Springe nei ynhâld

Dian Fossey

Ut Wikipedy
Dian Fossey
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dian Fossey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 16 jannewaris 1932
berteplak San Francisco (Kalifornje)
stoarn 27 desimber 1985
stjerplak Karisoke Research Center
   (Rwanda)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt mammaloge, antropologe
aktyf as natoerbeskermster, publisiste
jierren aktyf 19661985
reden
  bekendheid
har wurk foar de berchgorilla

Dian Fossey (útspr.: [dai̭ˈæn ˈfɔsi], likernôch: "dai-jen fossy"; San Francisco, 16 jannewaris 1932Karisoke Research Center (Rwanda), 27 desimber 1985) wie in Amerikaansk mammaloge, publisiste en natoerbeskermster dy't yn Afrika wurke. Hja krige bekendheid troch har net wurch te krijen ynset foar de krityk bedrige berchgorilla yn Rûanda, dêr't se fan 1966 oant har dea yn 1985 ûndersyk nei die. Fossey wie ien fan 'e saneamd 'trimaten', trije promininte froulike biologen dy't mei primaten wurken en dêrfoar útsocht waarden troch paleöntolooch Louis Leakey (de oare beiden wiene Jane Goodall, dy't mei sjimpansees wurke en Birutė Galdikas, dy't orang ûtans bestudearre).

Njonken har wittenskiplike wurk krewearre Fossey fûleindich foar it behâld fan 'e berchgorilla, wêrby't se der net foar tebekskrille om fijannen te meitsjen. Dêrmei rêde se nei alle gedachten de berchgorilla fan it útstjerren. Yn 1983 publisearre se Gorillas in the Mist, in autobiografysk ferslach fan har wurk yn Rûanda en har eardere libben. Ein 1985 waard se mei in masjete deahoud yn har wente yn it troch har oprjochte Karisoke Research Center yn it Nasjonaal Park De Fulkanen. Hoewol't in ûndersyksassistint letter by ferstek foar de moard feroardiele waard, bestiet der oer de skuldfraach noch altyd gjin konsensus. Fossey har libben en wurk waarden popularisearre troch de biografyske film Gorillas in the Mist út 1988, mei Sigourney Weaver yn 'e haadrol.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fossey waard yn 1932 berne yn San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, as de dochter fan George E. Fossey III, in assuradeur, en dy syn frou Kathryn "Kitty" Kidd, in mannekên. Har âlden skieden doe't se seis jier wie, en Fossey kaam by har mem te wenjen, dy't in jier letter wertroude mei sakeman Richard Price. Har heit besocht kontakt mei har te hâlden, mar har mem die war om dat te ûntmoedigjen en meitiid gie alle kontakt tusken heit en dochter ferlern.

Underwilens wegere har strange styfheit om Fossey as syn eigen bern te behanneljen; sa mocht se by it iten net by him en har mem oan tafel sitte. Fossey socht har taflecht yn har leafde foar bisten, dy't begûn mei har earste goudfisk en har hiele fierdere libben oanhâlde soe. Mei seis jier sette se útein mei hynsteriden. Fossey genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Lowell High School. Neitiid begûn se op oantrúnjen fan har styfheit mei in saaklike oplieding oan it Kolleezje fan Marin yn San Francisco, mar doe't se mei njoggentjin jier in simmerfakânsje op in ranch yn Montana trochbrocht, besefte se dat se eins mei bisten wurkje woe.

Tsjin 'e winsken fan har âldelju yn sette Fossey útein mei in tariedende oplieding foar bistedokter. Om't se net efter har libbenskar stiene, wegeren har rike âlden om har noch finansjele stipe te jaan. Fossey moast harsels sadwaande ûnderhâlde mei baantsjes as administratyf meiwurkster, laborante en fabryksarbeidster. Hoewol't se har tige by tige talei op har stúdzje, hie se grutte muoite mei bêtafakken as natuerkunde en skiekunde, dat se sakke foar it twadde jier fan har bistedoktersoplieding. Dêrop liet se harsels oerpleatse nei it Steatskolleezje fan San Jose yn San Jose, dêr't se fierder learde foar beropsterapeute. Yn 1954 studearre se ôf mei in bachelorstitel yn dy stúdzjerjochting.

Fan 1954 ôf wurke Fossey yn 't earstoan mei tuberkuloazepasjinten yn ferskate Kalifornyske sikehuzen. Har leafde foar hynsteriden brocht har yn 1955 nei Kentucky ta, dat it sintrum fan 'e rutersport yn 'e Feriene Steaten is. Yn 1956 naam se yn Louisville (Kentucky) in baan oan as terapeute yn it Kosair Crippled Children's Hospital, dêr't se mei ynfalide bern wurke. Troch har bleue en ôfhâldige persoanlikheid koe Fossey iroanysk genôch goed mei bern opsjitte. Al rillegau rekke hja goed befreone mei Mary White Henry, de sekretaresse fan 'e direkteur fan it sikehûs, dy't mei dokter Michael J. Henry troud wie. De Henry's nûgen har út om har nei wenjen te setten op harren ranch, dêr't se njonken har wurk yn it sikehûs op deistige basis mei bisten wurkje koe. Ek ûnderfûn se dêr it leafdefolle gesinslibben dat se altyd misse moatten hie.

De Ingelske paleöntolooch Louis Leakey (hjir werjûn mei syn frou Mary) helle Fossey nei Afrika ta.

Yn 1963 sleat Fossey in liening fan $8.000 ôf (in jiersalaris) en foege dêr al har sparjild oan ta, sadat se op reis gean koe troch Afrika. Yn septimber fan dat jier arrivearre se yn Nairobi, de haadstêd fan Kenia, dêr't se de ferneamde akteur William Holden mette, dy't har yn 'e kunde brocht mei safarygids John Alexander. Dyselde begelate har de folgjende sân wiken op har reis troch Kenia, Tanzania, de Demokratyske Republyk Kongo en Rodeezje. Fossey besocht û.m. it Nasjonaal Park Tsavo, de sâltmar fan Manyara, dêr't flamingo's gearkomme, en de Ngorongoro-krater, dy't bekendstiet om syn wylderige floara en fauna.

Yn Tanzania die Fossey de Olduvai-kleau oan, dêr't se de Ingelske paleöntolooch Louis Leakey en syn frou Mary mette. Yn 'e Kongo besocht se de berch de Mikeno, dêr't de Amerikaanske soölooch George Schaller yn 1959 in jier lang baanbrekkend ûndersyk dien hie nei de berchgorilla (Gorilla beringei beringei), in ûndersoarte fan 'e eastlike gorilla (Gorilla beringei). Neitiid kaam se yn in hotel yn Oeganda yn 'e kunde mei Walter Baumgärtel, in natoerbeskermer dy't him o sa ynsette foar it behâld fan 'e berchgorilla. Baumgärtel brocht har yn 'e kunde mei de fotografen Alan en Joan Root, dy't har en Alexander meinamen it Virungaberchtme yn. Dêr seach Fossey op in dei foar it earst yn har libben mei eigen eagen berchgorilla's yn harren natuerlike habitat. Nei in ferbliuw by freonen yn Rodeezje kearde se werom nei Louisville om har liening ôf te lossen. Se publisearre trije artikels oer har Afrikaanske reis yn 'e pleatslike krante The Courier-Journal.

Oankomst yn Afrika en ûndersyk yn 'e Kongo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Louis Leakey in pear jier letter in rûnreis troch de Feriene Steaten makke om lêzings oer syn wurk te hâlden, lei Fossey op 'e nij kontakt mei him doe't er yn Louisville spriek. Leakey koe har noch en stelde har letter foar dat se in langjierrich ûndersyk nei de berchgorilla yn 'e Kongo ûndernimme koe, krekt sa't in oare beskermelinge fan him, Jane Goodall, die by de sjimpansees yn Tanzania. Doe't Leakey dêrfoar de finansiering regele, folge Fossey in kursus Swahily (de lingua franca yn dat diel fan Afrika) en ferdjippe har acht moannen lang yn primatology. Se sei har baan op en sette ôf nei Afrika, dêr't se yn desimber 1966 yn Nairobi arrivearre. Underweis nei de Kongo die se it Gombe Stream Research Centre yn Tanzania oan, dêr't se yn 'e kunde kaam mei Goodall en dy har ûndersyksmetoaden mei sjimpansees observearre.

In berchgorillawyfke mei in jong yn it Nasjonaal Park Virunga yn 'e Demokratyske Republyk Kongo.

Fossey sette har eigen ûndersyk yn begjin 1967 útein, wêrby't se har op itselde plak fêstige dêr't George Schaller sân jier earder syn kamp hân hie. Alan Root learde har de fûneminten fan it spoarsykjen nei gorilla's en syn eigen spoarsiker Sanwekwe bleau neitiid efter om Fossey fierder by te stean. Sy en har assistinten wennen yn tinten en ieten oer it algemien ynblikt guod. Fossey identifisearre al rillegau trije ûnderskate famyljegroepen berchgorilla's yn har stúdzjegebiet, mar it slagge har yn 't earstoan net om deun by harren yn 'e buert te kommen. Letter ûntdiek se dat de gorilla's har akseptearren, of alteast gedoogden, as se harren hâlden en dragen neibearde, troch grommeljende lûden te meitsjen en in pleatslike plant te iten dy't besibbe is oan selderij. Yn har boek Gorillas in the Mist soe se har súkses mei it kontakt lizzen mei gorilla's fierhinne taskriuwe oan har eftergrûn as terapeute, mei't se in protte mei autistyske bern wurke hie.

Yn 1965 hie luitenant-generaal Joseph-Désiré Mobutu by in steatsgreep de macht grypt yn 'e Demokratyske Republyk Kongo. Dêrop folgen fiif jierren fan gaos yn it lân (de saneamde Kongokrisis), wêrby't ferskate opstannen plakfûnen yn 'e eastlike provinsje Kivu, dêr't Fossey har ûndersyksgebiet diel fan útmakke. Op 9 july 1967 krongen soldaten fan it regearingsleger it kamp fan Fossey binnen om har en har assistinten te arrestearjen, mei't se sjoen waard as in útlânske spionne. Se waard twa wiken fêstholden yn Rumangabo, foar't se wist te ûntsnappen troch har sipiers om te keapjen. Se berikte úteinlik it hotel fan Walter Baumgärtel yn it Oegandeeske Kisoro, dêr't se befrege waard troch de Oegandeeske autoriteiten, dy't har sterk ôfretten om noch nei de Kongo werom te kearen. By in moeting mei Louis Leakey yn Nairobi besleat Fossey, tsjin 'e goerie fan 'e Amerikaanske ambassade yn Kenia yn, om har ûndersyksprojekt hielendal op 'e nij te begjinnen yn Rûanda, oan 'e eastkant fan it Virungaberchtme.

Undersyk yn Rûanda

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Rûanda hie Fossey kunde oan 'e Amerikaanse Roz Carr, en fia dyselde mette se de Belgise Alyette De Munck, dy't har holp in gaadlik plak te finen foar har nije ûndersykskamp. Op 24 septimber 1967 stifte Fossey it Karisoke Research Center yn in ôfhandich oerwâld op 3.000 m boppe seenivo, yn 'e bedelte tusken de fulkanen de Karisimbi yn it suden en de Bisoke yn it noarden. (De oantsjutting foar it kamp waard foarme út 'e nammen fan 'e beide bergen.) Fossey kaam mank de pleatslike befolking bekend te stean as Nyiramacibiri, dat safolle betsjut as "it frommes dat allinne op 'e berch wennet".

Fossey rjochte har Karisoke Research Center op oan 'e foet fan 'e berch de Bisoke.

Oars as de berchgorilla's oan 'e Kongoleeske kant fan 'e bergen wiene de bisten yn Rûanda nea wend rekke oan ûndersikers en koene se minsken inkeld as streupers. It duorre dêrom folle langer ear't Fossey de gorilla's yn har nije ûndersyksgebiet oan har wenne litten hie en se fan deunby bestudearje koe. Yn 'e jierren dy't folgen, stalde se net inkeld in skatting fan it oerbleaune oantal berchgorilla's gear, mar die se ek wichtige ûntdekkings oer de libbenswize fan 'e bisten. Sa beskreau se hoe't wyfkes oergeane fan 'e iene nei de oare famyljegroep, hokker lûden gorilla's meitsje, wat se ite, hoe't de hierargy en sosjale relaasjes yn in troep wurkje, en dat der hiel selden ynfantiside foarkomt.

It ûndersyk fan Fossey waard, oant syn ferstjerren fia Leakey, fierhinne finansierd troch de Amerikaanske National Geographic Society. Yn 1970 stjoerde dy organisaasje de Australyske fotograaf Bob Campbell nei Rûanda foar in fotoreportaazje oer Fossey en har wurk. Fossey woe dêr earst net oan meiwurkje, mar Campbell wist har te bepraten mei it argumint dat ynnimmende foto's fan har en de gorilla's yn it populêre tydskrift National Geographic Magazine helpe soene om streuperij tsjin te gean. Sadwaande stie Fossey dat jiers op in omslach fan it bekende blêd, wat har op slach ta in bekend persoan makke.

Tsjin 1980 waard Fossey, dy't yn 1976 har doktoraat yn mammalogy behelle hie oan 'e Ingelske Unversiteit fan Cambridge, rûnom erkend as wrâlds liedende ekspêr op it mêd fan 'e fysiology en it hâlden en dragen fan 'e berchgorilla. Fan 1981 oant 1983 wie se as heechleararesse ferbûn oan 'e Cornell Universiteit yn 'e Feriene Steaten. Yn 1983 publisearre se Gorillas in the Mist, in autobiografysk ferslach fan har wurk mei de gorilla's en har libben dêrfoar, dat priizge waard troch de Nederlânske ornitolooch en Nobelpriiswinner Niko Tinbergen. Gorillas in the Mist is noch altyd it meast toanoanjaande wittenskiplike wurk oer gorilla's. Fossey naam te Karisoke ek ferskate Westerske ûndersyksassistinten oan, mar in protte fan dyselden joegen al rillegau op om't se net oer de drege (kâlde, wiete, dûnkere en drekkige) kondysjes yn Karisoke koene, dêr't men jin ornaris mei in masjete in paad klearje moast troch gers fan mear as twa meter heech.

In beferzen gorillapoppe, yn beslach nommen hannelswaar fan streupers.

Krewearjen tsjin streuperij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har wittenskiplike wurk wie Fossey ek tige aktyf by de bestriding fan streuperij. Hoewol't de jacht al sûnt de 1920-er jierren yllegaal wie yn it Rûandeeske Nasjonaal Park De Fulkanen, waard de wet tsjin streuperij der mar komselden hanthavene troch de parkbehearders. Krektoarsom, dyselden waarden gauris omkocht troch streupers, mei't se bestean moasten fan in salaris dat leger wie as wat Fossey har eigen Afrikaanske dragers útbetelle krigen. Fossey skreau dat se trije kear meimakke dat in nijberne gorillajong troch streupers fongen waard mei goedkarring fan 'e parkbehearders, mei as bedoeling om it te ferkeapjen oan in dieretún. Mei't gorilla's oan 'e bittere ein ta fjochtsje om harren jongen te beskermjen, laten sokke praktiken gauris ta de dea fan tsien of mear folwoeksen bisten.

Op âldjiersdei 1977 waard Fossey har favorite gorilla, Digit, deade troch streupers. As de skyldwacht fan Fossey har Stúdzjegroep 4 ferdigene er syn famyljegroep tsjin seis streupers en harren hûnen dy't de groep op it spoar kamen wylst se fâlen foar antilopen neiseagen. Digit deade ien fan 'e hûnen en holde de streupers langernôch op dat de oare trettjin leden fan syn groep ûntkomme koene. Hy waard lykwols sels troch de streupers deade, dy't him fiif kear yn it boarst stieken mei spearen. Neitiid waard him de kop ôfslein om as jachttrofee te ferkeapjen en de hannen om jiskepântsjes fan te meitsjen. Syn skeinde lyk waard letter fûn troch ûndersyksassistint Ian Redmond. Fossey-en-dy wisten ien fan 'e streupers te pakken te krijen, dy't de nammen fan syn fiif maten priisjoech. Trije fan harren waarden letter feroardiele ta finzenisstraffen. Yn har boek Gorillas in the Mist omskreau Fossey de dea fan Digit as "it drôfste barren yn alle jierren dat ik it deistich libben fan 'e berchgorilla dielde."

Om soks tsjin te gean, sette Fossey it Digit Fund op, in stifting wêrmei't se patrûljes finansierde om 'e fâlen dy't streupers yn 'e omkriten fan Karisoke oanbrocht hiene, te ferneatigjen. Yn in perioade fan fjouwer moannen yn 1979 ferneatige Fossey har fjouwermans patrûlje 987 fâlen. De offisjele Rûandeeske parkwachters ferneatigen yn dyselde tiid net ien. Yn it eastlike part fan it nasjonaal park, dat bûten berik fan Karisoke lei, waard de Afrikaanske oaljefant troch streupers frijwol útrûge foar it ivoar en dêr waarden ek sa'n fyftjin berchgorilla's deade.

It hjoeddeistich haadkantoar fan it Dian Fossey Gorilla Fund International yn Rûanda.

Yn 1978 besocht Fossey foar te kommen dat twa gorillajongen, Coco en Pucker, út Rûanda wei eksportearre wurde soene nei de Kölner Zoo yn it Dútske Keulen. By it fangen fan 'e beide jongen wiene mear as tweintich folwoeksen gorilla's deade. De parkbehearders droegen de jongen oan Fossey oer foar fersoarging fan ferwûnings dy't se by it fangen oprûn hiene. Nei't de bisten by har op 'e noed wer opbettere wiene, waarden se tsjin har beswieren yn dochs noch nei Keulen stjoerd, dêr't se njoggen jier yn finzenskip libben oant se yn 1987 yn deselde moanne deagiene. Fossey kante har bot oan tsjin it hâlden fan bisten yn dieretunen, dy't se beskôge as neat oars as finzenissen.

Om 'e Afrikanen by 'har' gorilla's wei te hâlden, joech Fossey harsels oer oan in stikmannich tige kontroversjele praktiken, dêr't se beslist gjin freonen mei makke. Sa kocht se yn 'e Feriene Steaten fjoerwurk, goedkeap boartersguod, gûcheldersark en grizelige Halloweenmaskers, wêrmei't se bearde oan swarte magy te dwaan, dêr't de pleatslike befolking deabenaud fan wie. Se krige dêrtroch de namme in heks te wêzen. Fierders soe se ferskate Rûandezen dy't se fan streuperij fertocht te Karisoke foar koarte tiid yllegaal finzenholden hawwe. Ien streuper soe se útklaaie litten hawwe, wêrnei't se mei in bosk brânnettels syn testikels ûnder hannen nommen hawwe soe. Ek baarnde se de jachtkampen fan streupers plat.

Om't it dreech wie om streupers en 'gewoane' Afrikanen útinoar te hâlden, liek it Fossey de baas en warje se allegear út it nasjonaal park. Se stelde har dêrom fijannich foar ynkringers oer op en gie sels safier dat se kij dy't har domein binnendwaalden, ôfskeat of foar losjild fêsthold. Fossey kante har ek oan tsjin toerisme, mei't se fûn dat soks de gorilla's allinne mar fersteure koe. Boppedat lykje gorilla's genetysk sa op minsken, dat se fetber binne foar minsklike sykten as de gryp, dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hawwe. Har tsjinwurking yn 'e tiid dat natoertoerisme yn opkomst wie, brocht har ferskate kearen yn botsing mei de Rûandeeske oerheid. (Tsjintwurdich fiteret it Dian Fossey Gorilla Fund toerisme krekt oan, mei't men ta de konklúzje kommen is dat it behâld fan 'e berchgorilla yn hege mjitte ôfhinget fan 'e wearde dy't de bisten foar de Rûandeeske ekonomy hawwe.)

Under har Afrikaanske safary yn 1963 mette Fossey in Alexie Forrester, de broer fan in Rodeezjer mei wa't se yn Louisville omgien hie. Hja krigen in relaasje en ferloofden har, mar it kaam net ta in houlik om't Fossey har wurk mei de gorilla's boppe har leafdeslibben pleatste. Nei't se har ûndersykwurk yn Rûanda úteinset wie, krige Fossey in relaasje mei Bob Campbell, de Australyske fotograaf foar it National Geographic Magazine. Dy wie al troud, mar hy ûnthiet har dat er foar har by syn frou weigean soe. Uteinlik groeiden se lykwols útinoar fanwegen har tawijing oan 'e gorilla's en syn wurk, dat him harren en darren oer de hiele wrâld brocht. Yn 1970, doe't se yn Ingelân studearre foar doktor oan 'e Universiteit fan Cambridge, ûntdiek Fossey dat se swier wie. Se ûndergie doe in abortus. Yn lettere jierren hie Fossey noch relaasjes mei ferskate oare manlju.

Mei't Fossey elts yn 'e steek litten of mishannele bist rêde dat har yn Afrika ûnder eagen kaam, boude se in flinke 'dieretún' op yn Karisoke, wêrûnder it aapke Kima, dat yn har blokhutte wenne, en de hûn Cindy. Se organisearre elts jier in krystfeest foar al har meiwurkers en ûntwikkele in oprjochte freonskip mei Jane Goodall, de ûndersykster fan 'e sjimpansees.

Fossey hie al sûnt har jonkheid lêst fan longproblemen, mar yn har lettere libben rekke se oanhelle mei in fierfoardere foarm fan longemfyseem (feroarsake troch desennia fan keatlingsmoken), dy't it har gauris dreech makke om har ûndersykswurk te dwaan. Har sûnensswierrichheden boazen oan troch de ile lucht op 'e hichte fan Karisoke en it fochtige klimaat dêrsanne.

Op 'e iere moarn fan 27 desimber 1985 waard Fossey har stoflik omskot ûntdutsen yn 'e sliepkeamer fan har blokhutte yn it Karisoke Research Center. Se lei op har rêch op 'e flier, likernôch 2 m fan in gat ôf dat har oanfaller of oanfallers blykber yn 'e wand fan 'e blokhutte makke hiene. Se wie deaslein mei ien of mear masjetes. In pistoal en munysje leine njonken har op 'e flier. Yn 'e blokhutte wie alles oer de kop helle, mar berôving wie net it motyf foar de dieder(s), mei't al har kostberheden noch oanwêzich wiene, wêrûnder har pistoal, paspoart en tûzenen Amerikaanske dollars yn papierjild en reissjeks. Fossey waard te Karisoke begroeven, njonken de gorilla Digit en omjûn troch in grut tal oare troch streupers deade gorilla's.

It grêf fan Dian Fossey by it Karisoke Research Center.

Neitiid pakten de Rûandeeske autoriteiten de hiele stêf fan Karisoke op. Dêrûnder wie ek in Rûandees dy't Emmanuel Rwelekana hiet, in spoarsiker dy't ûntslein wie nei't er Fossey nei't it skynt mei in masjete tenei kommen wie. Alle arrestanten waarden letter wer frijlitten, útsein Rwelekana, dy't dea yn syn sel oantroffen wie nei't er (neffens de offisjele lêzing) himsels ophongen hie.

De Rûandeeske rjochter feroardiele letter by ferstek in Wayne McGuire ta de deastraf foar de moard op Fossey. McGuire wie in Amerikaanske ûndersyksassistint, dy't har deadien hawwe soe om it manuskript te stellen fan it ferfolch op Gorillas in the Mist. Hy soe ûntefreden west hawwe oer syn eigen ûndersyk en woe dat oanfolje mei Fossey harres. Tsjin dy tiid wie McGuire lykwols al lang en breed wer yn 'e Feriene Steaten, en mei't der gjin útleveringsferdrach bestie tusken de Feriene Steaten en Rûanda, wied er dêr feilich. McGuire joech nei it bekend wurden fan syn feroardieling in koarte parsekonferinsje yn Los Angeles, wêrby't er Fossey omskreau as syn "freondinne en mentor", har dea as "tragysk" en it fûnis tsjin him as "skandalich". Neitiid loek er him út 'e iepenbierheid werom en libbe er ûnder de radar oant er yn 2005 in hege amtlike posysje krige yn 'e Amerikaanske steat Nebraska. Doe't men dêre fia de media te hearren krige fan syn belutsenens by de saak-Fossey, waard er fuortendaliks wer út syn nije funksje ûntheft.

Neitiid binne ferskate alternative teoryen oer de moard op Fossey op 't aljemint brocht, û.o. troch Farley Mowat yn syn biografy fan har, Woman in the Mists, út 1987. Sa is wol suggerearre dat se fermoarde is troch streupers of lju dy't behelle wiene yn yllegaal bistesmokkeljen of yn opdracht fan lju dy't jild fertsjinje koene mei toerisme. Ek is wol beweard dat Fossey bewiis fûn hie oer goudsmokkel en dat har blokhutte dêrom oer de kop helle wie.

Nei Fossey har dea waard it Digit Fund omneamd ta it Dian Fossey Gorilla Fund International, dat fan dy tiid ôf it tafersjoch krige oer it Karisoke Research Center. Fossey wurdt no beskôge as dejinge dy't de berchgorilla fan it útstjerren rêden hat. Yn 1960 wiene der 450 fan dy bisten, en troch streuperij wie dat oantal, nettsjinsteande it wurk fan Fossey, yn 1981 tebekrûn oant mar 254. Sûnder har wie it lykwols nei alle gedachten safier omleech gien dat de ûndersoarte it net mear te boppen komme kinnen hie. It lêste befêstige deadwaan fan in berchgorilla wie yn 1983. Tsjin 'e ein fan 'e 1980-er jierren wie de populaasje wer oanwoeksen ta 280 bisten.

Under de Rûandeeske Genoside yn 1994 waard it Karisoke Research Center plondere en frijwol ferneatige, en tsjintwurdich is der net folle mear fan oer. It Nasjonaal Park Virunga rûn fol mei minsklike flechtlingen, en troch yllegale houtkap waarden grutte dielen fan it nasjonaal park ferneatige. De flechtlingen lieten de berchgorilla's lykwols gewurde en de bisten loeken har heger yn 'e bergen werom. Yn 1997 wiene der wer 320 eksimplaren en yn 2006 waarden der 340 teld. Hoewol't de ûndersoarte ek anno 2022 noch krityk bedrige is, liket it alteast de goede kant út te gean.

Dian Fossey is by in breder publyk bekend wurden troch de Amerikaanske biografyske film Gorillas in the Mist, út 1988, mei aktrise Sigourney Weaver yn 'e rol fan Fossey.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.