Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 14
De Keizerlike Japanske Marine (Japansk: 大日本帝國海軍, transliteraasje: Dai-Nippon Teikoku Kaigun, beharkje, betsjutting: "Marine fan it Grutjapanske Ryk") wie de marine fan it Keizerryk Japan fan 'e Meiji-restauraasje fan 1868 oant de kapitulaasje fan Japan yn 1945. As sadanich makke it ûnderdiel út fan 'e Keizerlike Japanske Striidkrêften. Tsjin 1920 wie it de op twa nei grutste marine fan 'e wrâld, nei de Britske Keninklike Marine en de Amerikaanske Marine. De Keizerlike Japanske Marine bestie út trije dielen: de Kombinearre Float, de Keizerlike Japanske Marineloftfearttsjinst en de Keizerlike Japanske Marinelânstriidkrêften. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de Keizerlike Japanske Marine fierhinne ferantwurdlik foar de Japanske oarlochsynset yn 'e Stille Súdsee, en it wie dêrom yn dat konflikt de wichtichste Japanske tsjinstanner fan 'e Westerske Alliëarden. De tsjintwurdige Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht, dy't tusken 1952 en 1954 oprjochte waard, is gjin direkte opfolger fan 'e Japanske Keizerlike Marine.