Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 44
Pauline Markham (útspr.: [pɔ:'li:n 'mɑ:(ɹ)kəm], likernôch: "pô-liin maa(r)-kum"; berne as: Margaret Hall of Margaret Hale; Londen, maaie 1847 – New York, 20 maart 1919) wie in Britsk-Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse fan Ingelsk komôf. Hja wie benammen aktyf as burlesque- en vaudeville-artyste. Markham sette har karriêre yn Manchester útein mei it spyljen fan bernerollen en makke yn 1867 har debút op it Londenske toaniel. In jier letter gie se nei Noard-Amearika as in lid fan it toanielselskip British Blondes, dat de Fiktoriaanske foarm fan burlesque yn 'e Feriene Steaten yntrodusearre. Yn Amearika hie Markham ferskate jierren fenomenaal súkses, wêrnei't har karriêre yn it neigean rekke en oer in perioade fan krapoan tritich jier almar fierder ynsakke.