Springe nei ynhâld

Klassike Aldheid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klassike âldheid)

De Klassike Aldheid is de tiid fan likernôch in milennium fan beskaving sa't dat him yn ferskate kultueren foardien hat om it begjin fan de jiertelling hinne.

In presys begjin fan dizze perioade is der net. Sjoen nei de hiele wrâld begjint de Klassike Aldheid mei it begjin fan de Spiltiid, likernôch 800 f.Kr. Foar de Gryksk-Romeinske beskaving wurde gauris de Perzyske Oarloggen, fan 500 f.Kr. ôf, as begjin naam, om't dêrút de Grykske ienheid ûntstie.

Yn Jeropa omfiemet dit tiidrek in opkomst en de ûndergong fan de Middellânske Seebeskavings, de Klassiken.

Presize einen binne der al foar dizze perioade. Wrâldwiid besjoen einiget de Klassike Aldheid mei de wrâldramp fan 535 doe't de útbarsting fan de Krakatau wrâldwide gefolgen hie. Foar de Gryksk-Romeinske beskaving wurdt lykwols gauris 476 naam; de formele ein fan it West-Romeinske Ryk.

Tema:Aldheid – Wikipedy hat ek in temaside oer de âldheid