Kasino

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kasino's)
The Strip, yn Las Vegas, dêr't de grutte kasino's steane.

In kasino (fan it Italjaanske wurd foar "lyts hûs"), gokhal of gokpaleis is in útgeansgelegenheid dy't wijd is oan gokken. Besikers kinne der jild ynsette op û.m. gokautomaten en tafelspullen as rûlette, faro, dobbeljen en ienentweintigjen. Faak binne der ek tafels oanwêzich dêr't de gasten mei-inoar pokerje of bakkarat spylje kinne. In romte dêr't mar ien, faak ienfâldich, kânsspul oanbean wurdt, is gjin kasino, mar wurdt ornaris nei it oangeande spul ferneamd (bgl. in automatehal of in bingohal).

Yn in kasino is de oanklaaiïng en ôfwurking fan 'e romte yn 'e regel tige lúks, en binne der spesjale, yn oerstrûper en sjilet mei flinterstrikje klaaide meiwurkers (krûpiers) dy't de tafelspullen liede. Fierders is der ek in bar dêr't men drankjes en mooglik oare fersnaperings bestelle kin. Grutte kasino's kombinearje har gokfunksje boppedat faak mei in hotel, restaurant en skouboarch, om 'e gasten in sa kompleet mooglike útgeansûnderfining te bieden en harren sa lang mooglik fêst te hâlden. De bedoeling foar de besikers fan in kasino is om har ynset fia it gokspul te fergrutsjen; de bedoeling fan it kasino is om safolle mooglik jild te fertsjinjen oan 'e besikers.

Fruitautomaten yn Atlantic City.

Guon plakken binne ferneamd wurden om har kasino's, wêrûnder Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, Atlantic City, yn Nij-Jersey, Monte Carlo, yn Monako, en Makau, de eardere Portegeeske koloanje op 'e kust fan Sina. Yn Nederlân is it eksploitearjen fan kasino's in oerheidsmonopoalje dat inkeld troch Holland Casino útoefene wurde mei. Yn Karibysk Nederlân en op Kurasau, Arûba en Sint-Marten is de wet oangeande kânsspullen folle frijer.

Yn 2009 waard der mei it eksploitearjen fan kasino's wrâldwiid $100.481.000.000 fertsjinne, wêrfan mear as de helte (rom $57 miljard) yn 'e Feriene Steaten. Fan 'e ôfsûnderlike stêden fertsjinne Makau it meast (krapoan $15 miljard), folge troch Las Vegas (rom $10 miljard) en op it trêde plak Atlantic City (hast $4 miljard).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.