Springe nei ynhâld

Aldjiersdei

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Âldjiersdei)
Fjoerwurk

Aldjiersdei (ek wol: Silvester of Silvesterjûn, neamd nei de hillige paus Silvester) wurdt alle jierren fierd op de lêste dei fan it jier, 31 desimber, en tegearre mei de dêrop folgjende dei nijjiersdei as Ald en Nij fierd. Nei middernacht, as it nije jier begûn is, wurdt fjoerwurk ôfstutsen. By de Sinezen, dêr't fjoerwurk wei komt, waard leaud dat se mei fjoerwurk de geasten fuort jeije koenen.

In alternatyf foar fjoerwurk is karbyd; it karbydsjitten is fral yn it noarden en easten fan Nederlân in gebrûk en bart meastentiids oerdeis.

Yn Nederlân is it tradysje om âldjiersjûn mei famylje en freonen te fieren. Meastal bart dat yn húslike rûnte, dêr't oaljekoeken en/of appelflappen en (hertlike) hapkes by iten wurdt en teffens dronken wurdt. Ek wurdt der faak in diner hâlden. De lêste sekonden fan it jier wurde mei-inoar hurdop ôftelt.

Op tal fan plakken wurde spesjaal âldjiersfeesten hâlden. Meastentiids wurde dizze feesten organiseare troch de gemeenten sels, om it alkoholgebrûk ûnder de jongerein en fandalisme yn de hân hâlde te kinnen.

Yntusken is de âldejierskonferênse, dat op de tillefyzje útstjoerd wurdt, ek in tradysje wurden.

Yn grifformearde famyljes wurdt foar middernacht psalm 90 lêzen, al is dizze tradysje oan it ferdwinen. [1]

Om klokslach tolf oere wurdt tradisjoneel Glühwein (biskopswyn) of sjampagne dronken en winsket men elkoar bygelyks 'in goed en sûn nij jier.' Dêrnei wurdt nei bûten gien om de buorlju gelok ta te winskjen en fjoerwurk ôf te stekken.

  1. Wim Kan verdrong psalm 90 en gebed, Trouw, 31 desimber 2001