Apostrof (lêsteken)

Ut Wikipedy

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

De apostrof, it weilittingsteken of it ôfkapteken is in lêsteken yn de foarm fan in skrapke boppe oan de rigel (’).

De apostrof is net itselde as it klammerke.

Frysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Frysk kin it teken oanjaan dat der ien of mear letters fan in wurd fuortlitten binne. Inkeld is dat fuortlitten opsjoneel, inkeld ferplichte. It fuortlitten kin barre:

  • oan it begjin fan in wurd: ’t (it)
  • yn in gearfoeging fan twa wurden: sa’n (sa ien)

Yn in meartal of de genityf fan in wurd dat op in lûd einiget, om in ferkearde útspraak foar te kommen: Anne har foto’s. It brûken fan de apostrof is hjir ferplichte: Anne har fotoos is ferkeard. By it ferlytsingswurd wurdt de letter lykwols wól ferdûbele: fotootsje (ek: fotoke).

Yn sinnen dy’t mei in apostrof begjinne, krijt net it earste mar it twadde wurd in haadletter:

  • ’t Is dochs wat!

In oare tapassing fan de apostrof:

Oare tapassings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De apostrof wurdt ek oars as in lêsteken brûkt en dan gauris op deselde wize as it aksint. Foarbylden fan dat gebrûk binne it brûken as symboal foar de bôgeminút, 1/60 diel fan de bôgegraad, of foar de minút), 1/60 part fan de oere. Sa stiet 2’ foar twa minuten. Yn de wiskunde tsjut in apostrof op de ôflate: jo skriuwe dan (út te sprekken as "f aksint") as koarte notaasje foar .

Ek spilet de apostrof in rol yn beskate kodearrings, bygelyks by de asyndieling fan in lokomotyf neffens de UIC-notaasje.