Tombstone (Arizona)
Tombstone | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Arizona | |
County | Cochise County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.300 (2016) | |
Oerflak | 116,35 km² (ynkl. himrik) | |
Befolkingsticht. | 11,17 / km² | |
Hichte | 1.384 m | |
Oar | ||
Stifting | 1879 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | gjint | |
Koördinaten | 31°42′57″N 110°3′53″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityoftombstone.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Tombstone yn Cochise County en yn 'e steat Arizona. |
Tombstone (Ingelsk foar "grêfstien"; útspr.: ['tu:mstoʊn], likernôch: "tûûm-stoon") is in lyts plak yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Arizona, dat lykwols de status fan stêd hat. It makket diel út fan Cochise County en waard yn 1879 stifte doe't der deunby sulver ûntdutsen waard. Yn minder as sân jier tiid groeide de befolking fan sa'n 100 minsken oant likernôch 14.000. Tombstone waard ferneamd as it plak dêr't de Sjitpartij by de O.K.-Kraal plakfûn. Nei 1886 wie it dien mei de sulverminen en rûn it stedsje leech. Tombstone waard hast in spûkstêd, mar sûnt 1910 groeide de befolking wer in bytsje. Neffens in offisjele skatting út 2016 hie Tombstone doe 1.300 ynwenners. It plak hat syn histoaryske ferneamdens omset yn in libbene toeristyske yndustry.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tombstone is sitewearre op in mesa yn it súdeastlike part fan 'e Amerikaanske steat Arizona, op in hichte fan 1.383 m boppe seenivo. It leit yn 'e delling fan 'e rivier de San Pedro, tusken ferskate berchtmen yn. Oan 'e westkant rize it Huachuca-berchtme en it Whetstone-berchtme op, wylst oan 'e eastkant it Mule-berchtme en it Dragoon-berchtme lizze. De himrik fan Tombstone hat in oerflak fan 11,2 km², dêr't frijwol gjin oerflaktewetter yn te finen is.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stifter fan Tombstone wie de goudsiker Ed Schieffelin, dy't yn súdeastlik Arizona bedarre doe't er koarte tiid as ferkenner foar it Amerikaanske Leger stasjonearre wie yn Fort Huachuca, westlik fan it lettere stedsje. Yn 1877 fûn er sulver yn 'e neite fan it grêf fan in Lenox, en doe't er syn mynclaim registrearje liet, neamde er dy sadwaande 'Tombstone' ("Grêfstien"). Mei finansjele stipe fan Anson P.K. Safford, de doetiidske gûverneur fan it Territoarium Arizona, rjochten Schieffelin, syn broer Al en harren partner Richard Gird de Tombstone Mining and Milling Company op. Hja setten dat bedriuw yn maart 1879 op oan 'e rivier de San Pedro, op krapoan 13 km fan harren sulvermyn. Al rillegau kamen dêr oare sulversikers op ôf, folge troch oare lju, dy't saloons en bordelen opsetten. Op 1 jannewaris 1881 waard it eastlike part fan Pima County ferselsstannige ûnder de namme Cochise County. Tombstone waard fan de nije county it haadplak.
Tombstone woeks út ta ien fan 'e lêste saneamde boomtowns fan 'e Amerikaanske frontier. De befolking woeks oan fan sa'n 100 yn 1879 oant wol 14.000 yn 1886. Twa jier nei de stifting telde it stedsje, hoewol't it fier fan elts sintrum fan bewenning lei, 110 saloons, 14 kasino's, in ûnbeskaat tal dûnshallen en bordelen, 4 tsjerken, 3 kranten, 2 banken, in bowlingbaan, in iishûs, in skoalle en in iissalon. Wylst de mynwurkers en cowboys fertier sochten yn 'e saloons, bordelen en it Bird Cage Theatre, besochten de begoedige boargers yn harren frije tiid de opera yn 'e Schieffelin Hall. Om 'e midden fan 'e 1880-er jierren waard út 'e ferskate sulverminen om Tombstone hinne jiers sa'n $40 oant 85 miljoen oan sulver wûn, wêrmei't it de wichtichste sulverkrite fan Arizona wie.
Under it oerflak woeksen lykwols de spannings oan. De myneigners en de stedsbewenners wiene fierhinne Republikeinen út 'e noardeastlike steaten, wylst de feeboeren, cowboys en in diel fan 'e mynwurkers Demokraten en sympatisanten fan 'e Konfederaasje wiene. Dêr kaam noch by dat in oansjenlik part fan 'e feeboeren en cowboys it net sa nau mei de wet naam en him ek mei bygelyks feedieverij dwaande hold. Tombstone lei mar 48 km fan 'e grins mei Meksiko ôf en wie in iepen merk foar fee dat stellen wie fan boeren yn 'e Meksikaanske steat Sonoara. Ien fan 'e bindes dy't har op sokke dieverij taleine, wie The Cowboys.
Nei't yn 1879-1880 Wyatt Earp en in stikmannich fan syn bruorren yn Tombstone arrivearren, dêr't in tal fan harren plysje-amten bemachtigen, ûntjoech der him in oanboazjend konflikt tusken de Earps en The Cowboys. Dat kaam op 26 oktober 1881 ta útbarsting yn 'e ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal, wêrby't Wyatt Earp, syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday it opnamen tsjin fiif leden fan The Cowboys: de bruorren Frank en Tom McLaury, de bruorren Ike en Billy Clanton en Billy Claiborne. Yn dy sjitpartij waarden Frank en Tom McLaury en Billy Clanton deasketten. Ike Clanton en Billy Claiborne ûntkamen, wylst Virgil en Morgan Earp en Doc Holliday ferwûne rekken. Neitiid namen The Cowboys wraak op 'e Earps. Virgil Earp rekke op 28 desimber 1881 swierferwûne by in oanslach op syn libben, en op 18 maart 1881 waard Morgan Earp deasketten. Wyatt Earp naam dêrnei it rjocht yn eigen hân en gie mei Doc Holliday en ferskate oare meistanners efter The Cowboys oan by wat bekend kaam te stean as de Earp Vendetta Ride. Se deaden fjouwer leden fan 'e binde ear't se de wyk nimme moasten nei Nij-Meksiko.
Yn 'e midden fan 'e 1880-er jierren berikten de sulverminen fan Tombstone it grûnwetternivo. De mynboubedriuwen ynvestearren doe foar kaptalen yn spesjalisearre pompen, wêrmei't se de minen drûchholden. Doe't yn 1886 lykwols it pomphûs troch brân ferwuostge waard, besifere men dat de ynvestearrings dêr't ferlet fan wie om 'e djoere pompen te ferfangen nea wer weromfertsjinne wurde koene. Sadwaande wie it doe ynienen dien mei de sulverminen om Tombstone hinne. Alle mynwurkers teagen fuort, en fanwegen ferlies oan klandyzje pakten in protte ûndernimmers ek op. It plak waard hast in spûkstêd, mar nei't der yn 1900 noch mar 646 ynwenners oer wiene, begûn de befolking wer te groeien. Dat kaam benammen om't Tombstone de funksje fan haadplak fan Cochise County behold oant 1929, doe't by referindum besletten waard om it haadplak te ferpleatsen nei Bisbee.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich driuwt de pleatslike ekonomy fan Tombstone benammen op it toerisme. Neffens in artikel dat yn july 2005 op 'e webside fan CNN pleatst waard, komme der elts jier 450.000 minsken yn Tombstone del (oftewol 300 minsken yn 't jier foar eltse ynwenner fan it stedsje). Der binne yn en om Tombstone dan ek in grut tal hotels en restaurants. Yn 'e beboude kom en de omlizzende krite binne in protte plakken fan histoarysk belang dy't ynteressant binne foar de toeristen, en de countyhaadstêd Bisbee en Sierra Vista, dat it kommersjeel sintrum fan Cochise County is, lizze deunby.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoaryske besjensweardichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wichtichst foar de toeristyske sektor yn Tombstone is it Tombstone Historic District. Dat is in yn âlde steat beholden (of werombrocht) diel fan it plak ter grutte fan trije stedsblokken, dat sûnt 1961 de monumintale status fan in National Historic Landmark District hat. It omfiemet âlde gebouwen dêr't saloons, restaurants en sûvenirwinkels yn húsfêste binne, omjûn troch oerdutsen en houten trotwaars. It sintrum fan it Tombstone Historic District is East Allen Street, in strjitte dy't sletten is foar motorisearre ferkear fan 'e krusing mei 3rd Street, dêr't it park fan Tombstone en de O.K.-Kraal lizze, oant de krusing mei 6th Street, dêr't it Bird Cage Theatre fêstige is. Oare ynteressante lokaasjes binne ferspraat oer en bûten de beboude kom fan Tombstone, wêrûnder it Boot Hill-begraafplak oan 'e autodyk Arizona State Route 80.
Optredens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De histoaryske O.K.-Kraal, oan Fremont Street (de moderne autodyk Arizona State Route 80), dêr't op 26 oktober 1881 de ferneamde Sjitpartij by de O.K.-Kraal plakfûn, is yn 'e âlde steat beholden bleaun, mar wurdt no omjûn troch in muorre. Etalaazjepoppen wurde brûkt om 'e plakken en hâldings wer te jaan fan 'e dielnimmers oan 'e sjitpartij, neffens it tsjûgenis fan Wyatt Earp. It gefjocht waard foarhinne eltse dei om 14.00 oere neispile troch akteurs, mar sûnt april 2013 wurde der deis trije neispilings holden, om 12.00 oere, 14.00 oere en 15.30 oere. Dat kin skoan, want de histoaryske sjitpartij naam eins mar 30 tellen yn beslach. Fierders binne yn Tombstone ek ferskate oare optredens dy't it imago fan it Wylde Westen yn it stedsje libben hâlde moatte. It âldste festival fan Tombstone wurdt foarme troch de saneamde Helldorado Days, dy't ek weromgripe op it Wyldwest-ferline.
Wrâlds grutste roazeplant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In oare publykslûker, hoewol ornaris foar in oare soarte toeristen, is de roas dy't neffens it Guinness Book of World Records de grutste roazeplant fan 'e wrâld is. De Lady Banksia-roas waard yn 1885 yn Tombstone plante troch Mary Gee, de frou fan mynboukundige Henry Gee, in wurknimmer fan Vizina Mining Company. Frou Gee, dy't oarspronklik út Skotlân kaam, wie yn Arizona frijwat ûnwennich, dat doe stjoerde har famylje har in doaze mei woartelstokken fan in roas dy't by har âldershûs groeide. Frou Gee plante de roas by de patio fan it kosthûs fan 'e Vizina Mining Company, dat it earste fan adobemuorren oplutsen gebou yn Tombstone wie, oan 'e krusing fan 4th en Toughnut Street, foar de lettere treinremize oer.
Dat gebou waard letter it Cochise House Hotel, en fan 1909 oant 1936 stie it bekend as it Arcade Hotel. Tsjin 'e 1930-er jierren wie de roazeplant sa grut wurden dat er de hiele patio beskade, en wie it dêrmei letterlik útgroeid ta in ynteressante attraksje foar toeristen. Yn 1940 besloech de roazeplant in oerflak fan 370 m². Om dêr de klam op te lizzen waard it hotel yn 1936 omneamd ta de Rose Tree Inn ("Roazebeamherberch"). Tsjintwurdich hjit de herberch it Rose Tree Inn Museum. De roazeplant groeit yn in iepen plak yn it binnenste fan it gebou, en der moat yntree betelle wurde om him te besjen. Neffens de konservator stamje alle oare Lady Banksia-roazen yn 'e Feriene Steaten fan dizze plant ôf. Yn 2014 besloech de plant in oerflak fan 740 m² en hie de stam in omtrek fan 3,7 m.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk hie Tombstone om 1886 hinne it heechste ynwennertal ea, doe't de befolking sa'n 14.000 minsken berûn. It tichtgean fan 'e sulverminen soarge derfoar dat it plak suver in spûkstêd waard, mei noch mar 646 ynwenners yn 1900. Neitiid gie it ynwennertal omheech oant krapoan 1.600 yn 1910, wêrnei't it wer omleech gie oant der yn 1940, oan 'e ein fan 'e Grutte Depresje, noch mar 822 minsken yn Tombstone wennen. Yn 1960 wie de befolking mei krapoan 1.300 wer boppe de tûzen útkommen. Dêromtrint bleau it neitiid hingjen, mei noris in pear hûndert minsken mear en dan wer mei in pear hûndert minsken minder. Yn 2000 waard mei goed 1.500 minsken in nei hichtepunt berikt, mar neitiid sakke it ynwennertal wer.
Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Tombstone yn 2016 in befolking fan persiis 1.300 minsken. Dat is 5,8% minder as yn 2010, doe't der noch 1.380 ynwenners wiene. De befolkingstichtens bedroech yn 2016 11,3 minsken de km², mar dat is rekkene oer de hiele himrik fan Tombstone en net inkeld de beboude kom.
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Tombstone 23,3% âlder as 65 jier en 19,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 32,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 17,4% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 22,6% fan 'e leeftydskategory fan ûnder de 18 jier. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 63,5% blanken; 24,1% Latino's; 1,0% Yndianen; 0,6% swarten; 0,3% Aziaten; 10,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Stoarn yn Tombstone
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Billy Clanton (1861-1881), bandyt
- Frank McLaury (1849-1881), bandyt
- Tom McLaury (1853-1881), bandyt
- Billy Claiborne (1860-1882), bandyt
- Morgan Earp (1851-1882), plakferfangend marshal
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tombstone hat in steppeklimaat, mei trije seizoenen: fan oktober oant en mei maart in winter mei mylde dagen en kâlde nachten; fan april oant en mei juny in simmer mei ekstreme drûchte en gleonhjit waar; en fan july oant en mei septimber de moesson, mei rein en gleonhjit waar. Yn juny, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 34,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 15,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 44,4 °C op 4 july 1989 en –16,1 °C op 8 desimber 1978. Tombstone kriget jiers trochinoar mar 359 mm delslach, dy't benammen yn it moessonseizoen falt yn 'e foarm fan rein. Sniefal komt suver nea foar.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|