Libretto

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Libretto (Italjaansk foar boekje; is de gongbere beneaming foar it tekstboekje fan in opera, operette, ballet of musical. Yn rommere sin is libretto de tekst, besteande út dialogen en rezjy-oanwizings, dy’t de grûnslach binne fan in teatrale opfiering mei muzyk.

It libretto as printe spyltekst fan de opera waard by de foarstellings oan it publyk te keap oanbean. Yn acht nommen dat de teaterseal lange tiid net fertsjustere waard, koe de tekst ûnder de foarstelling meilêzen wurde.

Tal fan opera’s, dêr de muzyk fan ferlern gien is, bliuwe troch de bredere fersprieding fan it libretto noch bekend. It libretto wurdt noch wolris ûnderwurdearre yn ferhâlding ta de muzyk, wat bliken docht út it feit dat by it neamen fan in opera faak ek de namme fan de komponist neamd wurdt, mar komselden dy fan de librettist. Yn de achttjinde iuw wie dat net altyd it gefal en droech de opera faak de namme fan de librettist as foarnaamste auteur fan it wurk.

Bekende librettisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Italjaanske dichter Pietro Metastasio (1698-1782) stie foar in wichtich part fan de skiednis fan de opera yn de 18e iuw. Syn libretto’s, dêr’t de struktuer ek de foarm fan de opera troch útmakke, waarden tal fan kearen troch komponisten op muzyk set. Yn in soad gefallen tsjinne inselde libretto mear kearen as basis foar in operakomposysje.

Ek Lorenzo da Ponte (1749-1838), opfolger fan Metastasio as hôfdichter yn Wenen, skreau in lange rige libretto’s. Hy is benammen bekend troch syn gearwurking mei Wolfgang Amadeus Mozart, dy’t late ta trije opera's: Le nozze di Figaro (1786), Don Giovanni (1787) en Così fan tutte (1790). Hjirnei komponearre Mozart noch twa opera’s: Die Zauberflöte op in libretto fan Emanuel Schikaneder en La clemenza di Tito op in libretto fan Metastasio. Hy hat dêrnjonken noch mei ferskate oare librettisten oparbeide oan opera’s en Singspiele.

in fruchtber librettist wie Eugène Scribe, dy’t, yn ‘e mande mei de komponist Giacomo Meyerbeer en de teaterdirekteur grand opéra belicheme, in operasjenre dat om 1830 hinne yn Parys ta bloei kaam.

Oare bekende gearwurkings binne dy tusken Arrigo Boito en Giuseppe Verdi en dy tusken Hugo von Hofmannsthal en Richard Strauss.

Guon komponisten skreaune harren eigen libretti. Richard Wagner is ien fan de bekendste, mar ek Hector Berlioz skreau de teksten foar syn opera’s meast sels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: