Springe nei ynhâld

Spiltiid

Ut Wikipedy
Neffens de Spiltiid-teory ûntwikkele de filosofy efter de wrâldgodstsjinsten him yn it tiidrek fan 800 oant 200 f.Kr.

De Spiltiid is in lienfertaling fan 'e troch de Dútske teolooch Karl Jaspers betochte term Achsenzeit, dy't troch godstsjinstwittenskippers en teologen brûkt wurdt om 'e perioade fan likernôch 800 oant 200 f.Kr. oan te tsjutten. Dat tiidrek foel gear mei de trêde evolúsje fan de Aldheid, en foarme it begjin fan 'e Klassike Aldheid. Yn 'e Spiltiid kamen der yn alle religyen fan 'e grutte beskavings fan 'e wrâld nije systemen en ideeën op, dy't oant yn dizze tiid in krúsjale rol spylje. It ûntstean dêrfan hong gear mei de feroarjende sosjale en ekonomyske omstannichheden, mar om redens dy't hjoed de dei noch altyd net folslein begrepen wurde, makken yn dy tiid alle wichtige beskavings inselde ûntjouwing troch, sels as se gjin ûnderlinge kontakten ûnderholden, lykas Sina en Jeropa.

Elts fan dy beskavings ûntwikkele syn eigen oplossings foar de swierrichheden dy't ûntstiene doe't de hannel en dêrtroch de wolfeart en sadwaande ek it materialisme tanaam mei as gefolch dat de befolking fan 'e stêden foar it earst yn 'e skiednis fluch begûnen te groeien. En oeral bestie de oplossing út in sosjale ideology fan morele en etyske noarmen en wearden.

Sa ûntstiene yn Sina it taoïsme570 f.Kr.) en it konfusianisme510 f.Kr.). Yn Yndia ûntwikkelen har it boedisme525 f.Kr.), it jaïnisme500 f.Kr.) en it ûpanisjadyske brachmanisme500 f.Kr.) út it âldere, vedyske hindoeïsme. Yn it Midden-Easten ûntstie it soroästrisme600 f.Kr.) en kaam ek it klassike joadendom550 f.Kr.) ta stân út 'e jahwistyske kultus fan 'e Israelityske profeten. En yn Jeropa ûntjoech him it filosofyske rasjonalisme400 f.Kr.) fan Plato en Aristoteles. Lettere religieuze herfoarmers ûntlienden harren ideeën foar in tige grut part oan dizze Spiltiid-ideologyen, sadat ek de kaarten foar it kristendom, de islaam en oare lettere godstsjinsten yn dy tiid al skodde waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • ――, Die Religion in Geschichte und Gegenwart: Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.