Springe nei ynhâld

Kalsiumkarbide

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karbyd)
Kalsiumkarbide of karbyd

Kalsiumkarbide (ek karbid, karbyd of karbuer), CaC2 is in fêste stof dy't makke wurdt troch kalsiumokside (ûnlaske kalk) hjit te meitsjen mei koalstof (koal, cokes).

2 CaO(s) + 5 C(s) → 2 CaC2(s) + CO2

Mei wetter falt it útelkoar en wurdt der etyn foarme, ek wol asetyleen (lasgas) neamd:

CaC2 + 2 H2O → C2H2 + Ca(OH)2

Dy hydrolyse fan kalsiumkarbide wie oant yn de jierren 30 fan de 20e iuw de iennige metoade om etyn te meitsjen. Sadwaan leit kalsiumkarbide oan de basis fan de ûntjouwing fan de asetylgemy (cfr. de gemy fan Reppe). [1] Mei it opkommen fan de petrochemyske yndusry is it belang fan dy metoade lyts wurden.

Etyn is in grûnstof foar in grut tal oare ferbiningen, sa as it polymear polyasetyleen. Dat is in geliedend polymeer.

  • Karbyd wurdt foaral yn it noarden en easten fan Nederlân brûkt foar it karbydsjitten op Aldjiersdei.
  • Kalsiumkarbide wurdt brûkt om rauwizer te ûntswaveljen: S + CaC2 → CaS + 2C
  • Yn it ferline waard karbyd in soad brûkt yn de karbydlampe, û.o. om auto of fyts) fan ferljochting te foarsjen (likernôch tusken 1900 en 1945). In karbydlampe hat in wetterreservoir dêr't, nei sekuere ôfstelling, wetter op it karbyd út dript sadat etyn ûnstiet. It etyngas kan dan as brânstof brûkt wurde om ljocht te meitsjen troch it gas oer in brander rinne te litten. Nei 1945 is de karbydlampe oeral ferfongen troch elektrysk ljocht. Foardat etyn (asetyleen) yn gasflessen te krijen wie, waard karbyd troch de smid brûkt as brânstof foar de brander by it laskjen.
  • Karbid is opnaam yn de List fan pestisiden dy't troch de Europeeske Uny tastien binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reppe, W., Neue entwicklungen auf dem gebiete der chemie des acetylens und kohlenoxyds; Berlyn: Springer, 1949.