Springe nei ynhâld

Side (tekstyl)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Side (stof))
Kokon fan de siderûp (bombyx mori)
Sidefabrikaazje yn Khotan

Side is in natuerlike substânsje dy’t ôfskieden wurdt troch beskate ynsekten en dy’t stjurret at it kontakt makket mei lucht. It meast bekend is it produkt fan de siderûp (Bombyx mori); dy heart ta de oarder fan de Lepidoptera of schubvleugeligen. Der binne ek bepaalde spinnen dy’t gaadlik binne foar de sidetylt. De rûpen meitsje har kokon fan side, wylst spinnen der harren spinreach fan weve. Ek guon bijen, ealjebijen en eamelders kinne sidetried meitsje

De term side wurdt brûkt foar de natuerlike tekstyltried dy’t de grûnstof is fan 'siden' stoffen. Dy stoffen wurde ek oantsjut mei it wurd ‘side’.

De glinster fan side wurdt feroarsake troch de trijekantige struktuer fan de sidetried dy't as in soarte fan prisma wurket en it ljocht yn fraksjes brekt sadat ferskate kleuren ûntsteane.

Soarten siden stoffen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • rauwe side: side dy’t wol ferve is, mar net sean
  • wylde side: side fan in oar ynsekt as de Bombyx Mori
  • damastside
  • kripside
  • tafside
  • samit
  • dupionside

Museums spesjalisearre yn side: