Grutte Omgongen

Ut Wikipedy
Omgong fan Frankryk
Omgong fan Itaalje
Omgong fan Spanje

Yn it hurdfytsen op de dyk binne der trije grutte wedstriden. Dat binne de Omgong fan Frankryk, offisjeel Tour de France, de Omgong fan Itaalje, offisjeel Giro d'Italia, en de Omgong fan Spanje, offisjeel La Vuelta. Mei-inoar wurde se de Grutte Omgongen neamd, en alle trije wedstriden binne te ferlykjen yn formaat, nammentlik trije wiken mei deistige etappen. Se hawwe in spesjale status yn de UCI-regleminten: der wurde mear punten foar de UCI World Tour ferdield yn grutte omgongen as yn oare wedstriden, [1] en it binne de iennige etappe koersen dy't langer as 14 dagen duorje meie.

De Omgong fan Itaalje wurdt trochstrings yn 'e maitiid riden, de Omgong fan Frankryk yn 'e simmer en de Omgong fan Spanje yn 'e hjerst. De Vuelta waard oarspronklik ek ferriden yn de maitiid, meastentiids ein april, mei in pear edysjes yn juny yn de jierren 40. Yn 1995 waard de Omgong fan Spanje lykwols ferpleatst nei septimber om direkte konkurrinsje mei de Omgong fan Itaalje te mijen. De Omgong fan Frankryk is de âldste en meast prestisjeuze fan alle trije.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn syn hjoeddeistige foarm wurde de grutte omgongen trije wiken efterinoar holden en omfetsje se meastal twa rêstdagen oan it begjin fan de twadde en tredde wike. As de iepenings etappen plakfine yn in lân dat net grinzget oan it thúslân fan de wedstriid, is der soms in ekstra rêstdei nei it iepeningswykein om in reis nei it thúslân mooglik te meitsjen. De etappen binne in mjuks fan etappen mei heuvels, bergen en flakke geaen, en faaks binne der ek yndividuele en teamtiidritten. Etappen yn de grutte omgongen binne oer it algemien minder as 200 kilometer lang.

Der is faak gedoch oer hokker ploegen útnûge wurde foar it evenemint. Ornaris jout de UCI de foarkar oan ploegen út de topklasse om mei te dwaan, wylst organisatoaren fan de omgongen faak ek ploegen wolle dy't yn harren lân fêstige binne of dy't nei alle gedachten gjin kontroverze feroarsaakje. Fan 2005 oant 2007 moasten de organisatoaren alle topklasse ploegen akseptearje, wêrtroch't der mar twa wildcard-teams de omgong oerbleaune. De Unibet ploech, in topklasse ploech, dy't ornaris tagong garandearret, waard lykwols útsletten fan de trije omgongen fanwegen it oertrêdzjen fan de reklame wetten foar gokken. Yn 2008 waard nei in tal dopingskandalen guon ploegen de tagong ta de grutte omgongen wegere: Astana die net mei oan de Omgong fan Frankryk 2008 en Columbia die net mei oan de Omgong fan Spanje 2008. Sûnt 2011 binne neffens de UCI World Tour-regels alle UCI Topklasse garandearre fan in plak yn alle trije de eveneminten en binne se ek ferplichte om mei te dwaan, en it stiet de organisatoaren frij om in wildcard te jaan oan in ploech fan in leger nivo, om in peleton fan 22 ploegen te foarmjen.

It wichtichste klassemint is it algemien klassemint, beslút op de totale tiid. Der binne ek klasseminten basearre op klim - en sprintpunten, klasseminten foar ploegen en jonge hurdfytsers en oare lytse klasseminten. Fiif riders hawwe trije yndividuele klasseminten wûn (algemien klassemint, berchklassemint, jongereinklassemint en punteklassemint) yn deselde wedstriid: Eddy Merckx yn de Omgong fan Itaalje fan 1968, de Omgong fan Frankryk fan 1969 en de Omgong fan Spanje fan 1973, Tony Rominger yn de Omgong fan Spanje 1993 , Laurent Jalabert yn de Omgong fan Spanje 1995, Marco Pantani yn de Omgong fan Itaalje 1998 en Tadej Pogačar yn de Omgong fan Frankryk 2020 en de Omgong fan Frankryk 2021.

It komt selden foar dat fytsers alle grutte omgongen yn itselde jier fytse. Yn 'e rin fan 'e jierren hawwe 34 hurdfytsers alle trije de grutte omgongen yn ien jier foltôge: Adam Hansen die dat seis jier op rige. De iennige hurdfytsers dy't yn itselde jier yn elk fan de trije omgongen yn de top 10 einigen, binne Raphaël Géminiani yn 1955 en Gastone Nencini yn 1957.

Winners fan alle trije de Grutte Omgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sân hurdfytsers wisten de trije Grutte Omgongen op syn minst ien kear te winnen; it is noch nea ien slagge om alle trije de Omgongen yn ien seizoen te winnen.

Oerwinningen Hurdfytser Omgong Jierren
11 flagge fan Belgje Eddy Merckx 5x Omgong fan Frankryk 1969, 1970, 1971, 1972, 1974
5x Omgong fan Itaalje 1968, 1970, 1972, 1973, 1974
1x Omgong fan Spanje 1973
10 flagge fan Frankryk Bernard Hinault 5x Omgong fan Frankryk 1978, 1979, 1981, 1982, 1985
3x Omgong fan Itaalje 1980, 1982, 1985
2x Omgong fan Spanje 1978, 1983
8 flagge fan Frankryk Jacques Anquetil 5x Omgong fan Frankryk 1957, 1961, 1962, 1963, 1964
2x Omgong fan Itaalje 1960, 1964
1x Omgong fan Spanje 1963
7 flagge fan Spanje Alberto Contador[2] 2x Omgong fan Frankryk 2007, 2009
2x Omgong fan Itaalje 2008, 2015
3x Omgong fan Spanje 2008, 2012, 2014
7 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Chris Froome[3] 4x Omgong fan Frankryk 2013, 2015, 2016, 2017
1x Omgong fan Itaalje 2018
2x Omgong fan Spanje 2011, 2017
5 flagge fan Itaalje Felice Gimondi 1x Omgong fan Frankryk 1965
3x Omgong fan Itaalje 1967, 1969, 1976
1x Omgong fan Spanje 1968
4 flagge fan Itaalje Vincenzo Nibali 1x Omgong fan Frankryk 2014
2x Omgong fan Itaalje 2013, 2016
1x Omgong fan Spanje 2010

Winners fan twa fan de trije Grutte Omgongen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de sân binne der ek njoggentjin hurdfytsers dy 't it slagge twa fan de trije Grutte Omgongen te winnen:

Omgong fan Frankryk & Omgong fan Itaalje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerwinningen Hurdfytser Omgong Jierren
7 flagge fan Itaalje Fausto Coppi 2x Omgong fan Frankryk 1949, 1952
5x Omgong fan Itaalje 1940, 1947, 1949, 1952, 1953
7 flagge fan Spanje Miguel Indurain 5x Omgong fan Frankryk 1991, 1992, 1993, 1994, 1995
2x Omgong fan Itaalje 1992, 1993
5 flagge fan Itaalje Gino Bartali 2x Omgong fan Frankryk 1938, 1948
3x Omgong fan Itaalje 1936, 1937, 1946
3 flagge fan Lúksemboarch Charly Gaul 1x Omgong fan Frankryk 1958
2x Omgong fan Itaalje 1956, 1959
3 flagge fan Frankryk Laurent Fignon 2x Omgong fan Frankryk 1983, 1984
1x Omgong fan Itaalje 1989
2 flagge fan Switserlân   Hugo Koblet 1x Omgong fan Frankryk 1951
1x Omgong fan Itaalje 1950
2 flagge fan Itaalje Gastone Nencini 1x Omgong fan Frankryk 1960
1x Omgong fan Itaalje 1957
2 flagge fan Ierlân Stephen Roche 1x Omgong fan Frankryk
1987
1x Omgong fan Itaalje 1987
2 flagge fan Itaalje Marco Pantani 1x Omgong fan Frankryk 1998
1x Omgong fan Itaalje 1998
2 flagge fan Kolombia Egan Bernal 1x Omgong fan Frankryk 2019
1x Omgong fan Itaalje 2021

Omgong fan Frankryk & Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerwinningen Hurdfytser Omgong Jierren
3 flagge fan Spanje Pedro Delgado 1x Omgong fan Frankryk 1988
2x Omgong fan Spanje 1985, 1989
2 flagge fan Nederlân Jan Janssen 1x Omgong fan Frankryk 1968
1x Omgong fan Spanje 1967
2 flagge fan Frankryk Roger Pingeon 1x Omgong fan Frankryk 1967
1x Omgong fan Spanje 1969
2 flagge fan Spanje Luis Ocaña 1x Omgong fan Frankryk 1973
1x Omgong fan Spanje 1970
2 flagge fan Nederlân Joop Zoetemelk 1x Omgong fan Frankryk 1980
1x Omgong fan Spanje 1979
2 flagge fan Dútslân Jan Ullrich 1x Omgong fan Frankryk 1997
1x Omgong fan Spanje 1999

Omgong fan Itaalje & Omgong fan Spanje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oerwinningen Hurdfytser Omgong Jierren
4 flagge fan Switserlân   Tony Rominger 1x Omgong fan Itaalje 1995
3x Omgong fan Spanje 1992, 1993, 1994
2 flagge fan Itaalje Giovanni Battaglin 1x Omgong fan Itaalje
1981
1x Omgong fan Spanje 1981
2 flagge fan Ruslân Denis Mensjov 1x Omgong fan Itaalje 2009
1x Omgong fan Spanje 2007
2 flagge fan Kolombia Nairo Quintana 1x Omgong fan Itaalje 2014
1x Omgong fan Spanje 2016

Winners fan meardere Grutte Omgongen yn itselde seizoen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsien hurdfytsers wûnen ien of mear kearen twa Grutte Omgongen yn itselde seizoen. Alle trije de Grutte Omgongen winne troch in hurdfytser yn itselde seizoen is noch nea prestearre. Al wûn de Belch Eddy Merckx yn 1970 -1973 fjouwer kear twa Grutte Omgongen op rige.

Jier Hurdfytser Omgongen
1949 flagge fan Itaalje Fausto Coppi Omgong fan Itaalje en Frankryk
1952 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1963 flagge fan Frankryk Jacques Anquetil Omgong fan Frankryk en Spanje
1964 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1970 flagge fan Belgje Eddy Merckx Omgong fan Itaalje en Frankryk
1972 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1973 Omgong fan Itaalje en Spanje
1974 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1978 flagge fan Frankryk Bernard Hinault Omgong fan Frankryk en Spanje
1981 flagge fan Itaalje Giovanni Battaglin Omgong fan Itaalje en Spanje
1982 flagge fan Frankryk Bernard Hinault Omgong fan Itaalje en Frankryk
1985 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1987 flagge fan Ierlân Stephen Roche Omgong fan Itaalje en Frankryk
1992 flagge fan Spanje Miguel Indurain Omgong fan Itaalje en Frankryk
1993 Omgong fan Itaalje en Frankryk
1998 flagge fan Itaalje Marco Pantani Omgong fan Itaalje en Frankryk
2008 flagge fan Spanje Alberto Contador Omgong fan Itaalje en Spanje
2017 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Chris Froome Omgong fan Frankryk en Spanje
Giro-Tour 12x 1949, 1952, 1964, 1970, 1972, 1974, 1982, 1985, 1987, 1992, 1993, 1998
Giro-Vuelta 3x 1973, 1981, 2008
Tour-Vuelta 3x 1963, 1978, 2017

Aldste winners fan in Grutte Omgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaan Chris Horner waard troch syn winst yn de Omgong fan Spanje 2013 de âldste winner fan in grutte omgong. Hy die dit op in leeftiid fan 41 jier en 327 dagen en is sa goed 5 jier âlder as nûmer twa yn dizze rangskikking, de Belch Furmin Lambot.

Aldens Hurdfytser Omgong
41 jier 327 dagen flagge fan de Feriene Steaten Chris Horner Omgong fan Spanje 2013
36 jier 131 dagen flagge fan Belgje Firmin Lambot Omgong fan Frankryk 1922
34 jier 181 dagen flagge fan Frankryk Henri Pélissier Omgong fan Frankryk 1923
34 jier 180 dagen flagge fan Itaalje Fiorenzo Magni Omgong fan Itaalje 1955
34 jier 160 dagen flagge fan Austraalje Cadel Evans Omgong fan Frankryk 2011
34 jier 069 dagen flagge fan Switserlân   Tony Rominger Omgong fan Itaalje 1995
34 jier 007 dagen flagge fan Itaalje Gino Bartali Omgong fan Frankryk 1948
33 jier 310 dagen flagge fan Belgje Lucien Buysse Omgong fan Frankryk 1926
33 jier 260 dagen flagge fan Itaalje Fausto Coppi Omgong fan Itaalje 1953
33 jier 257 dagen flagge fan Itaalje Felice Gimondi Omgong fan Itaalje 1976
33 jier 231 dagen flagge fan Nederlân Joop Zoetemelk Omgong fan Frankryk 1980

Oerwinningen nei lân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bywurke oant en mei de Omgong fan Itaalje 2022.

# Land ITA FRA SPA Totaal
1 Itaalje 69 10 6 85
2 Frankryk 6 36 9 51
3 Spanje 4 12 32 48
4 Belgje 7 18 7 32
5 Grut-Brittanje 2 6 3 11
6   Switserlân 3 2 5 10
7 Lúksemboarch 2 5 0 7
8 Kolombia 2 1 2 5
Nederlân 1 2 2 5
Sloveenje 0 2 3 5
Feriene Steaten 1 3 1 5
12 Dútslân 0 1 3 4
Ruslân 3 0 1 4
14 Ierlân 1 1 1 3
15 Austraalje 1 1 0 2
16 Kanada 1 0 0 1
Flagge fan Denemark DEN 0 1 0 1
Ekwador 1 0 0 1
Kazachstan 0 0 1 1
Flagge fan Sweden Sweden 1 0 0 1
Totaal 105 101[4] 76 282

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) 07-06-2017 UCI Cycling regulations—Part 2: Road Races
  2. Op 6 febrewaris 2012 waard Alberto Contador mei weromwurkjende krêft feroardiele fanwegen it brûken fan it ferbeane middel clenbuterol ûnder de Omgong fan Frankryk 2010. Dêrtroch rekke er syn oerwinningen yn de Omgong fan Frankryk 2010 en de Omgong fan Itaalje 2011 kwyt. [1] (ned) sporza.be, 6 februari 2012
  3. De einoerwinning yn de Vuelta fan 2011 waard op 13 juny 2019 op namme fan Froome skreaun nei it skrassen fan de oarspronklike winner. Juan José Cobo nei ûnregelmjittichheden yn syn biologysk paspoart. (ned) sporza.be, 13 juni 2019
  4. Troch de dopingferklearringen fan de Amerikaan Lance Armstrong waarden syn sân oerwinningen yn de Omgong fan Frankryk fan 1999 oant en mei 2005 skrast. Der waarden troch de organisaasje en de UCI gjin nije winners oantsjut, wêrtroch't der dus sân lege plakken op de earelist oerbliuwe.