Pauline Markham

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Pauline Markham
Filmklapper.png akteur
Pauline Markham omtrint 1890.
Pauline Markham omtrint 1890.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Margaret Hall of Margaret Hale
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne maaie 1847
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 20 maart 1919
stjerplak New York (New York)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
jierren aktyf ±18601898
offisjele webside
n.f.t.

Pauline Markham (útspr.: [pɔ:'li:n 'mɑ:(ɹ)kəm], likernôch: "pô-liin maa(r)-kum"; berne as: Margaret Hall of Margaret Hale; Londen, maaie 1847New York, 20 maart 1919) wie in Britsk-Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse fan Ingelsk komôf. Hja wie benammen aktyf as burlesque- en vaudeville-artyste. Markham sette har karriêre yn Manchester útein mei it spyljen fan bernerollen en makke yn 1867 har debút op it Londenske toaniel. In jier letter gie se nei Noard-Amearika as in lid fan it toanielselskip British Blondes, dat de Fiktoriaanske foarm fan burlesque yn 'e Feriene Steaten yntrodusearre. Yn Amearika hie Markham ferskate jierren fenomenaal súkses, wêrnei't har karriêre yn it neigean rekke en oer in perioade fan krapoan tritich jier almar fierder ynsakke.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Markham waard yn 1847 berne yn 'e Britske haadstêd Londen as Margaret Hall of Margaret Hale. Dy namme liet se lykwols al rillegau efter har doe't se op jonge leeftyd úteinsette mei it spyljen fan bernerollen (benammen jongesrollen) yn it Princess Theatre yn Manchester. Op 15 novimber 1867 makke Markham har debút op it Londenske toaniel yn it Queen's Theatre mei de rol fan Rose yn it toanielstik The First Night, fan Alfred Wigan. Ein juny 1868 spile se yn dyselde skouboarch yn in oar stik fan Wigan, Time and the Hour, wêroer't ien teäterkritikus skreau: "It is beslist net goed en beslist net min." It wie yn dyselde snuorje dat Markham yn Londen sjonglessen folge by Manuel García, oan 'e Royal Academy of Music.

Pauline Markham omtrint 1870.

Nei Amearika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e simmer fan 1868 reizge Markham as lid fan it toanielselskip British Blondes, fan Lydia Thompson, nei New York ta. Op 28 septimber iepene yn Wood's Museum, oan Broadway by 30th Street, harren stik Ixion, Or: The Man at the Wheel. Dêrmei yntrodusearren se de Fiktoriaanske foarm fan burlesque yn 'e Feriene Steaten, in foarm fan teäter wêrby't de aktrises in foar dy tiid ûnfatsoenlik soad bleate hûd fan 'e earms en fral de skonken sjen lieten. It wie fierders in teäterfoarstelling mei sang en dûns, dy't tsjintwurdich in musical neamd wurde soe. Markham spile yn Ixion de rol fan 'e goadinne Fenus, dy't ferlaat wurdt troch kening Ixion (spile troch Thompson). It stik waard, ynkl. sawol matinees en jûnsfoarstellings, 102 kear opfierd foar't it doek definityf foel op 26 desimber 1868.

Fan febrewaris 1869 ôf spile Markham in rol yn it stik The Forty Thieves, in burlesque-ferzje op 'e planken brocht troch de British Blondes fan it Arabyske mearke Ali Baba en de Fjirtich Rôvers. Ek dat stik rûn tige lang, diskear yn Niblo's Garden. Yn augustus 1869 spile Markham yn it Union Square Theatre (doe it Grand Theatre Tammany) de haadrol fan Florizel yn it stik The Queen of Hearts, Or: Harlequin, the Knave of Hearts, that Stole the Tarts, and the Old Woman Who Lived in the Shoe. Yn oktober fan dat jier makken de Amerikaanske kranten der gewach fan dat Markham troch goede ynvestearrings in fortún fertsjinne hie op Wall Street. Se fertsjinne op dat stuit boppedat mear as $150 wyks, wylst in akteur mei ûnderfining yn dy tiid útgean mocht fan in ynkommen fan $50 wyks.

Begjin oktober 1870 iepene Markham mei de British Blondes yn in burlesque-ferzje fan 'e opera Lurline yn it Wood's Theatre. Alve dagen letter, op 28 oktober, rekke se lykwols slim ferwûne by in ferkearsûngemak mei in rydtúch op Harlem Street. Har tastân wie sa earnstich dat ien krante al ferslach fan har ferstjerren die. Nei in relatyf koarte perioade fan opbetterjen joech Markham har lykwols wer by de British Blones doe't dy yn desimber yn Niblo's Garden in revival fan it stik The Black Crook op 'e planken brochten.

Markham om 1870 hinne, yn har rol as de feeëkeninginne Stalacta, yn it toanielstik The Black Crook.

Yn The Black Crook[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Black Crook wie in musical oer in Ingelske liddichgonger dy't ûntdekt dat er fan aadlik komôf is en beslút om syn libben te betterjen. It waard foar it earst yn Niblo's Garden opfierd yn 1866, doe't der mear as trijehûndert foarstellings fan op 'e planken brocht waarden. Markham spile yn it stik de feeëkeninginne Stalacta, en dat waard har meast ferneamde rol. Se rekke der sa mei lykslein, dat neitiid ferskate publisisten har foutyf as lid fan 'e oarspronklike cast út 1866 neamden. De revival hold it 122 foarstellings lang fol en soe noch ferskate kearen nei New York weromkeare. De British Blondes giene der ek mei toernee nei oare Amerikaanske stêden. Yn dy tiid wie it net ûngewoan dat Markham nei ôfrin fan 'e foarstelling boeketten blommen fan manlike bewûnderders krige dy't behongen wiene mei juwiellen.

The Black Crook, wêryn't aktrises spilen yn fleiskleurige majo's fan side, wurdt wol beskôge as it begjin fan wat 'it tiidrek fan 'e skonkeshow' neamd is. Net eltsenien wie dêr wiis mei, en doe't de British Blondes Chicago oandiene, printe Wilbur F. Storey, de haadredakteur fan 'e Chicago Times, in haadartikel yn syn krante ôf wêryn't er de flier oanfage mei harren optreden. Oan 'e ein fan 'e middeis dyselde deis, doe't er fan syn kantoar ûnderweis nei hûs wie, waard Storey op 'e strjitte oanholden troch Lydia Thompson, Pauline Markham en dhr. Henderson, dy't de manager fan 'e British Blondes wie. Thompson helle út 'e tearen fan har rok in koarte swipe foar 't ljocht, wêrmei't se de argeleaze kranteman in pak op 'e hûd begûn te jaan. Doe't Storey de hannen omheech die om 'e slaggen ôf te warjen, ûntnadere Markham de swipe oan Thompson en begûn sels op Storey yn te slaan oant se oermastere waard troch foarbygongers. It trijetal waard arrestearre en bekende skuld oan mishanneling. Markham krige in boete fan $150 oplein en Thompson en Henderson allebeide ien fan $200.

Yn 1871 publisearre Markham it autobiografyske wurk The Life of Pauline Markham. Dêrfoar krige se help (as ghostwriter, soe men tsjintwurdich sizze) fan teäterkritikus Richard Grant White, dy't Markham har sjongkeunst omskreau as "fokaal ferwiel" en har earms as "de ferlerne earmen fan 'e Venus de Milo." Yn 1872 spile Markham yn it Wood's Museum mei Belle Howitt yn burlesque-produksjes fan Who Cried for the Rain, Red Riding Hood, The Three Musketeers en oare stikken, wêrûnder ek guon dy't se earder opfierd hie mei Thompson en de British Blondes. It jiers dêrop gie se mei har eigen toanielselskip op toernee mei it stik Golden Butterfly. Yn 'e hjerst fan 1873 stie se wer op 'e planken yn Niblo's Garden mei The Black Crook.

Earste houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein novimber 1873 ferskynden der berjochten yn 'e kranten dat Markham temûk troud wie mei in Randolph M. McMahon, in eardere Konfederearre ofsier mei in rang dy't ôfhinklik fan 'e boarne útinoar rûn fan kolonel oant generaal-majoar. In pear dagen earder wie Markham net opdaagjen kommen foar in foarstelling fan The Black Crook yn Niblo's Garden. Letter kaam oan it ljocht dat se dy jûns mei McMahon útnaaid wie om 'e plysje te ûntrinnen dy't him socht fanwegen in ekstravagante en ûnbetelle hotelrekken. Markham en McMahon bleaune, neffens de sporadyske krante-artikels dy't dêroer berjochten, teminsten fiif jier byinoar. McMahon fefolle yn dy tiid de rol fan Markham har manager. Jierren neitiid soe Markham fertelle dat McMahon har mishannele en dat er sa oerhearskjend wie dat er har ferbea om mear as 25 sint yn 'e wike út te jaan oan iten.

Markham om 1870 hinne, yn har rol as de feeëkeninginne Stalacta, yn it toanielstik The Black Crook.

Oer it hichtepunt hinne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1874 fersoarge Markham privee-optredens as sjongster yn New Orleans en tsjin 'e simmer fan 1875 wie se werom yn har berteplak Londen, dêr't se yn it Haymarket Theatre mei as tsjinspiler Charles Wyndham yn it toanielstik Brighton spile. Se wurke ek mei oan Dancing Dolls, in fariëtee dat yn augustus 1876 yn it Globe Theatre opfierd waard, foar't se yn 1877 wer nei de Feriene Steaten ôfreizge om dêr op toernee te gean mei it burlesque-selskip fan Adah Richmond. Yn 'e hjerst fan 1877 spile Markham yn Howard's Athenaeum yn Boston yn inkele serieuze toanielstikken: earst fertolke se de rol fan Fanny Vanderbilt yn The Charity Ball, en letter wie se te sjen yn in toanielproduksje fan Robin Hood.

Yn febrewaris 1878 wie Markham neffens berjochten yn 'e kranten belutsen by in skandaal dat draaide om 'e eardere gûverneur fan Súd-Karolina, dy't frauduleuze obligaasjes útjûn hie. Markham ûntstried yn in fraachpetear dat se dêr wat mei te krijen hie en hold fierders út dat se kunde hie oan gjinien fan 'e manlju dy't yn ferbân mei it skandaal yn 'e kranten neamd waarden. Yn 1879 gie Markham mei har eigen toanielselskip oer toernee troch it Wylde Westen mei it stik H.M.S. Pinafore, Or: The Lass That Loved a Sailor. Josephine Sarah Marcus, dy't letter oer de putheak troud wie mei de ferneamde marshal Wyatt Earp, bewearde neitiid dat se lid west hie fan it toanielselskip fan Markham en dat se dêrmei yn desimber 1879 yn Tombstone (Arizona) oankommen wie. Histoarisy hawwe foar dy bewearing gjin bewiis fine kinnen, mei't har namme net foarkomt op 'e listen fan spylsters fan Markham har selskip.

Twadde houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1883 wertroude Markham mei Randolph Murray, in akteur en manager dy't earder yn it Britske Leger tsjinne hie. Hy gie oer de side, wat nei't it skynt feroarsake wie troch in skotwûne (wêrfan't de kûgel noch yn syn skonk siet), dy't er oprûn hie doe't er yn Britsk-Ynje tsjinne. Hy wie koart nei 1870 yn 'e Feriene Steaten bedarre en dêr yn Cleveland (Ohio) in karriêre as akteur begûn ûnder de namme W.C. Davenport. Net lang nei it sluten fan syn houlik mei Markham ûntstie der in skandaal doe't de parse ûntdiek dat Murray in earder houlik út 1880 net beëinige hie foar't er mei Markham troude, sadat er bigamy begien hie. Doe't er dêrop oansprutsen waard, hold er út dat er it eardere houlik yn in dronken bui oangien wie, en dat syn breid him nei ien wike al sitte litten hie. Markham bleau by him en spile de folgjende jierren ferskate kearen mei him yn serieuze toanielstikken. Yn 1891 skiede se lykwols fan him, wêrby't se syn ûntrou as reden opjoech.

Delgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Markham omtrint 1870.

Der wurdt rûsd dat Markham ûnder de earste tsien jier fan har karriêre yn 'e Feriene Steaten $250.000 fertsjinne en dêropta sa'n $100.000 oan geskinken ûntfong. It lettere part fan har wurkpaad omfieme noch ferskate hichtepunten, mar net ien dy't oan dy earste tsien jier tippe koe. Boppedat kamen der almar mear djiptepunten, lykas ferskate toernees dy't healwei ôfbrutsen wurde moasten en in manager dy't oan 'e ein fan in toernee útpykte mei de opbringst fan it toanielselskip. Nei ôfrin fan har twadde houlik ferfoel Markham úteinlik ta earmoede en waard yn kranteberjochten ferteld dat se út en troch as skjinmakster wurke en ûnder in skûlnamme figuranteroltsjes oannaam.

As dy berjochten wier binne en net simpelwei rabberij, waard har earmoede teminsten foar in diel feroarsake trochdat se omtrint 1892 har skonk briek doe't se yn Louisville (Kentucky) troch in iepensteand lûk yn it trottoir yn in kelder knoffele. Fiif jier letter wûn se in rjochtsaak tsjin 'e gemeente Louisville dy't se oanspand hie op grûn fan neilittichheid. Se krige doe in skeafergoeding útkeard ter wearde fan $5000. Yn 1897 besocht se in comeback te meitsjen yn 'e vaudeville, de Amerikaanske foarrinner fan 'e musical. Dat besykjen rûn lykwols yn 1898 yn 'e skouboarch fan Tony Pastor op 'e non yn dramatyske rûzjes mei kollega Catherine Dann.

Trêde houlik en lêste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 1900 wie Markham troud mei har trêde man, Adelard Gravel, in Frânsk-Kanadeeske keunstner dy't troch de parse omskreaun waard as "tuskenbeiden wolfarrend". Ein 1905 beswiek Markham neffens de kranteberjochten hast oan in longûntstekking, wêrfan't letter bekend waard dat it eins om in libbensbedriigjend gefal fan 'e mûzels gie. Se bettere lykwols wer op en libben noch fjirtjin jier mei har trêde man. Pauline Markham kaam yn 1919 yn New York te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 71 jier.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.