknamme ek dêrnei noch oan in soad produkten ferbûn bleau, lykas de Winchester Model 9422, dy't yn 1972 op 'e merk kaam.

De stiging fan 'e arbeidskosten yn 'e 1960-er en 1970-er jierren en in lange, bittere staking yn 1979-1980 oertsjûge de direksje fan Olin Industries derfan dat it meitsjen fan gewearen yn it fabryk yn New Haven net mear rindabel wie. Yn desimber 1980 waard it fabryk ferkocht oan de wurknimmers, dy't ûnder de namme U.S. Repeating Arms Company in koöperaasje foarmen om it bedriuw draaiende te hâlden. Olin joech in lisinsje út, sadat de produksje fan Winchesters yn it fabryk trochgean koe. Yn 1989 gie de U.S. Repeating Arms Company lykwols oer de kop. It fabryk waard doe oankocht troch in Frânske holding, dy't it trochferkocht oan de Groupe Herstal, in Belgyske fjoerwapenfabrikant dy't ek it Fabrique Nationale d'Herstal (FN) en de Browning Arms Company yn besit hie. De produksje yn New Haven gie noch goed fyftjin jier troch, oant yn 2006 it doek definityf foel en it fabryk tichtgie.

De Winchester Model 1873, ien fan 'e meast ferneamde en populêrste modellen fan it Winchester-gewear.

Datselde jiers makke de Olin Corporation bekend dat der in linsinsje-oerienkomst berikt wie mei Browning, om yn Morgan (Utah) de produksje fan Winchester-gewearen fuort te setten. Yn 2008 kundige FN oan dat de Winchester Model 70 wer yn produksje gean soe yn syn fabryk yn Columbia (Súd-Karolina). Yn 2010 giene de Winchester Model 1885 Ienskotsgewear, de Winchester Model 1886 en de Winchester Model 1892 wer yn produksje by de Japanske Miroku Corporation, wêrnei't Browning de folsleine produksje ymportearre nei de Feriene Steaten. In stikmannich gewearhimmelsets, Sineeske optearmessen, beskaat ark en oare assessoires wurde no ek ûnder de merknamme Winchester ferkocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.