Springe nei ynhâld

Hebriuwsk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hebrieusk)
Hebriuwsk
algemien
oare namme(n) Ivryt
eigen namme עברית, Ivrit
lânseigen yn Israel
tal sprekkers 5 miljoen (2017)
skrift Hebriuwsk skrift
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
  ● Semitysk
    ● Westsemitysk
      ● Middensemitysk
        ● Noardwestsemitysk
          ● Kanaänitysk
            ● Súdkanaänitysk
              ● Hebriuwsk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status Israel
erkenning as
minderheidstaal
Poalen
Súd-Afrika
taalkoades
ISO 639-1 he
ISO 639-2 heb
ISO 639-3 heb

It Hebriuwsk (Hebriuwsk: עברית, Ivrit; útspr. [ivˈʁit], likernôch: "i-wchyt"), foarhinne stavere as Hebrieusk en soms ek oantsjut as Ivryt, is de nasjonale taal fan 'e Joaden. It is in Semityske taal, dy't as sadanich besibbe is oan û.m. it Arabysk, Arameesk en Akkadysk. Binnen de Semityske talen heart it Hebriuwsk ta de Kanaänityske talen, dy't fierder allegear útstoarn binne. Histoarysk wie it Hebriuwsk de taal fan 'e âlde Israeliten en wie it sadwaande lânseigen yn it lân Kanaän, dat no rûchwei Israel en Palestina beslacht. De ierste oerlevere skreaune fragminten fan 'e taal datearje út 'e tsiende iuw f.Kr. Letter waard tusken de achtste en de sechsde iuw f.Kr. de Tenach, de joadske Bibel fierhinne yn it Hebriuwsk skreaun.

Fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf ferlear it Hebriuwsk terrein oan it besibbe Arameesk, en nei de jammerdearlik ferrûne Bar Kochba-opstân fan 135 rekke it mei de taal alhiel yn it neigean. Earne tusken 200 en 400 stoar it Hebriuwsk út as sprektaal. De taal oerlibbe oant nei de Midsiuwen as liturgyske taal, lingua franca op it mêd fan 'e hannel tusken Joaden dy't ferskillende memmetalen sprieken, en as taal fan poëzij en rabbinale literatuer. Mei de opkomst fan it sionisme waard it Hebriuwsk yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw nij libben ynblaasd as sprektaal. By de oprjochting fan 'e Steat Israel, yn 1948, waard it de offisjele taal fan dat lân. Anno 2017 wiene der likernôch 5 miljoen memmetaalsprekkers fan it Hebriuwsk, mei dêropta nochris 4 miljoen lju dy't it as twadde taal sprieken. It Hebriuwsk is it súksesfolste foarbyld fan in deade taal dy't wer ta libben brocht is.

It wurd "Hebriuwsk" (oant de staveringsherfoarming fan 2015 stavere as "Hebrieusk") komt fan it Grykske Ἑβραῖος, Hebraîos, dat fia it Arameeske ’Ibrāy ôflaat is fan it Herbriuwske Ivri (עברי). It byhearrende etnonym Hebreeërs of Hebreeën is in âld synonym foar Israeliten. Tradisjoneel wurdt oannommen dat dy oantsjuttings weromgeane op Eber, in mytyske foarâlder fan 'e aartsfaar Abraham, dy't yn 'e Bibel yn Genesis 10:21 neamd wurdt.

In sulveren lusifersdoaskehâlder mei in Hebriuwske tekst.

De namme 'Eber' komt nei alle gedachten fan 'e Semityske wurdwoartel ‘-b-r (עבר), mei de betsjutting "oare kant" of "foaroerlizzende kant". De oantsjutting 'Hebreeërs' soe dan yntepretearre wurde kinne as "dy fan 'e oare kant [fan 'e woastyn of de rivier]. Dêrmei soe dat dus in eksonym foar de Israeliten wêze, besjoen út it eachpunt fan 'e bewenners fan Mesopotaamje, Transjordaanje of mooglik Fenysje. It moderne Hebriuwske endonym, Ivrit, dat fan deselde oarsprong as 'Hebriuwsk' komt, wurdt allinnich brûkt om it Nijhebriuwsk oan te tsjutten; de namme foar âldere foarmen fan 'e taal is יְהוּדִית, Yěhudit, oftewol "Judeesk".

It Hebriuwsk heart ta de Semityske talen, dy't ien fan 'e wichtichste taalkloften foarmje fan 'e Afro-Aziatyske supertaalfamylje. Foarbylden fan oare Semityske talen, dy't besibbe binne oan it Hebriuwsk, binne bgl. it Arabysk, Malteesk, Arameesk, Syrysk, Amhaarsk (de nasjonale taal fan Etioopje) en Tigrinja (de nasjonale taal fan Eritreä). Binnen de Semityske talen heart it Hebriuwsk ta de Westsemityske talen, dy't harsels ûnderskiede fan 'e beide Eastsemityske talen (Akkadysk en Eblaïtysk).

Oer de fierdere ûnderferdieling wurdt noch altyd diskusjearre troch taalkundigen, mar de meast akseptearre yndieling klassifisearret it Hebriuwsk by de Middensemityske talen (mei û.m. it Arabysk en Arameesk), en dêrnei by de Noardwestsemityske talen (mei û.m. it Arameesk). Binnen de Noardwestsemityske talen wurdt it Hebriuwsk ûnderbrocht by de Kanaänityske talen. Dat is in taalkloft dy't fierders hielendal útstoarn is en û.o. ek it Fenisysk fan Fenysje en it Punysk fan Kartago omfettet (de saneamde Noardkanaänityske talen), mooglik yn 'e mande mei it Ekronitysk. It Hebriuwsk wurdt klassifisearre as ûnderdiel fan 'e Súdkanaänityske talen, yn 'e mande mei in stikmannich nau besibbe mar al yn it earste milennium f.Kr. útstoarne talen: Ammonitysk, Moäbitysk en Edomitysk.

In twatalich Hebriuwsk-Ingelsk toetseboerd.

It moderne taalgebiet fan it Hebriuwsk beslacht it grûngebiet fan 'e Steat Israel. Dêrnjonken wurdt it ek sprutsen yn 'e yllegale Joadske delsettings yn it Palestynske Westjordaanlân, yn East-Jeruzalim en op 'e Golanhichte. Bûten Israel en de besette gebieten wurdt it Hebriuwsk ferspraat oer de wrâld as liturgyske taal brûkt troch de Joadske diaspora.

Periodisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan it Hebriuwsk wurdt opdield yn 'e folgjende tiidrekken:

Klassyk Hebriuwsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibelsk Hebriuwsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âldste foarm fan it Hebriuwsk is it Bibelsk Hebriuwsk, de taal fan 'e Tenach, oftewol de Joadske Bibel. De âldste skriftlik oerlevere fragminten fan it Bibelsk Hebriuwsk datearje út 'e tsiende iuw f.Kr. Yn july 2008 makke de Israelyske argeolooch Yossi Garfinkel bekend dat er by in argeologyske opgraving te Chirbet Keijafa in potdiggel fûn hie dy't trijetûzen jier âld wie, dus fan omtrint 1000 f.Kr. Hy bewearde dat er dêrop it ierste skreaune fragmint fan it Hebriuwsk oantroffen hie dat ea fûn wie. Syn kollega Amihai Mazar klassifisearre de taal op 'e potdiggel lykwols as Proto-Kanaänitysk (de oertaal dêr't alle Kanaänityske talen út fuortkommen binne) en tekene dêrby oan dat de differinsjaasje tusken skriften en talen yn dy tiid ûndúdlik is. Om it fragmint oan te tsjutten as 'Hebriuwsk' gie him dêrom te fier.

De Gezerkalinder (fûn by in opgraving yn 'e stêd Gezer) datearret lykwols ek út 'e tsiende iuw f.Kr. De taal fan 'e dy tekst is klassifisearre as Argaysk Bibelsk Hebriuwsk (ek wol Aldhebriuwsk of Paleo-Hebriuwsk neamd), de ierste foarm fan it Bibelsk Hebriuwsk. Dy taalfoarm ûntwikkele him omtrint de tsiende iuw f.Kr. út it Proto-Kanaänitysk, historiografysk sjoen oan it begjin fan it Monargyske Tiidrek, doe it Keninkryk Israel oprjochte waard en keningen as David en Salomo regearren.

It wurd "Hebriuwsk" yn it hjoeddeistigte Hebriuwske skrift (boppe) en yn it Paleo-Hebriuwske skrift (ûnder).

De Gezerkalinder is skreaun yn it Aldhebriuwske skrift of it Paleo-Hebriuwsk skrift, in âld Semitysk konsonanteskrift dat sterk liket op it Fenisyske skrift dêr't him letter it Grykske alfabet út ûntwikkelje soe. De Gezerkalinder is hielendal sûnder fokalen skreaun, en sels sûnder fokaalferfangende konsonanten op plakken dêr't de lettere Hebriuwske stavering dy wol skreau. Yn 'e Levant binne by oare opgravings ferskate klaaitabletten opdobbe dy't skreaun binne yn fierhinne oerienkommende skriften, lykas it Proto-Sinaïtysk skrift. It tinken is dat de foarmen fan 'e letters weromgeane op 'e Egyptyske hieroglifen. In skrift dat him út it Aldhebriuwske skrift ûntwikkele hat, it Samaritaanske skrift, wurdt noch altyd brûkt troch de Samaritanen.

It Argaysk Bibelsk Hebriuwsk bleau yn gebrûk oant likernôch de achtste iuw f.Kr., doe't it oergie yn it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk. Yn 'e Tenach binne beskate fragminten fan Argaysk Bibelsk Hebriuwsk opnommen, spesifyk it Liet fan Moazes (Exodus 15:1-21) en it Liet fan Deboara (Rjochters 5).

De Šebna-ynskripsje, út 'e grêftombe fan in keninklike hofmaster yn Siloam, datearret út 'e 7e iuw f.Kr.

It Klassyk Bibelsk Hebriuwsk, ek wol bekend as Bibelsk Hebriuwsk, Ier Bibelsk Hebriuwsk of Klassyk Hebriuwsk yn 'e inge sin, is de taal dêr't it meastepart fan 'e Tenach, de Joadske Bibel, yn skreaun is. Dat barde nei alle gedachten yn 'e sechsde iuw f.Kr., hoewol't it dêrby gie om in skriftlike optekening fan ferhalen dy't folle âlder wiene en dy't earder mûnling oerlevere waarden. It Klassyk Bibelsk Hebriuwsk waard sprutsen yn it lette Monargyske Tiidrek en ûnder de Babyloanyske Ballingskip, doe't de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II yn 586 f.Kr. de befolking fan it Keninkryk Juda yn ballingskip fuortfiere liet nei Mesopotaamje.

Under de Babyloanyske Ballingskip ûntwikkele him yn 'e sechsde iuw f.Kr. it Let Bibelsk Hebriuwsk, dat sprutsen waard yn it Perzyske Tiidrek, oant de ferovering fan it Perzyske Ryk troch Aleksander de Grutte yn 'e trêde iuw f.Kr. Dy taal is yn 'e Tenach fertsjintwurdige troch inkele teksten, yn 't bysûnder de bibelboeken Ezra en Nehemia. It Let Bibelsk Hebriuwsk ferskilde net bot fan it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk, útsein de ynkorporaasje fan ferskate útlânske wurden (benammen foar termen oangeande it regear) en inkele syntaktyske ynnovaasjes lykas it gebrûk fan it partikel sje- (mei de betsjutting "dat" of "wat", as ferbining tusken twa sinsdielen). In grut ferskil wie wol dat it Let Bibelsk Hebriuwsk it Arameeske skrift begûn te brûken, mei't it Arameesk yn it Achaimenidysk-Perzyske Ryk de offisjele taal fan 'e oerheid wie.

In fragmint fan 'e Torah, skreaun yn it Hebriuwske skrift.

It Israelitysk-Hebriuwsk wie fan 'e tsiende oant de trêde iuw f.Kr. in noardlik dialekt fan it Bibelsk Hebriuwsk. It bestean dêrfan is net bewiisd, mar wurdt oannommen op basis fan beskate skaaimerken dy't yn guon bibelteksten foarkomme en dúdlik net ta de standerttaal hearre. It tinken is dat de Tenach skreaun waard yn it súdlike Keninkryk Juda, en dat yn 'e taal dy't dêr sprutsen waard soms dialektyske foarmen út it noardlike Keninkryk Israel trochkrongen.

Under de Babyloanyske Ballingskip learden nei alle gedachten de measte Joadske ballingen, mar yn elts gefal de hiele hegerein, om Arameesk te sprekken, wat de naust oan it Hebriuwsk besibbe taal wie wêryn't se kommunisearje koene mei de Babyloanjers en leden fan oare etnyske groepen yn Mesopotaamje. It Hebriuwsk kaam dêrmei ûnder swiere ynfloed fan it Arameesk te stean, en begûn in protte lienwurden út dy taal op te nimmen. Nei't it Nijbabyloanyske Ryk ûnder fuotten helle wie troch de Perzen, waard de Babyloanyske Ballingskip yn 538 f.Kr. beëinige troch de Perzyske kening Syrus de Grutte, dy't de Joaden tastie en kear werom nei harren heitelân. Nei de weromkear waarden yn Kanaän it Hebriuwsk en it Arameesk njonkeninoar brûkt.

Ier Postbibelsk Hebriuwsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hebriuwsk fan 'e trêde iuw f.Kr. oant de fjirde iuw hjit it Ier Postbibelsk Hebriuwsk. It Hellenistysk Tiidrek en de Romeinske Tiid foar de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim, fan 'e trêde iuw f.Kr. oant de earste iuw nei Kristus, falle gear mei it Hebriuwsk sa't dat oerlevere is yn 'e boekrôlen fan Kûmran, dy't it meastepart (mar net alle) fan 'e Deade-Seerôlen foarmje. Yn dat tiidrek ûntwikkele it Arameesk skrift fan 'e eardere teksten him ta it fjouwerkantige Hebriuwske skrift, dat ek hjoed de dei noch yn gebrûk is. Dy ûntwikkeling waard yn 'e earste iuw f.Kr. foltôge.

Fan 'e earste oant de fjirde iuw fan 'e Westerske jiertelling sprekt men fan Misjnaysk Hebriuwsk. Dy perioade korrespondearret mei de Romeinske Tiid nei de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim. De namme ferwiist nei de Misjna of Mišnah, dy't yn 'e mande mei de Gemara de (Babyloanyske) Talmoed foarmet. Dit taalstadium wurdt ek wol oantsjut as Rabbinaal Hebriuwsk. Behalven it meastepart fan 'e Talmoed waard ek in diel fan 'e Deade-Seerôlen yn it Misjnaysk Hebriuwsk skreaun, spesifyk de Bar Kochba-brieven en de Koperen Boekrôle. It Misjnaysk Hebriuwsk is op te dielen yn it Tannaïtysk Hebriuwsk (fan 'e tannaim), dat ek wol Ier Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk I neamd wurdt en dat in sprutsen taal wie, en it Amoraysk Hebriuwk (fan 'e amoraim), dat ek wol Let Rabbinaal Hebriuwsk of Misjnaysk Hebriuwsk II neamd wurdt, en dat poer in literêre taal wie.

In fragmint fan 'e Timpelrôle, ien fan 'e Deade-Seerôlen.

Yn 'e tiid fan it Ier Postbibelsk Hebriuwsk sette de delgong fan it Hebriuwsk as sprektaal ûnder de Joaden troch, dy't yn 'e sechsde iuw f.Kr. ûnder de Babyloanyske Ballingskip begûn wie. Hoewol't der gjin twifel oer bestiet dat it Hebriuwsk op in stuit as memmetaal en deistige omgongstaal fan 'e Joaden ferfongen waard troch it Arameesk, hat de miening fan 'e wittenskip oer wannear't dat krekt barde, frijwat ûntwikkeling trochmakke. Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wiene de measte saakkundigen fan tinken dat oan it begjin fan it Hellenistyske Tiidrek yn 'e fjirde iuw f.Kr. frijwol alle Joaden al Arameesktalich wiene. Argeologyske opgravings yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw, en yn 't bysûnder de taalkundige analyze fan 'e Deade-Seerôlen, dy't tusken 1946 en 1948 yn 'e neite fan Kûmran ûntdutsen waarden, hawwe dy opfetting lykwols ûntsjinstriidber wjerlein.

De Deade-Seerôlen wiene nammentlik yn oerweldigjende mjitte yn it Hebriuwsk skreaun ynstee fan yn it Arameesk, en it wie gjin ferstienne ferzje fan it Let Bibelsk Hebriuwsk, sa't men dat ferwachtsje meien hie as de taal as sprektaal útstoarn wie, mar in jongere foarm fan 'e taal dy't dúdlik nije ûntjouwings trochmakke. De Deade-Seerôlen wiene fierders dúdlik skreaun foar in algemien lêzerspublyk en net foar in lytse heechgelearde elite, wat oanjout dat de trochsneed Joad út dy tiid noch goed thús wie yn it Hebriuwsk. Saakkundigen tinke dêrom no dat meldings oer Arameesktalige Joaden út dy tiid wize op in meartalige maatskippij ynstee fan op wat de memmetaal fan sokke lju wie.

It Hebriuwsk en it Arameesk moatte iuwenlang njonkeninoar bestien hawwe, wêrby't it Hebriuwsk de taal wie dy't yn 'e hûs en binnen de eigen mienskip sprutsen waard, wylst it Arameesk brûkt waard foar de hannel en foar kommunikaasje mei lju fan oare etnyske groepen. Geandewei it Hellenistyske Tiidrek kaam it Gryksk dêr noch as trêde taal by, dat de taal fan 'e oerheid waard. It liket wol wierskynlik dat it Hebriuwsk yn 'e lêste iuwen f.Kr. en yn 'e earste iuw n.Kr. stadichoan terrein ferlear oan dy beide oare talen.

Tsjin it begjin fan 'e Westerske jiertelling wie it Judeo-Arameesk de memmetaal wurden fan 'e measte Oriïntaalske Joaden yn Babyloanje, mar ek fan 'e Joaden fan Galileä en Samaría en fan 'e gewoane lju yn Jeruzalim. De Westerske Joadske diaspora spriek Gryksk, en dat wie ek de taal fan 'e Israelityske havenstêden oan 'e kust fan 'e Middellânske See, de oerheidssintra en de Joadske hegerein yn Jeruzalim. Inkeld yn Judeä besuden Jeruzalim waard noch oan 'e eigen taal fêstholden troch de befolking fan it plattelân, dy't bestie út 'e ôfstammelingen fan 'e weromkearde ballingen út Babyloanje. Itselde gou yn Jeruzalim foar de preesters, fariseeërs, sadduseeërs en de saneamde seloaten (Joadske nasjonalisten avant la lettre, soe men sizze kinne), dy't harren oankanten tsjin 'e Romeinske oerhearsking.

Nei de rampsillige Bar Kochba-opstân fan 135, dy't einige mei de deportaasje fan Joaden út Jeruzalim en Judeä en in ferbod foar alle Joaden om noch foet yn Jeruzalim te setten, begûn it mei it Hebriuwsk slim yn it neigean te reitsjen. It meastepart fan 'e Hebriuwsktalige Judeeërs liket him doe yn 'e noardlike regio Galileä fêstige te hawwen, sadat dat it lêste bolwurk fan it Hebriuwsk waard. De measte taalkundigen datearje it útstjerren fan it Hebriuwsk no omtrint 200. De taal bleau neitiid yn gebrûk foar liturgyske doelen en ek as taal fan 'e rabbinale geskriften.

Midiuwsk Hebriuwsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it foltôgjen fan 'e Talmoed ûntjoegen har ferskate regionale literêre fariëteiten 'e Hebriuwske skriuwtaal, dy't mei-inoar bekendsteane as it Midsiuwsk Hebriuwsk. De wichtichste dêrfan wie it Tiberiaansk Hebriuwsk of Masoretysk Hebriuwsk, in pleatslik dialekt út Tiberias yn Galileä dat him ûntwikkele ta de standerttaal foar it fokalisearjen fan 'e Tenach (de Joadske Bibel), dy't ommers yn in konsonanteskrift skreaun wie. Dêrtroch oefenet dy taalfariant oant yn 'e hjoeddeistige tiid ynfloed út op alle oare fariëteiten fan it Hebriuwsk. It Tiberiaansk Hebriuwsk út 'e perioade fan 'e sânde oant en mei de tsiende iuw wurdt soms 'Bibelsk Hebriuwsk' neamd om't it brûkt wurdt om 'e Joadske Bibel út te sprekken, mar it moat ûnderskaat wurdt fan it eigentlike, histoaryske Bibelsk Hebriuwsk út 'e sechsde iuw f.Kr., dêr't de Joadske Bibel yn skreaun is en wêrfan't de oarspronklike útspraak rekonstruëarre wurde moat.

In fragmint fan 'e Kodeks fan Aleppo, in Masoretyske Hebriuwske Tenach út 'e tsiende iuw.

It Tiberiaansk Hebriuwsk wie de earste foarm fan it Hebriuwsk dy't de opmerklike wittenskip fan in groep skriftlearden omfette dy't de Masoreten neamd wurde. Dyselden foegen fokaalpunten en grammatikapunten oan 'e letters fan it Hebriuwske skrift ta om 'e krekte útspraak te behâlden, bgl. foar opsizzen of sjongen. De Masoreten urven in bibelske tekst wêrfan't de letters as te hillich beskôge waarden om oanpast te wurden, dat dêrom pleatsten se markearrings yn 'e foarm fan punten om 'e letters hinne, as in soarte fan diakrityske tekens. De Kodeks fan Aleppo, in Hebriuwske Bibel mei Masoretyske markearrings, waard yn 'e tsiende iuw skreaun, wierskynlik yn Tiberias, en is oant de dei fan hjoed bewarre bleaun. It wurdt beskôge as miskien wol it wichtichste Hebriuwsktalige manuskript dat noch bestiet.

Under it Gouden Tiidrek fan 'e Joadske kultuer yn Spanje (912-1066) waard troch taalkundigen wichtich wurk dien om 'e grammatika en wurdskat fan it Bibelsk Hebriuwsk út te lizzen. Dêrby stipe men yn hege mjitte op it eardere wurk fan grammatisy fan it Klassyk Arabysk. Foaroansteande taalkundigen fan it Hebriuwsk út dy tiid wiene Juda ben David Hajûdj, Jona ibn Jana en Abraham ibn Ezra. Harren wurk waard letter yn 'e Provâns fuortset troch û.o. David Kimhi. Njonken taalkundige wurken waard der yn it Gouden Tiidrek ek in soad poëzij yn it Hebriuwsk skreaun, troch dichters as Dûnasj ben Labrat, Solomon ibn Gabirol, Juda ha-Levi, Moses ibn Ezra en Abraham ibn Ezra. Dêrfoar brûkten hja in 'reinige' foarm fan it Hebriuwsk basearre op it taalkundich ûndersyk. De poëzij waard boppedat yn fersfuotten skreaun dy't yn it foarste plak foar it Arabysk ûntwikkele wiene. De literêre taalfariëteit dy't fuortkaam út it wurk fan 'e Spaansk-Joadske dichters waard letter oernommen troch Joadske dichters út Itaalje.

De needsaak om wittenskiplike en filosofyske ideeën út te drukken dy't kamen út it Gryksk en it Arabysk, wie foar skriuwers fan it Midsiuwsk Hebriuwsk reden om lienwurden en soms grammatikale konstruksjes út dy talen oer te nimmen, of oars om lienfertalings of folslein nije termen yn it Hebriuwsk te betinken. Dêrtroch krige it Hebriuwsk sa't dat brûkt waard om filosofyske teksten te skriuwen, in hiel eigen styl. Wichtige Joadske filosofen út dy tiid dy't harren wurken yn it Hebriuwsk skreaune wiene de leden fan 'e Ibn Tibbon-famylje. In oare wichtige ynfloed wie Maimonides (1135-1204), dy't in ienfâldige styl ûntwurp, basearre op it Misjnaysk Hebriuwsk, om syn wetskoade te skriuwen, de Misjneh Torah. Neifolgjende rabbinale literatuer waard skreaun yn in mingfoarm fan syn styl en it aramisearre Rabbinaal Hebriuwsk fan 'e Talmoed.

In Hebriuwske tekst op 'e Kochangadi Synagoge yn it Yndiaaske Kochi, datearjend fan 1344.

Troch de iuwen hinne bleau it Hebriuwsk yn alle Joadske mienskippen yn 'e wrâld fierhinne de wichtichste skriuwtaal foar alle doelen: net inkeld liturgy, mar ek poëzij, filosofy, wittenskip, genêskunde, hannel, kontrakten en deistige briefkerij. Der wiene fansels frijwat ûtsûnderings op dy regel, lykas de brieven fan rebellelieder Simon bar Kochba oan syn ûnderhearrigen, dy't foar it meastepart yn it Arameesk skreaun wiene, en it wurk fan Maimonides, dy't foar in grut part gebrûk makke fan it Arabysk. Oer it algemien kin lykwols steld wurde dat it Hebriuwsk altyd in foaroansteande posysje mank de Joaden behold, ek al waard it as memmetaal en deistige omgongstaal ferfongen troch Joadske talen as it Jiddysk (yn Dútslân) en it Sefardysk (yn Spanje). Doe't yn 1577 yn Safed de earste drukparse yn it Midden-Easten yn gebrûk nommen waard, produsearre dy in stikmannich boeken yn it Hebriuwsk, dy't dêrnei ferkocht waarden oan Joadske mienskippen yn dy kontreien.

De oanhâldende bekendheid fan (learde) Joaden mei it Hebriuwsk betsjutte dat sokke lju út alle dielen fan 'e wrâld mei-inoar korrespondearje koene yn in mienskiplike taal, dat boeken en oare dokuminten troch Joaden út 'e hiele wrâld lêzen wurde koene, en ek dat Joaden op reis gean koene nei fiere oarden en, salang't dêr oare Joaden wennen, harsels altyd fersteanber meitsje koene. It Hebriuwsk wie dêrmei foar de Midsiuwske Joaden wat it Latyn foar de kristlike geastlikheid út dy tiid wie.

It literêre gebrûk fan it Hebriuwsk waard yn 'e achttjinde iuw fernijd, begjinnende mei de Haskalah-beweging (haskalah is Hebriuwsk foar 'Ferljochting'). It earste Hebriuwsktalige tydskrift, HaMe'assef ("De Gearfandeler") waard fan 1783 ôf publisearre yn Keningsbergen (no Kaliningrad), yn wat doe East-Prusen wie. Mids njoggentjinde iuw waarden yn East-Jeropa ferskate Hebriuwsktalige kranten oprjochte, wêrûnder Hamagid (oprjochte yn it Poalske Ełk yn 1856). Promininte dichters út dy tiid wiene Hayim Nahman Bialik en Shaul Tchernichovsky. Ek waarden der doe foar it earst romans yn it Hebriuwsk skreaun.

Eliëzer Ben-Jehûda.

Underwilens hie him oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw yn Jeruzalim, dêr't Joaden út alle wynrjochtings gearkloften, in foarm fan sprutsen Hebriuwsk ûntjûn foar ûnderlinge kommunikaasje, benammen mei it each op 'e hannel. Dy nije sprektaal wie oant op beskate hichte in pidgintaal, dêr't kenners fan it 'echte' Hebriuwsk op delseagen. Doe't yn 1881 de aktivist Eliëzer Ben-Jehûda út Wyt-Ruslân wei nei Palestina emigrearre, dat doedestiden diel útmakke fan it Osmaanske Ryk, joech er him dêr by de Joadske nasjonale beweging. De weroplibbing fan it Hebriuwsk as memmetaal wie benammen oan syn krewearjen te tankjen.

Ben-Jehûda waard motivearre troch in romantysk nasjonalisme en in ôfwizing fan 'e "štetl"-libbenswize fan 'e diaspora. As basis foar de nije Hebriuwske sprek- en memmetaal naam er de oerlevere literêre en liturgyske taal en besocht dy oan te passen foar aldendeisk gebrûk. Syn taal waard it Nijhebriuwsk, dat ek wol Modern Hebriuwsk, Israelysk Hebriuwsk of Standerthebriuwsk neamd wurdt. Dêrfoar naam er it Hebriuwsk fan 'e Sefardyske Joaden út it Middellânske-Seegebiet as basis, hoewol't dat grammatikale eleminten en stilen omfette dy't yn it Hebriuwsk fan 'e Asjkenazyske Joaden fan Midden en East-Jeropa en dat fan 'e Mizrahyske Joaden fan 'e Oriïnt ferfongen wiene troch oare taalnoarmen. Troch syn organisatoaryske talinten en syn belutsenens by de oprjochting fan skoallen en it skriuwen fan skoalboeken wist Ben-Jehûda oanhing te skeppen foar syn taalplannen, mar pas ûnder de Twadde Alia fan 1904-1914, doe't in nije weach Joadske ymmigranten oerkaam nei Palestina, begûnen syn plannen wier frucht te dragen.

Hoewol't in protte oare Joaden net folle yn 'e ideeën fan Ben-Jehûda seagen, of se sels feroardielen as godslasterlik (om't it Hebriuwsk de hillige taal fan 'e Torah wie en dêrom ûngaadlik foar fulgêr gebrûk as aldendeiske sprektaal), begriepen in soad Joadske ymmigranten yn Palestina ek wol dat der in lingua franca komme moast dy't se brûke koene foar ûnderlinge kommunikaasje. De ymmigranten hiene nammentlik in grut tal ferskillende talen as memmetaal: Joadske talen as Jiddysk, Sefardysk (ek wol Ladino neamd), foarmen fan Judeo-Arabysk en Judeo-Arameesk, mar ek talen fan 'e lannen dêr't se berne wiene, lykas Russysk, Frânsk, Perzysk en Arabysk. Sadwaande waard der in Komitee foar de Hebriuwske Taal oprjochte (dat nei 1948 de Akademy fan 'e Hebriuwske Taal fan 'e Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim wurde soe). Troch it wurk fan Ben-Jehûda en it Komitee wie it Hebriuwsk tsjin 'e tiid dat yn 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek in hiel ein op slach om 'e wichtichste taal fan 'e Joadske mienskip yn Palestina te wurden. Allinne de leden fan 'e âlde jisjûv (de Joaden dy't al foar de opkomst fan it sionisme yn Palestina wennen) en inkele gassidyske sekten (benammen dy ûnder it bewâld fan 'e Satmar-dynasty) wegeren Hebriuwsk te sprekken en holden fêst oan it Jiddysk.

It gebou fan 'e Akademy foar de Hebriuwske Taal, dy't it gebrûk fan it Hebriuwsk regulearret.

Nei de Earste Wrâldoarloch waard Palestina in mandaatgebiet fan it Folkebûn, wêrfan't it bestjoer opdroegen wie oan it Feriene Keninkryk. De ûntwikkeling fan it Nijhebriuwsk krige in flinke oantrún doe't it Hebriuwsk yn 1921 yn 'e mande mei it Ingelsk en it Arabysk ta offisjele taal fan Palestina ferklearre waard. Dy nije formele status droech sterk by oan 'e fersprieding ûnder nije Joadske ymmigranten. Doe't yn 1948 de Steat Israel ûntstie, waard it Hebriuwsk de (earste) offisjele taal fan dat lân.

Yn deselde tiid waard yn 'e Sovjet-Uny krekt it near lein op it gebrûk fan it Hebriuwsk. De autoriteiten dêre seagen dy taal, fanwegen de assosjaasje mei it sionisme, as 'reäksjonêr', en besleaten yn 1919 dat de iennichste nasjonale taal fan 'e it Russyske Joaden it Jiddysk wie. It Hebriuwsk waard dêrnei behannele as in frjemde taal, oant dêr yn 'e 1980-er jierren ûnder ynfloed fan Gorbatsjovs polityk fan glasnost en perestrojka in ein oan makke waard.

It Hebriuwsk is de nasjonale taal fan 'e Joaden. It hat sûnt 1948 de status fan offisjele taal yn 'e Joadske Steat Israel. Oarspronklik wie ek it Arabysk in offisjele taal yn Israel, mar de status fan dy taal waard yn july 2018 troch it regear fan premier Benjamin Netanyahu ferlege. It Arabysk hat sûnt yn Israel de status fan "taal mei in bysûndere lanlike status". Ek it Ingelsk hat yn Israel in semy-offisjele status. It Hebriuwsk is fierders de offisjele taal (of faker ien fan 'e offisjele talen, yn 'e mande mei it Ingelsk) fan ferskate ynternasjonale Joadske organisaasjes, lykas it Joadsk Wrâldkongres (WJC). Yn twa lannen genietet it Hebriuwsk politike erkenning as in (te beskermjen) minderheidstaal. Yn Poalen is it sûnt 2005 steatsrjochtlik erkend as minderheidstaal ûnder Diel III fan it Jeropeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen. En yn Súd-Afrika genietet it sûnt 2006 ûnder de grûnwet erkenning as in foar religieuze doelen brûkte minderheidstaal.

Trijetalige beweiwizering yn Israel: f.b.n.û. Hebriuwsk, Arabysk en Ingelsk.

Gebrûk as liturgyske taal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As sprutsen taal hat it Hebriuwsk iuwenlang in deade taal west, dy't foar de Joaden langer gjin memmetaal mear wie. Yn 'e joadske godstsjinst bleau de taal lykwols yn gebrûk en waard er altyd ûnderwiisd. Fanwegen de grutte Joadske diaspora, dy't hast de hiele wrâld omfettet, binne der yn it gebrûk fan it Hebriuwsk as liturgyske taal ferskate dúdlik ûnderskate útspraken ûntstien:

De ferskillende útspraken fan it liturgysk Hebriuwsk wurde noch altyd brûkt by de earetsjinst yn 'e synagoge en by religieuze stúdzje, sawol yn Israel as dêrbûten, mar foar it meastepart troch lju dy't gjin memmetaalsprekkers fan it Hebriuwsk binne. Sels as wól war dien wurdt om 'e Sefardyske útspraak oer te nimmen út respekt foar it Nijhebriuwsk, behâldt it liturgysk Hebriuwsk yn sokke gefallen noch in dúdlik Asjkenazysk of Mizrahysk substraat. Guon tradisjonalistyske Israeeljers, dy't wól it Hebriuwsk as memmetaal hawwe, brûke lykwols in ôfwikende liturgyske útspraak foar it opsizzen fan gebedens, sa't roomske kristenen soms Latyn brûke ynstee fan harren memmetaal.

Der wiene anno 2017 wrâldwiid 9 miljoen sprekkers fan it Hebriuwsk. Dêrfan sprieken 5 miljoen minsken dy taal as memmetaal, benammen yn Israel. Nochris 4 miljoen minsken sprieken it Hebriuwsk as twadde taal, fan wa de helte, 2 miljoen, floeiend. De Feriene Steaten wiene it lân mei de measte Hebriuwsksprekkers nei Israel: 220.000 minsken, foar it meastepart emigranten út Israel.

Yn Israel sels kin 90% fan 'e Joaden him goed rêde yn it Hebriuwsk, en 70% hiel goed. Dat dy persintaazjes net heger lizze, komt trochdat Israel sûnt de fal fan it Izeren Gerdyn oan it begjin fan 'e 1990-er jierren in grutte stream oan nije Joadske emigranten út 'e eardere Sovjet-Uny opnommen hat, dy't oer it algemien fanwegen it ferbod op Hebriuwsk ûnderwiis yn 'e Sovjet-Uny it Hebriuwsk net machtich wiene doe't se arrivearren. Sa'n 26% fan 'e ymmigranten út 'e eardere Sovjet-Uny sprekt min of hielendal gjin Hebriuwsk.

Fan 'e Arabyske minderheid yn Israel kin 60% him goed rêde yn it Hebriuwsk, wylst 30% sels better Hebriuwsk as Arabysk sprekt. Likernôch 12% fan 'e Israelyske Arabieren sprekt min of hielendal gjin Hebriuwsk. Fan 'e hiele Israelyske befolking hie yn 2013 53% it Hebriuwsk as memmetaal. Foar de leeftydskategory fan boppe de tweintich jier lei dat persintaazje lykwols mar op 49%. Oare memmetalen (as it Hebriuwsk) fan 'e Israelyske befolking binne, yn folchoarder fan oantallen memmetaalsprekkers: Russysk, Arabysk, Frânsk, Ingelsk, Jiddysk, Sefardysk en in grut tal oare talen.

De letters fan it Hebriuwske skrift.

It Nijhebriuwsk wurdt fan rjochts nei lofts skreaun yn it Hebriuwske skrift, dat in 'ûnsuver' konsonanteskrift (abjad) fan 27 letters is. Dat skrift jout yn prinsipe inkeld konsonanten wer en gjin fokalen, mar it is ûnsuver om't yn 'e praktyk gauris guon konsonanten tafoege wurde op plakken dêr't se eins net thúshearre om 'e útspraak fan fokalen oan te tsjutten. Sokke konsonanten wurde 'lêsmemmen' neamd. Sa nedich kinne fierders diakrityske tekens brûkt wurde om 'e útspraak fan konsonanten oan te jaan as it ferskil betsjuttingsûnderskiedend is (lykas by bet en vet en by šin en sin). Ek kinne oare diakrityske tekens (fokaalpunten) ynset wurde om fokaalwearden wer te jaan, en wer oaren (kantillaasje) foar ynterpunksje, wurdklam en muzikale werjefte.

It Hebriuwske skrift wurdt gauris it Hebriuwske alfabet neamd, mar it is eins gjin alfabet, om't dy oantsjutting de oanwêzigens fan letters suggerearret dy't fokalen werjouwe. It hjoeddeistige, fjouwerkantige Hebriuwske skrift giet werom op it Arameeske skrift en waard yn 'e tiid fan it Let Bibelsk Hebriuwsk, omtrint de midden fan it earste milennium f.Kr., yn gebrûk nommen. Foar hânskreaune teksten wurdt in kursive skriuwfoarm brûkt wêrby't de letters folle rûner binne en soms tige sterk ôfwike fan harren printe wjergaders. De Midsiuwske fariant fan 'e kursive foarm, dy't rashi neamd wurdt, wykt noch wer op oare manearen ôf. It Argaysk Bibelsk Hebriuwsk en it Klassyk Bibelsk Hebriuwsk, fan foar de sechsde iuw f.Kr., waarden skreaun yn it Paleo-Hebriuwske skrift, dat liek op oare skriften fan Kanaänityske talen, lykas it Fenisyske skrift.

It Rashi-skrift, in Midsiuwske kursive foarm fan it Hebriuwske skrift.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbou en útspraak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hebriuwsk fan hjoed de dei is foar in part keunstmjittch (wer)opboud. It is in taal mei in wierlik Semityske wurdskat en skriftlike foarm, mar in fonology dy't faak de kant fan 'e Yndo-Jeropeeske talen fan Jeropa útskaait. De basis foar it Nijhebriuwsk foarme de útspraak fan 'e Sefardysk-Hebriuwske liturgyske taal sa't dy oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk wie yn 'e Sefardysk-Joadske mienskip fan Jeruzalim. Dêroan waarden lykwols withoefolle neologismen tafoege om 'e taal by de tiid te bringen en gaadlik te meitsjen foar aldendeisk gebrûk. In soad fan dy neologismen waarden betocht troch Eliëzer Ben-Jehûda, dy't yn it foarste plak socht nei gaadlike âlde Hebriuwske wurden of útdrukkings dy't er in nije betsjutting jaan koe. Slagge dat net, dan naam er sokke nije begripen, wat sprektaaltermen oangie, faak oer út it Arabysk of it Arameesk, wylst technyske termen ûntliend waarden oan it Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Russysk. Mei't de ierste sprekkers fan it Nijhebriuwsk yn grutte mearderheid Jiddysktalige Joaden wiene, waarden ek in protte lienfertalings út it Jiddysk yn 'e nije taal yntrodusearre.

Nettsjinsteande it feit dat it Sefardysk-Hebriuwsk oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw primêr as basis foar it Nijhebriuwsk brûkt waard, ken it hjoeddeistige Nijhebriuwsk ferskate fonologyske skaaimerken dy't út it Asjkenazysk-Hebriuwsk komme. Dêrby giet it om:

  • It weiwurden fan 'e faryngale útspraak fan 'e letters chet (ח; ) en ajin (ע; ) by in protte sprekkers.
  • It omsetten fan 'e útspraak fan 'e Hebriuwske r (ר) fan in alveolêre strykklank (IPA: [ɾ], de Hollânske r) yn in uvulêre trilklank (IPA: [ʀ], de breikjende r fan it Frânsk en it Limburchsk) of sels yn in stimhawwende uvulêre wriuwklank (IPA: [ʁ], de 'sêfte g' fan it Limburchsk).
  • De útspraak (troch in soad mar net alle sprekkers) fan 'e tzere (ֵ) as in ij-klank (as yn "pij"), ynstee fan in ee-klank (as yn "leed"), dus sifrej en tejša ynstee fan sifre en teša.
  • It foar in diel weilitten fan 'e sjwa: zman ynstee fan zěman.
  • It lizzen fan 'e klam yn eigennammen (en beskate oare wurden) op it foarlêste wurdlid ynstee fan op it lêste wurdlid: Dvóra ynstee fan Děvorá en Yehúda ynstee fan Yěhudá.
  • It lizzen fan 'e klam yn tiidwurdsfoarmen mei in efterheaksel dat de twadde persoan meartal werjout op it foarlêste wurdlid ynstee fan it lêste wurdlid: katávtem, "jimme skriuwe", ynstee fan kětavtém.

Klankynventaris

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hebriuwsk telt 27 letters dy't konsonanten werjouwe, mar net mear as 18 fonemen (klanken) dy't konsonanten werjouwe. Ferskaten fan 'e letters jouwe dus deselde klank wer. Dat komt om't de klankynventaris fan it Hebriuwsk troch de iuwen hinne ferienfâldige is, want oarspronklik stiene alle 27 letters foar ferskillende konsonanteklanken.

letter útspraak útlis
offisjele
transliteraasje
IPA
א [ʔ] glottisslach, de klank dy't de gelikense lûden skiedt yn "Aäron" en "koöperaasje"
ב [v], [b] v fan "weve" of b fan "bêd"
ג [ɡ] g fan "goed"
ד [d] d fan "dak"
ה h [h], Ø h fan "hok" of stom
ו w [v] v fan "weve"
ז z [z] z fan "wize"
ח [χ] ch fan "berch", mar fierder nei efteren yn 'e kiel útsprutsen
ט [t] t fan "tûk"
י y [j] j fan "jas"
כ ḵ of k [χ] of [k] ch fan "berch", mar fierder nei efteren yn 'e kiel útsprutsen, of k fan "kat"
ל l [l] l fan "lak"
מ m [m] m fan "mês"
נ n [n] n fan "net"
ס s [s] s fan "sek"
ע [ʔ] glottisslach, de klank dy't de gelikense lûden skiedt yn "Aäron" en "koöperaasje"
פ p̄ / p [f], [p] f fan "fak" of p fan "pak"
צ [ʦ] ts fan "tsiis"
ק q [k] k fan "kat"
ר r [ʀ], [ʁ] breikjende r of 'sêfte g' út it Limburchsk
שׁ š [ʃ] sj fan "sjippe"
שׂ ś [s] s fan "sek"
ת ṯ / t [t] t fan "tûk"

Fierders omfiemet it Hebriuwsk de folgjende fokalen, dy't yn 'e skreaune foarm fan 'e taal net of op oanpaste wize ta utering komme, mei't der gjin aparte letters foar besteane:

  • [a] (a fan "dak") en [a:] (aa fan "laad")
  • [e] (ee fan "kafee") en [e:] (ee fan "leed")
  • [ə] (e fan "gewoan")
  • [o] (o fan "bok") en [o:] (oo fan "rook")
  • [u] (û fan "rûch") en [u:] (û fan "sûch")

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.