Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 11
Dijon (Frânske útspr.: [di'ʒõ], likernôch: "dy-zjo"; beharkje) is in stêd en gemeente yn it easten fan Frankryk, dy't de haadstêd is fan it omlizzende departemint Côte-d'Or en fan 'e regio Boergonje-Franche-Comté. It is ek de haadstêd fan 'e histoaryske regio en provinsje Boergonje. Yn 'e Midsiuwen wie Dijon as de haadstêd fan it machtige Hartochdom Boergonje ien fan 'e politike sintra fan West-Jeropa, dat yn oansjen, kennis en rykdom plakken as Parys en Londen nei de kroan stiek. Tsjintwurdich is Dijon ferneamd om syn arsjitektuer (benammen de dakpannen), de histoaryske binnenstêd, dy't yn 2015 opnommen is op 'e Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO, en de Dijonmoster. De stêd hie yn 2016 in befolking fan 155.000 minsken, wylst de stêdekloft fan Dijon, mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby, yn 2007 goed 250.000 ynwenners telde.