Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 39
Ennio Morricone (Italjaanske útspr.: [ˈɛɲo mɔriˈkoːne], likernôch: "en-njoo mor-ry-koo-nee"); Rome, 10 novimber 1928 – dêre, 6 july 2020) wie in Italjaansk komponist, dirigint en muzikant dy't wrâldferneamd waard troch syn filmmuzyk. Hy skreau de soundtracks fan mear as 400 films en komponearre dêrnjonken ek mear as 100 klassike muzykstikken. Syn muzyk foar de westernfilm The Good, the Bad and the Ugly wurdt as ien fan 'e ynfloedrykste wurken út 'e skiednis fan 'e filmmuzyk beskôge, en itselde jildt foar syn soundtrack fan in oare western, Once Upon a Time in the West. Guon oare ferneamde films dêr't er de muzyk by makke, binne Once Upon a Time in America, Red Sonja, The Mission, The Untouchables, In the Line of Fire, Wolf en The Hateful Eight. Yn syn lange karriêre wûn Morricone twa Oscars, trije Golden Globes, fjouwer Grammy Awards en seis BAFTA's.