Springe nei ynhâld

Boise (Idaho)

Ut Wikipedy
Boise
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Idaho
County Ada County
Sifers
Ynwennertal 212.303 (2012)
Oerflak 207,3 km² (ynkl. wetter)
205,5 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.033 / km²
Stêdekloft 616.561 (2010)
Hichte 850 m
Oar
Stifting 1863
Tiidsône UTC-7
Simmertiid UTC-6
Koördinaten 43°36′49″N 116°12′12″W
Offisjele webside
www.cityofboise.org
Kaart
De lizzing fan Boise yn Ada County en yn 'e steat Idaho.

Boise (útspr.: /'bɔisi/) is de haadstêd en teffens it grutste plak fan 'e noardwestlike Amerikaanske steat Idaho. Fierders is it ek it haadplak fan Ada County. Boise leit oan 'e rivier de Boise en is de grutste stêd yn 'e útstrutsen, mar tinbefolke woastynkrite tusken Salt Lake City, yn Utah, en Portland, yn Oregon. Neffens in offisjele skatting út 2012 (basearre op 'e gegevens fan 'e folkstelling út 2010) hie Boise doe goed 212.000 ynwenners. De stêdekloft dy't bestiet út Boise en de beide oare grutste plakken fan Idaho, Nampa en Meridian, hie yn 2010 in befolking fan goed 615.000 minsken. Boise wie yn 2010 kwa befolkingsgrutte de 99ste stêd fan 'e Feriene Steaten, wêrmei't it sûnt 2000, doe't it noch it 105de plak beklaaide, seis plakjes op 'e ranglist opskood wie. Yn it Amerikaanske Noardwesten (de steaten Washington, Oregon en Idaho) is Boise de trêde stêd, nei Seattle, yn Washington, en Portland, yn Oregon.

It is net alhiel dúdlik wêr't de namme fan Boise weikomt, mar it wierskynlikst is dat de stêd neamd is nei de rivier de Boise, in troch beammen omjûne griene streek dy't dwers troch in woastynplato hinne rint. Yn de tweintiger jierren fan 'e njoggentjinde iuw, doe't de earste pelsjagers fan Jeropeesk komôf, dat Frânsk-Kanadezen wiene, yn it gebiet trochkrongen, soene dy't de rivier la Rivière Boisée neamd hawwe, wat "de Beboske Rivier" betsjut. "Boise" soe dan in Ingelsktalige ferbastering fan dy Frânske namme wêze.

It Steatskapitoal fan Idaho.

Yn elts gefal stie de krite al as bekend as Boise, doe't yn 'e 1830-er jierren de Britske Hudsonbaaikompanjy der in fort oanlei. Dat fort, dat Fort Boise neamd waard, stie 64 km bewesten it tsjintwurdige Boise, deunby de grins mei Oregon, op it plak dêr't de rivieren de Boise en de Snake gearfloeie. Yn 'e 1850-er jierren joech de Hudsonbaaikompanjy dat fort op, nei't it Oregon-territoarium (dêr't doedestiden ek Idaho ta hearde) yn 1846 yn Amerikaanske hannen oergien wie. Oanfallen fan 'e lânseigen Yndiaanske folken op kolonisten dy't oer it ferneamde Oregon Trail nei it westen ta teagen, foarmen foar it Amerikaanske Leger lykwols de oantrún om yn 1863 in nij fort yn it gebiet oan te lizzen. Dêrfoar waard it plak útsocht dêr't Boise no leit, om't it Oregon Trail dêr de wegen krúse dy't noardlik nei Idaho City, doedestiden de grutste stêd fan Idaho, en súdlik nei it mynboustedsje Silver City ôfsloegen.

Der ûntstie al daliks in delsetting om it nije Fort Boise hinne, dy't fluch oanwoeks, en in jier letter al, yn 1864, krige Boise de status fan stêd taparte. De earste haadstêd fan it Idaho-territoarium wie Lewiston, yn noardlik Idaho, dat om dy tiid hinne in folle grutter plak wie as Boise. Mar doe't yn 1866 Montana fan Idaho losmakke waard, waard nei in protte strideraasje Boise ta de haadstêd fan it folle behindiger Idaho-territoarium makke.

Besjensweardichheden en oare bysûnderheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei stiet Boise bekend om 'e kuier- en fytstochten dy't men fuort bûten de stêd meitsje kin, en fierders is it ek in topbestimming om te angeljen, swimmen en wyldwetterfarren, en winterdeis te skyen, snowboarden en skyrinnen. Yn 'e stêd sels binne de toeristyske trekpleisters Zoo Boise, de pleatslike dieretún, en it iepenbier akwarium Idaho Aquarium. Boise is it thús fan it honkbalteam de Boise Hawks, it iishockeyteam de Boise Steelheads en it basketbalteam de Idaho Stampede. Fierders stiet Boise ek bekend om 'e etnyske Baskyske mienskip fan likernôch 15.000 minsken (de grutste Baskyske mienskip fan 'e Feriene Steaten), dy't benammen konsintrearre is yn it saneamde "Baskyske Stedsblok" (Basque Block), yn 'e binnenstêd.

It ynwennertal fan Boise groeit stadichoan troch, fan 34.000 yn 1960 nei 75.000 yn 1970, 102.000 yn 1980, 126.000 yn 1990, 186.000 yn 2000, 206.000 yn 2010 en 212.000 yn 2012. Fan 'e befolking fan Boise wie yn 2010 11% âlder as 65 jier en 23% jonger as 18 jier. Fan 'e húshâldings bestie 41% út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, wie dy neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 sa: 86% blanken; 7,1% Latino's; 3,2% Aziaten; 1,5% swarten; 0,7% Yndianen; 5,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

In loftfoto fan Boise.

Stoarn yn Boise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boise hat in steppeklimaat mei fjouwer dúdlike ûnderskate jiertiden, hjitte drûge simmers en kâlde winters. De waarmste moanne is july, mei in trochsneed deitemperatuer fan 32,9 °C, wylst de kâldste moanne desimber is, as it oerdeis yn trochsneed 3,1 °C is. In gemiddelde fan 51 dagen jiers leit de temperatuer boppe de 32 °C, en acht dagen jiers boppe de 38 °C, wylst er winterdeis yn trochsneed trije nachten ûnder de –18 °C dûkt. Rekôrtemperatueren wiene 44 °C op 19 july 1960 en –33 °C op 16 jannewaris 1888. Oer de hiele winter ferdield falt der yn trochsneed 48 sm snie, yn 'e regel by laachjes fan 8 sm of minder.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.