Ex officio

Ut Wikipedy

De term ex officio is in Latynske oantsjutting foar "út reden fan jins amt". It is in juridyske omskriuwing foar it útoefenjen fan in funksje om't dat diel útmakket fan in oare funksje dy't men ferfollet. Letterlik betsjut ex officio "út it kantoar wei". It gebrûk fan 'e term giet tebek oant de Romeinske Republyk, yn 'e twadde helte fan it earste milennium f.Kr. In bekend foarbyld fan in ex officio-funksje is dat fan âlds de greven fan Foix en de biskoppen fan Urghel mienskiplik de prinslike macht útoefenen oer Andorra. De greeflike weardichheid fan Foix ferfoel letter oan 'e keningen fan it Keninkryk Frankryk, en gie nei de Frânske Revolúsje fan 1789 oer op alle neifolgjende Frânske steatshaden. Fan gefolgen is ek de hjoeddeistige presidint fan 'e Frânske Republyk ex officio ko-prins fan Andorra.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.