Winchester Model 1866

Ut Wikipedy
Winchester Model 1866
algemiene ynformaasje
offisjele namme Winchester Model 1866
nasjonaliteit Amerikaansk
type wapen gewear
tsjinstskiednis
brûkt troch Frankryk
Osmaanske Ryk
tsjinstwapen 1870 – ±1885
konflikt(en) Am. Yndiaanske oarloggen
Frânsk-Dútske Oarloch
Russysk-Turkske Oarl. (1877)
ûntwerpskiednis
ûntwerper Nelson King
ûntwurpen 1866
fabrikant Winchester Repeating
   Arms Company
yn produksje 18661898
oantal prod. krapoan 160.000
farianten gewear, karabyn, 'musket'
spesifikaasjes
lingte 110 sm

De Winchester Model 1866 is in model hefboomladend repeteargewear fan 'e Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company, dat foar it earst op 'e merk brocht waard yn 1866. It wie in ferbettere ferzje fan it Henry-gewear út 1860. Fanwegen it opfallende gielich metalene frame fan it laadmeganisme krige de Winchester Model 1866 de bynamme Yellow Boy. It fjoerwapen waard brûkt troch de legers fan Frankryk en it Osmaanske Ryk. Hoewol't yn 1873 in moderner model Winchester-gewear beskikber kaam, gie de produksje fan 'e Winchester Model 1866 fanwegen oanhâldende fraach troch oant 1898. Dat kaam om't it in betrouber wapen wie dat in stik goedkeaper wie as syn fan in stielen frame foarsjoene opfolgers.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Volcanic Repeating Arms Company waard yn 1855 yn Norwich (Konettikut) oprjochte troch Horace Smith en Daniel B. Wesson, mei jild fan in stikmannich ynvestearders. De grutste oandielhâlder wie sakeman Oliver Winchester. Smith en Wesson ferlieten it bedriuw lykwols allebeide al binnen in jier en foarmen neitiid tegearre de Smith & Wesson Revolver Company. Volcanic ferhuze yn 1856 nei New Haven, mar gie oan 'e ein fan dat jier oer de kop. De hiele ynboel waard opkocht troch Oliver Winchester, dy't it bedriuw yn april 1857 in trochstart meitsje liet as de New Haven Arms Company.

De haadwapensmid fan Volcanic, Benjamin Tyler Henry, dy't mei oergien wie nei it nije bedriuw, ûntwikkele neitiid op basis fan earder wurk fan Smith foar Volcanic it .44 Henry-patroan. Hy hie ek it tafersjoch oer it folslein op 'e nij besjen fan it ûntwerp fan it Volcanic-gewear, dat inkeld de algemiene foarm fan it efterladend meganisme en it buisfoarmige magazyn behold. Sa ûntstie it Henry-gewear, dat yn 1860 troch de New Haven Arms Company op 'e merk brocht waard. It waard yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) yn oansjenlike oantallen brûkt troch beskate ienheden fan it (Noardlike) Leger fan 'e Uny.

Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch neamde Winchester de New Haven Arms Company om ta de Winchester Repeating Arms Company. Foar dat bedriuw ûntwurp wapensmid Nelson King in ferbettere ferzje fan it Henry-gewear, dat it earste model fan it Winchester-gewear waard, de Winchester Model 1866. It wapen behold it .44 Henry-patroan as munysje en ek it gielich metalene frame fan it laad- en sjitmeganisme, mar it hie in ferbettere magazyn en in houten foarearm (dy't de loop oan 'e ûnderkant ûnderstipet). Dat hie as foardiel dat men jin net oan 'e loop brânde as dy hjit waard troch oanhâldend sjitten.

De Winchester Model 1866 wie in betrouber gewear dat al rillegau tige populêr waard. It tsjinne as it persoanlike wapen fan in protte partikuliere Amerikanen ûnder de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen, ek nei't der ferbettere modellen fan it Winchester-gewear beskikber kamen. Frankryk kocht ûnder de Frânsk-Dútske Oarloch (1870-1871) 6.000 eksimplaren fan it wapen oan, mei dêropta 4,5 miljoen .44 Henry-patroanen.

It Osmaanske Ryk kocht yn 1870 en 1871 45.000 Winchester Model 1866-gewearen en nochris 5.000 Winchester Model 1866-karabinen. Dy waarden brûkt yn 'e Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878) en besoargen de troepen fan it Keizerryk Ruslân in ferfelende ferrassing doe't de Turken harren by it Belis fan Plevna folle gruttere ferliezen tabrochten as oarsom, wylst de Russen folle manmachtiger wiene. De Russyske soldaten moasten har lykwols doedestiden noch behelpe mei ienskots Krnka- en Berdan-gewearen. De yntroduksje fan it repeteargewear by harren fijân soarge nei de oarloch foar de ûntwikkeling fan in nij Russysk gewear, de Mosin-Nagant, dat de Winchester yn effektiviteit belykje koe.

It leger fan Switserlân soe ek mei Winchesters Model 1866 tarist wurde om harren ienskots Milbank-Amsler-gewearen te ferfangen. Troch politike omtinkens waard lykwols ynstee keazen foar de lânseigen Vetterli Model 1867, in skoattelladend repeteargewear dat gebrûk makke fan in kopy fan it buismagazyn fan 'e Winchester Model 1866.

Fanwegen oanhâldende fraach nei de Winchester Model 1866 gie de produksje fan dat gewear troch oan 1898 en waard it oant yn 1899 (nij) ferkocht. Dat kaam om't it model betrouber wie, en dochs in stik goedkeaper as de lettere modellen Winchester, dy't foarsjoen wiene fan in stielen frame. Yn totaal waarden krapoan 160.000 eksimplaren fan 'e Winchester Model 1866 makke.

In Winchester Model 1866-karabyn.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Winchester Model 1866 stie bekend om 'e opfallende, gielige kleur fan it frame fan syn laad- en sjitmeganisme. Dat wie makke fan in legearing fan brûns en gielkoper dy't gunmetal ("gewearmetaal") neamd waard. It smiet it gewear de bynamme Yellow Boy ("Giele Jonge") op. It laadmeganisme fan it wapen makke, krekt as de lettere Winchesters, gebrûk fan hefboomwurking, wêrby't men de wiisfinger yn 'e trekkerbûgel hold, wylst men mei de oare trije fingers yn in bykommende, langwerpiger bûgel siet: de hefboom.

Nei't men sketten hie, beweegde men de hefboom omleech en fan jin ôf en dan wer omheech en nei jin ta, wêrmei't in nij patroan yn 'e keamer brocht waard. Sa koe men ferskate kûgels ôffjurje ear't men hoegde te werladen. De laadpoarte siet oan 'e sydkant fan it gewear, en it magazyn wie hielendal ticht en foar in diel oerdutsen mei de houten foarearm ûnder de loop. De Winchester Model 1866 waard yn trije konfiguraasjes levere: as gewear (mei in looplingte fan 24 inch = 60,96 sm), as karabyn (mei in looplingte fan 20 inch = 50,80 sm) en as 'musket' (mei in looplingte fan 27 inch = 68,58 sm).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.