Oaljekoek
De oaljekoek (ornaris útsprutsen as [ˈwalikuk], "ûallykoek"), oaljeflut en oaljebol is in yn oalje bakte bolfoarmich gistdaai.
Oaljekoeken wurde tradisjoneel iten op âldjiersnacht yn Nederlân en Belgje. Mar ek yn de moannen oktober oant jannewaris wurde se op in soad plakken ferkocht op merken dêr ‘t se ek bakt wurde. Oaljekoeken wurde faak fold, meastentiids mei krinten of resinen. Der kinne ek oare yngrediïnten tafoege wurde, lykas apel, sukade, sinesappelsnipel of rjemme.
It bakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It beslach wurdt meastentiids makke fan moal, aaien, gist, wat sâlt en lauwe molke of sûpe. Bier wurdt soms brûkt ynstee fan gist, omdat der gist yn sit. It beslach moat in oere rize sadat de oaljekoek loftich genôch wurdt. Oaljekoeken wurde makke troch beslach mei mei twa leppels yn in panne mei waarme oalje falle te litten en de dan ûntstiene hast bolfoarmige oaljekoek brúnbakke te litten. Middels in iisbaltange kinne ek moaie rûne oaljekoeken makke wurde. Oaljekoeken wurde meastentiids bestruid mei poeiersûker.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarsprong fan de oaljekoek is net hielendal dúdlik. Neffens Ineke Strouken fan it Nederlands Centrum voor Volkscultuur binne se mooglik foar it earst bakt yn de midsiuwen. Se mient ek dat de oarsprong yn it notiidske Nederlân leit of dat se earst dêr yn de buert makke binne.
In oare, mear foar de hân lizzende mooglikheid is dat de oaljekoek (úteinlik) ûntstien is yn Portegal of Spanje. Spaanske en Portugeeske Joaden, de saneamde Sefardim, dy't ûnder de Spaanske Ynkwisysje nei Nederlân flechten, soene harren resepten meinommen hawwe. Yn Portegal waard destiids al wat iten dat op oaljekoeken like: oaljekoeken mei (drûge) súdfruchten. Der binne noch mear redenen om in Sefardyske Joadske komôf oan te nimmen foar de oaljekoek. Tradisjoneel wurde foar de fiering fan Chanoeka, dat is yn 'e winter, swiete daaiballen Sufganiyot (inkelfâld Sufganiyah), frituere en faaks kâld opiten, dat docht sterk tinken oan de Belgysk-Nederlânske oaljekoeketradysje by de jierwikseling. Alle nammen dy't yn it Hollânsk besteane foar daai yn oalje bakt komme út de 16e iuw en letter, dat nei de ferdriuwing fan de Sefardyske Joaden út it Ibearysk Skiereilân as gefolch fan it útsettingsbeslút út 1492. Bygelyks yn de Vorsterman Bibel fan 1528, foar de earste oaljekoek dy't fûn is, wat wierskynlik gjin tafal is, as oersetting fan it Hebrieusk ואשישה /'ăshı̂yshâh/ (1 Kroniken 16:3) tsjinnet. De 'ăshı̂yshâh wurdt meastentiids identifisearre as in koeke fan krinten dat in rituele funksje hie.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oaljekoeken op in skilderij fan Albert Cuyp út ûngefear 1652 lykje in protte op de hjoeddeiske oaljekoek. Yn dy tiid waarden se yn raapoalje bakt, oare soarten oalje wiene djoer en foarbehâlden foar de ryksten. De raapoalje joech net de bêste smaak, sadat der fan alles by dien waard om de oaljekoeken op smaak te bringen. De oalje waard fan tefoaren 'útbaarnd' mei roggenbrea en appelstikken, mar der waard ek fan alles oan de koeken sels tafoege. Stikken fan apel, reade beien, snippere mangels, krûdnagel, kaniel, it gie allegear yn it beslach. Dat moast, want sûker wie noch djoer en poeiersûker bestie noch net. Fruit en oare dingen kinne de smaak fan de oalje wat ferdriuwe. Letter, yn de achttjinde ieu, feroare de oaljekoek echt yn in bal. Yn in resepteboek út 1746, De Perfect Hollandschekeukenmeid, steane de oaljekoeken al yn in djippe izeren panne dêr't aardich wat oalje yn sit. Genôch oalje foar de ballen om frij op te driuwen. It beslach waard der mei twa tinnen lepels yn dien. En dat liket aardich op hoe’t protte minsken tsjintwurdich oaljekoeken bakke. It beslach wie doe lykwols oars as no, benammen tinner. De fraach is ek hoefolle minsken thús oaljekoeken bakten. Oalje koe noch wol djoer wêze, mar it bakken sels wie net hielendal sûnder risiko. Kachels bestiene amper en boppe (heal)iepen fjoer, pannen fol waarme, opspattende oalje foarme in flink brânrisiko.
It wie pas yn de njoggentjinde iuw dat it iten fan oaljekoeken om Âld en Nij hinne tradysje waard. De relaasje mei dizze perioade is, neist it feit dat it yn kâlde tiden streksum iten is, basearre op de lette midsiuwske gewoante om de earmen om âldjiersnacht hinne te traktearjen op in spesjale platte waffelkoek, in kniperke neamd, of op in oaljekoek.
Testen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1993 en 2017 organisearre it Algemeen Dagblad de AD Oaljekoeke Test. Alle jierren waard op grûn fan stekproef- en smaaktoetsen besletten hokker oaljekoekebakker him dat jier de bêste fan Nederlân neame koe. Sûnt 2018 hâldt it AD nei opskuor oer de objektiviteit fan de test gjin wedstryd mear. Ynstee dêrfan docht in groep fan 14 frijwilligers de test sûnt 2018 ûnder de namme Oliebollentestonline. De resultaten fan 'e test komme sûnttiids op de webside fan de krante. Ek yn Fryslân wurde wedstriden hâlden.[1]
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Omrop Fryslân gie op âldjiersdei 2019 op syk nei de alderlekkerste thúsbakte oaljekoek fan Fryslân. Wa’t de lekkerste oaljebol brocht, krige oan de ein fan de dei de ‘Fryske Top 100 oaljekoekebakkersbokaal’.
- Yn it nije jier wurde ek wol oaljekoeketoernoaien en oaljekoekewannelingen organisearre.[2][3]
- Ek in protte oare aktiviteiten wurde wol nei oaljekoeken neamd, bygelyks in ‘oaljekoekereiske’.[4]
- Ynwenners fan twa Fryske doarpen wurde wol oaljekoeken neamd: Boalserter oaljekoeken en Hurdegarypster oaljekoeken. [5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|