Greyfriars Kirk (Dumfries)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Greyfriars Kirk
Greyfriars Church, Dumfries - geograph.org.uk - 1769872.jpg
lokaasje
lân Flag of the United Kingdom.svg Grut-Brittanje
lânsdiel Flag of Scotland.svg Skotlân
plak Dumfries
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier 1868
arsjitekt John Starforth
boustyl neogoatysk
oare ynformaasje
webside www.greyfriarsdumfries.com

De Greyfriars Kirk of Greyfriars Church is in monumintaal tsjerkegebou yn 'e stêd Dumfries, yn súdwestlik Skotlân. It hjoeddeiske gebou datearret fan 1868, mar de orizjinele tsjerke, dy't ferneamd waard nei de fransiskanen of "grize fraters" (grey friars), waard mids trettjinde iuw set. De tsjerke waard ferneamd yn 'e skiednis fan Skotlân as it plak dêr't de romrofte Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce yn 1306 syn foarnaamste rivaal foar de troan, Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, om hals brocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Greyfriars Kirk ûntstie yn 'e midden fan 'e trettjinde iuw, doe't Devorguilla fan Gallowegen, de frou fan Jan I fan Balliol en de mem fan 'e lettere kening Jan fan Skotlân, yn 'e stêd Dumfries in kleaster stifte. Hja nûge dêrta de fransiskaanske oarder út om har yn 'e stêd te fêstigjen. Om't de leden fan dy kleasteroarder op 'e Britske Eilannen fanwegen harren grize pijen bekendstiene as "grize fraters" (Ingelsk: gray friars), kaam de tsjerke neitiid yn it Skotsk de Greyfriars Kirk te hjitten. Der is gjin ôfbylding oerlevere fan it earste gebou, dat eins de namme 'Tsjerke fan Us Leaffrou' droech, mar der is alle reden om oan te nimmen dat it in tsjerke yn 'e Ingelske styl wie, mei in skip en in koar.

De dea fan Jan fan Comyn foar it heechalter fan 'e Greyfriars Kirk.

De oarspronklike Greyfriars Kirk wie in kleasterkapel, dy't njonken de stins fan 'e Maxwells ferriisde, likernôch 60 m westlik fan it plak dêr't de hjoeddeistige tsjerke stiet. It wie dêr dat ein trettjinde iuw John Duns Scotus, dy't letter sillich ferklearre wurde soe, ta mûnts wijd waard.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch hie op 10 febrewaris 1306 Robert fan Bruce, greve fan Carrick, yn 'e kapel in moeting mei Jan III fan Comyn, hear fan Badenoch, syn foarnaamste rivaal yn 'e striid om 'e Skotske troan. Neffens it histoaryske fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert fan Bruce is, soe dyselde Comyn dêrby lyk foar it heechalter fan 'e kapel deadien hawwe. Hoewol't paus Klemins V Bruce foar dy die ekskommunisearre, liet Bruce himsels seis wiken letter te Scone ta kening fan Skotlân kroane. Yn 1314 soed er troch de oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn Skotlân befrije fan 'e Ingelske oerhearsking.

Mids sechstjinde iuw waard ûnder driging fan it protestantisme in grut diel fan 'e besittings fan it fransiskaanske kleaster en de Greyfriars Kirk yn bewarring jûn by lju dy't it roomske leauwe in waarm hert tadroegen. Nei de Skotske Reformaasje, fan 1560, sprongen pleatslike notabelen by om 'e pinsjoenen fan 'e fransiskaanske bruorren oan te suverjen. Neitiid ûntjoegen guon mûntsen har ta protestantske predikanten, wylst oaren beskûl sochten by it ynfloedrike Maxwell-laach, dat de Roomsk-Katolike Tsjerke trou bleau.

Nei 1707, doe't de besteande tsjerkegebouwen yn Dumfries troch de oanwaaks fan 'e stedsbefolking te krap wurden wiene, kocht it stedsbestjoer de âlde Maxwell-stins op en liet dy slope. Op dat plak (dêr't ek de moderne tsjerke noch stiet) waard yn 1727 in nij tsjerkegebou set, dat de namme fan 'Nije Tsjerke' (New Kirk) krije moast. De âlde gewoanten blieken lykwols te machtich, dat de namme fan 'Greyfriars Kirk' bleau ek neitiid yn gebrûk. De nijbou koste 1.970, in bedrach dat it stedsbestjoer byinoar brocht troch in spesjale belesting op bier te heffen.

It ynterieur fan 'e Greyfriars Kirk.

Tsjin 'e 1860-er jierren wie de Nije Tsjerke yn ferfal rekke, en waard besletten ta sloop. Op itselde plak ferriisde yn 1868 de hjoeddeistige tsjerke. Troch sekularisaasje en leechrin besleat de presbyteriaanske Tsjerke fan Skotlân yn 2004 om 'e Greyfriars Kirk fan 'e hân te dwaan. Uteinlik waard it gebou yn 2008 te keap te setten, wêrnei't it oanskaft waard troch in anglikaanske goeddiedichheidsorganisaasje dy't oprjochte wie troch in neikommeling fan 'e boargemaster fan Dumfries dy't oan it begjin fan 'e achttjinde iuw opdracht jûn hie ta de bou fan 'e Nije Tsjerke. Nei't it gebou wijd wie oan 'e hillige Bride, waard it op 'e Skotske nasjonale feestdei St. Andrew's Day, op 30 novimber 2008, op 'e nij iepensteld foar leauwenden.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hjoeddeistige tsjerke kaam ôf yn 1868. It gebou is ûntwurpen troch John Starforth yn in foar de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw modieuze neogoatyske styl. As boumateriaal waard nijhoude sânstien út it stiengat fan Locharbriggs oanfierd, mar dêrnjonken is ek gebrûk makke fan âlde stien dy't earder brûkt wie foar de Nije Tsjerke, de Maxwell-stins en it oarspronklike kleaster. In kop fan 'e apostel Petrus, fan in hilligebyld út it kleaster, is ynmitsele yn 'e muorre fan 'e treppen. Yn 1873 waard yn 'e súdlike beuk it oargel ynboud. De tsjerkklok dy't yn 'e toer hinget en teminsten fjouwer kear deis let wurdt, datearret út 1744, en waard getten troch William Evans út Chepstow.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: