Ynterpunksje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

Ynterpunksje is it brûken fan lêstekens (punt, skrapke, ensfh.) yn in tekst. De beneaming ynterpunksje komt út de sechstjinde iuw en is ôflaat út it Latynsk (ynter = tusken; punctus = punt). Yn it oanbegjin joech it de wize oan hoe’t yn it Hebrieusk de lûden oantsjut waarden. Yn it Hebrieusk waarden allinnich de bylûden skreaun, de wearde fan it lûd waard oanjûn troch puntsjes ûnder de bylûden. Earst tusken 1650 en 1750 evoluearret de betsjutting fan it wurd ‘ynterpunksje’ nei wat dy no is.

Ynterpunksje is fan belang foar it ynterpretearjen fan de tekst. Der is in wêzentlik ferskil tusken de sinnen:

  • Wat ha wy juster in noflike jûn hân; ik mei hiel graach oer dy, leave skat.
  • Wat ha wy juster in noflike jûn hân; ik mei hiel graach oer dy leave skat.

De earste sin kin in man nei in jûntsje mei de frou en har freondinne sûnder kantroeren oan syn frou skriuwe, de twadde sin sil daliks net op in skieding útdraaie mar kin gâns fragen oproppe. Fan de iene kant helpe lêstekens de lêzer of de publike prater as helptekens by syn lêzing. Mar oan de oare kant hawwe dy tekens lykwols ek (benammen?) in syntaktyske funksje en yn dat opsicht is it brûken derfan minder arbitrêr.

Koart histoarysk oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan de westerske ynterpunksje begjint by it Gryksk en it Latynsk út de klassike âldheid. It Grykske alfabet wie ûntliend oan it Fenisyske alfabet, dat fan rjochts nei lofts skreau en gjin ynterpunksje, net iens wurdskieding koe. Yn de sechsde iuw foar ús tiidrekkenjen begûnen de Griken 2, 3 of 4 puntsjes boppe inoar te setten om wurden en wurdgroepen faninoar te skieden. Yn literêre teksten fan de fjirde iuw f.Kr. ôf fine wy in hoarizontaal streekje ûnder it earste wurd fan eltse rigel dy’t in nij tekstpart — in alinea — begjint. Dat streekje hjitte yn it Gryksk paragraphos; it Ingelsk hat dat wurd oernommen as paragraph. Yn it Frysk, Nederlânsk en Frânsk hat paragraaf in wat oare betsjutting.

De earste echte oanset ta it brûken fan lêstekens komt ± 200 f.Kr. út Aleksandrië. Aristophanes fan Byzantium wie bibletekaris yn de bibleteek fan Aleksandrië en yntrodusearre aksinten, oanblaastekens en sintekens: oan de ein fan in koarte sin (Gryksk = comma) sette er in punt op heale hichte; nei in langere sin (Gryksk = colon) sette er in punt op in rigel; it langste part fan de tekst (Gryksk = periodos) krige in punt boppe oan de rigel. Ynskripsjes leare ús dat de Romeinen — tusken de earste iuw foar en de twadde iuw nei Kristus — alle wurden faninoar skaten troch der punten tusken te setten. It systeem fan Aristophanes wurke nammers tige foar it Latynsk, dêr’t de minuskels (lytse letters) noch net yn bestiene.

Yn de iere Midsiuwen yntrodusearre de muonts Alcuin yn de skoallen fan Karel de Grutte it skrift yn minuskels — lytse letters — sawat sa’t wy it no noch brûke. Boppedat brûkte er û.o. de punctus interrogativus fan de Gregoriaanske partitueren om lêsskoften en ynnotaasje mei oan te jaan. Yn de slim nei rjochts oerhingjende ynterrogativus is al dúdlik ús fraachteken te werkennen, dat frij rap it besteande Grykske fraachteken (;) ferkrong. Twa iuwen letter dûkte it keppelteken op (-), earst inkeld skreaun, mar tusken de fjirtjinde en achttjinde iuw by foarkar dûbel. Tusken de trettjinde en fjirtjinde iuw ferskine de virgulen (/) boppe de rigel as linsteken, mar it duorret oant sawat 1450 ear’t dy nei de basisrigel sakje, in rûning krije en der út komme te sjen as ús skrapke Dat hjit yn it Frânsk noch altyd virgule.

Oan de ein fan de santjinde iuw ûntstiene de moderne beneamings foar de lêstekens, noch oanfolle mei it útropteken en de gedachtestreek (— of m-dash). De moderne ynterpunksje yn Westerske talen is fierder skatplichtich oan de grutte Frânske en Italjaanske printers út de Renessânse.

Spaasjes en lêstekens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it generaal skriuwe jo in spaasje nei in lêsteken en dêrfoar net. Dat jildt net foar heakjes en klammerkes oan it begjin. In keppelteken wurdt sûnder spaasje skreaun. In gedachtestreekje skriuwe jo by foarkar mei in spaasje oan wjerskanten. Binne der mear lêstekens efterinoar, dan komt der gjin spaasje tusken.

Ferskillen tusken talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane noch altyd wat ferskillen tusken talen, net allinnich yn it brûken, mar ek yn de foarstellingswize fan lêstekens.

  • Amearika en Europa: it gedachtestreekje is oars.
  • Klammerkes ferskille yn ferskate talen: inkeld of dûbel, ûnderoan of boppe-oan de rigel.
  • Yn it Frânsk:
    • foar oanhellings wurde bytiden guillemets (« ») brûkt; ek kin in hiele konversaasje tusken klammerkes stean;
    • in soad lêstekens, yn it bysûnder de dûbele punt en it fraachteken, wurde net allinnich folge, mar ek foarôfgongen troch in spaasje (klassike regel foar typistes).
  • Yn it Spaansk: se skriuwe in omkeard fraachteken en útropteken oan it begjin fan in sin: ¿Por qué? en ¡Hasta la vista!.