Feike Hiddes van der Ploeg
Feike Hiddes van der Ploeg (Frjentsjer, maart 1736 - Dokkum, 1790) wie in meniste predikant, boekhanneler en Frysk skriuwer.
Feike wie de âldste soan fan Hidde Feykes, keapman yn Frjentsjer en Grijttje Beerts Wassenaar ek fan Frjentsjer. It docht wat nuver oan dat er op 20 maart 1736 yn de Herfoarme Tsjerke doopt is. Syn heit wie fiif dagen earder oergien nei dy tsjerke. Letter gie Feike werom nei de Mennisten. Op 25 oktober 1759 waard er as studint ynskreaun oan de hegeskoalle fan Frjentsjer en yn 1762 studearre er fierder oan it Doopsgesind Seminary t Lam' yn Amsterdam.
Fan der Ploech wie predikant yn Hylpen en Dokkum fan septimber 1772 oant er hommels fuortgie op 12 april 1787, wierskynlik om politike redenen; hy kin patriot west hawwe. Om 1780 hinne krige er swierrichheden yn ferbân mei alkoholgebrûk en jildkrapte; hy waard út syn amt set. Yn Dokkum wie er de kompanjon fan Harmannus Groenia, boekhanneler en útjouwer.
Fan der Ploech wie troud mei Antsje Piters Hoekstra fan Frjentsjer.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn it Frysk
- De Burkerij of It Boere Bedrief - Troch himsels útjûn, 1774
- (De reis fen) Mayke Jakkelis (fen Hallum nei Ljouwert om it ynheljin fenne Prins to sjen) en oar wurk - 1777 en 1778
- 't Jonge Lieuw Boosk plezierspul yn 5 bidrieuwen beskreun, for de laefhebbers fin 't booskjen - Toanielstik, nei hielendal wis at Fan der Ploech de skriuwer is (Ljouwert, 1778)
- De Tankbre Boerezoon trog Johan Jacob Engel ynt Heegduitsk forhelle en mey foroaring yn 34 tonneelen op 't Friesch Boers fortolke - Oersetting (Ljouwert, 1778)
- De Tankbre Boere Zoon en oar net útjown wurk - Magnus-rige 1973
- Yn it Nederlânsk
- Zeven en veertig gedichtjes voor de jeugd; om ze te vermaaken; ter beschaving van 't verstand; ter verbetering van 't hart en over het nut van den godsdienst - Bondel bernegedichtsjes. (Ljouwert, 1778).
- De kerkelijke bestelling behorende tot den openbaaren godsdienst onder de Doopsgezinden of Mennoniten in Vrieslant tot het jaar 1775 (Ljouwert, 1778)
Oer him en syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- H.T.J. Miedema, Der dankbare Sohn - It Beaken 1960
- Klaes Dijkstra, It skriuwerskip fan Feike Hiddes fan der Ploeg - Us Wurk 1975
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|