Springe nei ynhâld

Winchester Model 1873

Ut Wikipedy
Winchester Model 1873
algemiene ynformaasje
offisjele namme Winchester Model 1873
nasjonaliteit Amerikaansk
type wapen gewear
tsjinstskiednis
konflikt(en) Am. Yndiaanske oarloggen
ûntwerpskiednis
ûntwurpen 1873
fabrikant Winchester Repeating
   Arms Company
yn produksje 18731919
oantal prod. >720.000
farianten gewear, karabyn, 'musket'
spesifikaasjes
gewicht 4,3 kg
lingte 125,2 sm (loop: 76,2 sm)

De Winchester Model 1873 is in model hefboomladend repeteargewear fan 'e Amerikaanske Winchester Repeating Arms Company, dat foar it earst op 'e merk brocht waard yn 1873. It wie in modernisearre ferzje fan it earste model Winchester, de populêre Winchester Model 1866. De Winchester Model 1873 woeks út ta in noch folle súksesfoller fjoerwapen, dat in grutte rol spile by de kolonisaasje fan it Wylde Westen. It gewear krige sadwaande de bynamme "The Gun that Won the West". Ek oardel iuw letter is de Winchester Model 1873 (of Winchster '73, sa't er ek wol neamd wurdt) noch altyd in kultureel ikoan fan 'e Feriene Steaten.

De Winchester Model 1873 boude fierder op 'e technyk (en de goede reputaasje) fan 'e Winchester Model 1866. It gewear waard yn 1873 op 'e merk brocht troch de Winchester Repeating Arms Company út New Haven, en wie oarspronklik inkeld geskikt om laden te wurden mei .44-40-patroanen. Lettere ferzjes waarden sa oanpast dat der (fan 1879 ôf) ek .38-40- en (fan 1884 ôf) .32-20-patroanen mei fersketten wurde koene. Dat wiene doedestiden allegearre populêre soarten munysje foar revolvers, sadat fjoerwapenbesitters mar ien soarte munysje by har hoegden te hawwen, dy't yn al harren wapens paste.

Fanwegen problemen mei it ynbringen fan dat soarte munysje yn 'e keamer, waard de oarspronklike Winchester Model 1873 nea oanpast om laden te wurden mei it .45 Colt-patroan, dat doedestiden de militêre standert wie. In stikmannich moderne reproduksjes kinne dat soarte patroan wol oan. Omreden fan 'e populariteit fan 'e Winchester Model 1873 brocht Colt's Manufacturing Company op in stuit in ferzje fan 'e Colt .45 Single Action Army-revolver út, it saneamde Frontier Model, dat geskikt wie om mei .44-40-patroanen laden te wurden.

Om it prestiizje fan 'e Winchester Model 1873 te fergrutsjen, begûn de Winchester Repeating Arms Company yn 1875 mei it One of One Thousand-projekt ("Ien op 'e Tûzen"). Lopen dy't útsûnderlike goed slagge wiene en sadwaande ûngewoan lytse groepearrings fan skotten produsearren, waarden tarist mei bysûndere trekkers en in spesjale fersiering fan it wapen. Se waarden neitiid ferkocht foar de priis fan $100, wat yn 'e njoggentjinde iuw in fermogen wie. In twadde gradaasje wapens fan itselde projekt waard foarme troch de One of One Hundreds ("Ien op 'e Hûndert"), dy't foar $20 oer de toanbank giene waarden. Yn totaal waarden der likernôch 136 One of One Thousands ferkocht, en mar acht fan 'e One of One Hundreds, wat sokke wapens tsjintwurdich by sammelers tige populêr (en djoer) makket.

De Winchester Model 1873 wie as betelber en dochs betrouber wapen fan 'e 'gewoane man' fan krúsjaal belang foar de kolonisaasje fan it Wylde Westen troch de blanken oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw. It krige sadwaande de bynamme "The Gun that Won the West", it "Gewear dat it Westen Wûn" ("wûn yn 'e sin fan "ferovere"). De Winchester Model 1873 bleau 46 jier yn produksje, oant 1919. Yn totaal waarden der yn dy tiid mear as 720.000 eksimplaren fan it wapen makke. Krapoan in iuw letter waard de Winchester Model 1873 yn 2013 op 'e nij yn produksje nommen troch de Amerikaanske Olin Corporation, de rjochtsopfolger fan 'e Winchester Repeating Arms Company.

It hefboommeganisme fan in Winchester Model 1873 yn aksje.

It frame fan it laad- en sjitmeganisme fan 'e Winchester Model 1873 wie oarspronklik fan izer, mar fan 1884 ôf fan stiel. Fan bûtenôf wie dat it grutste ferskil mei de Winchester Model 1866, dy't in gielich frame hie dat makke wie fan in legearing fan brûns en gielkoper dy't gunmetal neamd waard. By de earste ferzje fan 'e Winchester Model 1873 (searjenûmers 1 oant rûchwei 31.000) hat it frame oan beide sydkanten in skreef om it stofklepke fêst te hâlden dat derfoar soargje moat dat der gjin stof yn it meganisme komt. By de twadde ferzje (searjenûmers 31.000 oant 90.000) is it stofklepke oan wjerskanten fêstset mei twa skroefkes. By alle lettere ferzjes is it stofklepke in yntegraal ûnderdiel fan it frame ynstee fan in losse tafoeging.

De Winchester Model 1873 waard makke as gewear (offisjeel oanpriizge as 'sportgewear'), mei in achthoekige of heal-achthoekige loop fan 24 inch lang (= 60,96 sm); as karabyn, mei in rûne loop fan 20 inch lang (= 50,80 sm); en as 'musket', mei in rûne loop fan 30 inch lang (76,20 sm). De hânsume karabyn wie it populêrst, wylst it bombidige musket mar 5 oant 10% fan 'e hiele produksje útmakke.

De nije Winchester Model 1873-reproduksjes, dy't sûnt 2013 makke wurde, hawwe allegear in rûne loop mei in lingte fan 20 inch (= 50,80 sm), en binne geskikt makke om laden te wurden mei .357 Magnum- en .38 Special-patroanen. De reproduksjes binne frijwol identyk oan 'e orizjinele Winchester Model 1873, oan 'e healmoannefoarmige kolfplaat en it ferskobere stofklepke ta. Der binne lykwols twa modifikaasjes trochfierd, dy't allebeide mei befeiliging fan 'e brûker te krijen hawwe: der is in sjitpinne tafoege dy't it sjitmeganisme blokkearret sadat it gewear op gjin inkele wize ôfgean kin sûnder dat de trekker oerhelle wurdt, en it útsmytmeganisme is oanpast sadat ferketten patroanhulen by de sjitter wei smiten wurde.

Yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e popkultuer spilet de Winchester Model 1873 bgl. in wichtige rol yn 'e westernfilm Winchester '73, út 1950, mei yn 'e haadrol Jimmy Stewart.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.