Springe nei ynhâld

Fenisysk alfabet

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fenisyske skrift)
It Fenisysk Alfabet

It Fenisysk alfabet is it alfabet, of eins in konsonanteskrift, dat troch de Fenysjers brûkt waard om yn harren taal te skriuwen. It is ôflaat fan it Protosinaïtysk skrift. It Fenisysk alfabet waard fan om 1050 f.Kr. hinne ôf brûkt en it Gryksk alfabet en it Arameesk alfabet binne fan it Fenisysk alfabet ôflaat. It Fenisysk alfabet lei suver it grûnwurk foar hast alle moderne alfabetten.

Om't de lettertekens oarspronklik yn stien beitele waarden, binne de measte letters fan it alfabet, lykas de runentekens, hoekich en rjocht. It skrift waard fan rjochts nei lofts skreaun. Bytiden waard it ek wol fan rjochts nei lofts en dan fan lofts nei rjochts, de saneamde bûstrofedon ("sa as in okse ploeget"), skreaun. Fan ferskate letters binne der ferskate farianten; sa wurdt de tav wol gauris mei "+' skreaun ynstee as 'x', de chet mei twa dwersstreekjes, ensafuorthinne.

It Paleo-Hebriuwske skrift komt sterk oerien mei it Fenisysk Alfabet. Ek it Moäbitysk waard mei in soksoarte alfabet skreaun. Nei in stikmannich iuwen waard foar it Hebriuwsk it Arameesk alfabet brûkt, dat ek wol it kwadraatskrift neamd waard om't syn fjouwerkantige foarm fan in soad fan syn letters. Beide alfabetten besteane allinnich mar út bylûden.

De letters fan it Fenisysk alfabet wiene oarspronklik piktogrammen, sa as bygelyks de earste letter, alef dat "kobist" betsjut. Yn it teken kin de kop en de hoarnen fan in kobist werom sjoen wurde. As de haadletter "A" út it Latynsk alfabet op 'e kop setten wurdt, kin dat ek noch sjoen wurde. It wurd samekh betsjut "fisk". Yn de Fenisyske letter samekh is in rêchbonke fan in fisk werom te kennen.

Fenisyske ynskripsjes binne op ferskate archeologyske plakken om de Middellânske See hinne fûn, lykas yn Libanon, Tuneezje, Algerije, Sisylje en Spanje. Yn 1960 waard yn noardlik Itaalje de saneamde Pyrgi-tabletten fûn, dy't in op gouden blêden optekene hannelsferdrach tusken Kartago en de Etrusken wiene. De tekst waard yn it Fenisysk en Etruskysk skreaun en wie fan krúsjaal belang foar it ûntsiferjen fan de Etruskyske taal.

Yn 2005 waard it Fenisysk alfabet as in Dokumintêr Wrâlderfgoed yn Libanon registrearre.

It Protosinaïtysk skrift waard om 1850 f.Kr. hinne yn gebrûk naam yn it Sinaï-skiereilân troch Kanaänitysktaligen. Der binne ynskripsjes fan fûn yn Kanaän fan de mid en lette brûnstiid. Dat skrift waard net in soad brûkt foar it opkommen fan de nije Semityske keninkriken yn de trettjinde en tolfde iuw f.Kr.

It skrift waard oant it midden fan de alfde iuw f.Kr. it "Protokanaänitysk skrift" neamd en dêrnei as "Fenisysk" oantsjut.

De Fenysjers pasten it skrift oan en it waard fan de njoggende iuw f.Kr. ôf om de Middellânske See hinne brûkt. It skrift waard ek yn oare talen brûkt fanwegen de fonetyske aard dêrfan. It wie it earste alfabet dêr't in lûd troch in symboal yn foarsteld waard. Oare skriften, lykas de Egyptyske hieroglifen, hiene yngewikkelde karakters en wiene dreech om te learen.

It Fenisysk alfabet

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De nammen fan de Fenisyske letters waarden basearre op deselde letters yn de eardere skriften en binne ôflaat fan de oarspronklike hieroglifen. It oarspronklike wurd waard út it Egyptysk nei de Semityske talen oersetten en it begjinlûd fan it oersetten wurd waard dan brûkt as de namme fan de letter.

Doe't de Griken begûnen te skriuwen, hawwe se deselde letterfoarmen brûkt en dêr fokalen oan taheakke. Der wiene lykwols ferskate farianten yn de ferskillende streken fan Grikelân, benammen yn de manier hoe't de letters brûkt waarden, dêr't der gjin krekte lûd foar wie yn it Gryksk. De iene werjefte hat him yn it Gryksk alfabet ûntjûn en in oarenien yn it Latynsk alfabet.


 Letter   Namme   Betsjuttenis   Unikoade/IFA   Oerienkommende letter in 
 Hebriuwsk   Syrysk   Arabysk   Gryksk   Latyn   Syrillysk 
Aleph alf okse ʾ ʔ א ܐ Αα Aa Аа
Beth bet hûs b b ב ܒ Ββ Bb Бб, Вв
Gimel gaml kamiel g ɡ ג ܓ Γγ Cc, Gg Гг, Ґґ
Daleth delt doar d d ד ܕ د, ذ Δδ Dd Дд
He he finster h h ה ܗ ھ Εε Ee Ее, Єє, Ээ
Waw wau hikke w w ו ܘ Ϝϝ, Υυ Ff, Uu, Vv, Yy, Ww (Ѵѵ), Уу, Ўў
Zayin zai wapen z z ז ܙ Ζζ Zz Жж, Зз
Heth het muorre ḥ ħ ח ܚ ح, خ Ηη Hh Ии, Йй
Teth tet tsjil ṭ tˤ ט ܛ ط, ظ Θθ (Ѳѳ)
Yodh yod hân y j י ܝ ي Ιι Ii, Jj Іі, Її, Јј
Kaph kaf hânpalm k k כך ܟ Κκ Kk Кк
Lamedh lamd prikkel l l ל ܠ Λλ Ll Лл
Mem mem wetter m m מם ܡ Μμ Mm Мм
Nun nun slange n n נן ܢ Νν Nn Нн
Samekh semk fisk s s ס ܣ, ܤ Ξξ, dalk Χχ dalk Xx (Ѯѯ), dalk Хх
Ayin ain each ʿ ʕ ע ܥ ع, غ Οο, Ωω Oo Оо
Pe pe mûle p p פף ܦ ف Ππ Pp Пп
Sadek sade papyrus ṣ sˤ צץ ܨ ص, ض (Ϻϻ) Цц, Чч, Џџ
Qoph qof each fan 'e nulle q q ק ܩ (Ϙϙ), dalk Φφ, Ψψ Qq (Ҁҁ), dalk Фф, (Ѱѱ)
Res rosh holle r r ר ܪ Ρρ Rr Рр
Sin shin tosk š ʃ ש ܫ ش, س Σσς Ss Сс, Шш, Щщ
Taw tau teken t t ת ܬ ت, ث Ττ Tt Тт

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.