Stomme letter

Ut Wikipedy

In stomme letter is yn alfabetyske skriften in letter dy't wol skreaun mar net útsprutsen wurdt. (De namme is in ferwizing nei dôfstomheid.) Stomme letters binne yn 'e measte talen frij seldsum, en hawwe krekt as alle oare letters in fêste posysje yn in beskaat wurd. It komt foar dat in stomme letter, hoewol't er sels net útsprutsen wurdt, wol ynfloed útoefenet op 'e oare letters fan in wurd. Sa is de r yn it Fryske wurd ferzen (útspr.: "fêzen") stom, mar as dy r net yn it wurd stie, soe dat útsputsen wurde as "fezen". Yn fonetyske transkripsjes kinne stomme letters net werjûn wurde, om't fonetyk inkeld de útspraak werjout en stomme letters no ienris net útsprutsen wurde. Om oan te jaan dat sa'n letter net ienfâldichwei fergetten is, wurdt yn fonetyske transkripsjes yn it plak fan in stomme letter wol it symboal ∅ ("zero") tafoege (net te betiizjen mei Ø, de haadletter ø).

Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frysk hat ferskate stomme letters:[1]

  • d: yn tiidwurden dy't útgeane op -de yn 'e twadde persoan inkeltal, lykas yn bidst, hâldst, riidst, wurdst, ensfh.
  • f: allinnich yn 'e wurden ôf en oft
  • h: foàr in j, lykas yn hjerst, hjoed, hjouwer, ensfh. (Yn 'e Steatestavering ek foar in w yn hwat en hwant)
  • j: allinnich yn it wurd jier
  • l: allinnich tusken â en d of t, lykas yn âld, wâld, sâlt, ensfh.
  • r: foàr in d, l, n, s, t of z, lykas yn wurd, kerl, bern, kers, feart, bearzen, ensfh.
  • t: yn haadwurden dy't útgeane op -st as der in ferlytsingsútgong efter plakt wurdt, lykas yn kastke, bistke, feestje, ensfh. En ek yn tiidwurden dy't útgeane op -te of -tte yn 'e twadde persoan inkeltal, lykas yn bytst, moatst, sitst, wrotst, ensfh. (Itselde jildt foar guon lûdwikseljende tiidwurden, dy't troch dy lûdwiksel yn 'e sterke foarm fan 'e twadde persoan inkeltal ek in stomme t krije: bliede-bletst, lije-litst, riede-retst, ensfh.)

Yn oare talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Ingelsk komme stomme letters bygelyks foar yn wurden as answer ("antwurd"), damn ("doeme"), honor ("eare"), island ("eilân") en phlegm ("slym"). It Dútsk hat net in soad stomme letters, mar wol de h dy't brûkt wurdt om 'e útspraak fan in lange fokaal oan te jaan: mahlen ("fervje"), Stuhl ("stoel"), zehn ("tsien"), ensfh. Yn it Frânsk is bygelyks de wurdinisjale h frijwol altyd stom, en itselde jildt foar in soad letters oan 'e ein fan wurden: harpe ("harpe"), hiver ("winter"), hôtel ("hotel"), ensfh.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dijkstra, drs. F.B., Stavering, Ljouwert, 1991 (3e printinge, 1996), Afûk, ISBN 9 06 27 34 537, s. 82-85.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.