Kamielen

Ut Wikipedy
Kamielen
In Baktrysk kamiel (Camelus bactrianus).
In Baktrysk kamiel (Camelus bactrianus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
ûnderskift: ylpoatigen (Tylopoda)
boppefamylje: kamieldieren (Cameloidea)
famylje kamieleftigen (Camelidae)
ûnderfamylje: echte kamieleftigen
   (Camelinae)
tûke: echte kamielen (Camelini)
skaai: kamielen (Camelus)
Linnaeus, 1758

De kamielen of kamelen (wittenskiplike namme: Camelus) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e ylpoatigen (Tylopoda), de boppefamylje fan 'e kamieldieren (Cameloidea), de famylje fan 'e kamieleftigen (Camelidae), de ûnderfamylje fan 'e echte kamieleftigen (Camelinae) en de tûke fan 'e echte kamielen (Camelini). Dizze taksonomyske groep omfiemet trije libbene soarten, dy't lânseigen binne yn Noard-Afrika, it Midden-Easten en Sintraal-Aazje. Tsjintwurdich komme kamielen ek yn it wyld yn Austraalje foar, mar dêr binne it eksoaten dy't der troch de minske yntrodusearre binne.

Etymology en Fryske terminology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd 'kamiel' komt fia de âldere foarm kemel fan it Latynske camelus, dat fia it Grykske κάμηλος, kamelos, wer tebekgiet op it Hebriuwske of Fenisyske gāmāl. Yn it Frysk mei men sawol fan 'kamiel' as fan 'kameel' sprekke. Hoewol't yn 'e skriuwtaal oer it generaal de Noardwâldfryske foarm 'kamiel' oanholden wurdt, is yn 'e sprektaal de foarm 'kameel' folle gongberder.[1] Dit is deselde sitewaasje dy't ek by oare Fryske wurden op '-iel' / '-eel' bestiet, lykas 'giel'/'geel' en 'kiel'/'keel'. Fierders is it wurd 'kamiel'/'kameel' yn it Frysk sawol manlik as ûnsidich, en men kin dus sprekke fan 'it kamiel' (of 'it kameel') of fan 'de kamiel' (of 'de kameel').[2][3] In froulik kamiel is in kamielinne.

In dromedaris (Camelus dromedarius).

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne trije libbene soarten kamielen, te witten: de dromedaris (Camelus dromedarius) út it Midden-Easten, Noard-Afrika en de Hoarn fan Afrika; it Baktrysk kamiel (Camelus bactrianus) út Sintraal-Aazje; en it tige bedrige wyld Baktrysk kamiel (Camelus ferus) mei noch inkele lytse populaasjes yn 'e Gobywoastyn fan Mongoalje en noardwestlik Sina. Der bestiet trouwens noch gjin folsleine oerienstimming mank mammalogen oer de fraach oft it wyld Baktrysk kamiel in aparte soarte is, of in ûndersoarte fan it Baktrysk kamiel. Njonken dizze libbene soarten hearre ek ferskate fossile soarten ta it skaai fan 'e kamielen, wêrûnder it resint ûntdutsen Syrysk kamiel (Camelus moreli). Fierders kin de term 'kamiel' ek brûkt wurde om it útstoarne Amerikaansk kamiel (Camelops hesternus) oan te tsjutten, in soarte dy't oant it Pleistoseen yn it westlike part fan Noard-Amearika libbe. Dy heart lykwols taksonomysk net ta it skaai fan 'e kamielen.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It meast opfallende skaaimerk fan kamielen wurdt foarme troch de bulte (by dromedarissen) of de beide bulten (by Baktryske kamielen en wylde Baktryske kamielen), dy't se op 'e rêch hawwe. Foarhinne leaude men dat se dêr wetter yn opsloegen by wize fan oanpassing oan it libben yn 'e woastyn. Tsjintwurdich wit men dat de bulte(n) eins opslachplakken foar fetweefsel binne. Troch dat dêr op te slaan wurdt it isolearjende effekt minimalisearre dat it fet hawwe soe as it op 'e 'normale manear' ûnderhûdsk opslein waard, wat kamielen helpt om yn gleonhjitte klimaten te oerlibjen. In bykommende oanpassing is dat it fetweefsel yn 'e bulte(n) in protte wetter befettet (1 gram foar eltse gram fet), dat frijkomt by it opbrûken fan it fet.

Kamielen libje trochinoar 40 oant 50 jier. In folwoeksen eksimplaar hat in skofthichte fan likernôch 1.85 m en in heechste punt, boppe-oan de bulte(n), fan omtrint 2.15 m. Baktryske kamielen weagje 300 oant 1.000 kg en dromedarissen 300 oant 600 kg. De trochsneed snelheid op 'en draaf is foar dromedarissen 40 km/h en foar Baktryske kamielen 27 km/o. Op topsnelheid kinne kamielen koarte einen oant 65 km/o sprinte.

Dromedariskavalery by in parade fan it Yndiaaske leger.

Fierwei it meastepart fan 'e wrâldpopulaasje fan kamielen, sa'n 94%, bestiet út dromedarissen, wylst Baktryske kamielen likernôch 6% útmeitsje, en wylde Baktryske kamielen in te ferwaarleazgjen persintaazje foarmje. Dromedarissen binne in domestisearre bistesoarte, al bestiet der yn Austraalje, dêr't se as eksoaten troch de minske yntrodusearre binne, in ferwyldere populaasje. It Baktrysk kamiel is ek in folslein domestisearre soarte, wylst it wyld Baktrysk kamiel inkeld yn it wyld foarkomt. Sawol de dromedaris as it Baktrysk kamiel wurde troch de minske holden foar de molke, it fleis, it hier (dat brûkt wurdt foar tekstylprodukten en it meitsjen fan filt) en as ryd- en lêstdieren.

Skaai-opbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 321.
  2. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 876.
  3. Zantema, J.W., Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk, Drachten/Ljouwert, 1984 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 40X, s. 471.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.