Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 10
Ultrafiolet of ultrafiolette strieling (ynternasjonaal ôfkoarte ta UV, fan ultraviolet) ferwiist nei in diel fan it elektromagnetysk spektrum mei in weachlingte dy't fariëarret fan 10 oant 400 nm. Dy weachlingte is koarter as sichtber ljocht, mar langer as röntgenstrieling. Ultrafiolet grinzget sadwaande oan 'e kleur fiolet yn 'e 'ûnderste' útein fan it foar minsken sichtbere ljochtspektrum, krekt sa't ynfraread grinzget oan 'e kleur read yn 'e 'boppeste' útein. Ultrafiolette strieling makket ûnderdiel út fan it sinneljocht, dêr't it foar likernôch 10% oan bydraacht. It wurdt ek keunstmjittich produsearre by it laskjen en troch spesjalisearre lampen, lykas kwikdamplampen, hichtesinnen en blacklights. Ultrafiolet ljocht hat sawol skealike as heilsume effekten op it libben op 'e Ierde.