Perzyske Oarloggen

Ut Wikipedy

De Perzyske Oarloggen is de namme foar twa oarloggen fan de Perzen tsjin de Grykske stêdsteaten yn de 5e iuw foar Kristus.

Earste Perzyske oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Perzyske oarloggen

De earste oarloch begûn yn it jier 499 f.Kr. doe de Grykske koloanje yn Ioanje op de westkust fan Lyts-Aazje yn opstân kaam tsjin de Perzen dy't dêr de macht oernommen hienen (sjoch: Ioanyske opstân). De Perzen makken in ein oan de opstân en foelen út wraak Atene oan, dat de opstannelingen stipe hie. Yn 490 f.Kr. einige de striid mei de Slach by Maraton, dêr't de Ateners in oerwinning hellen ûnder lieding van Miltiades.

Twadde Perzyske oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde oarloch bruts út yn 481 f.Kr. doe't it Perzyske leger opnij tsjin de Griken opluts. Nei in fûleindige striid tsjin de Spartanen yn de slach by Termopylee dy't einige mei in oerwinning, waarden de Perzen yn 480 f.Kr. yn de Slach by Salamis troch de Ateners ferslein en litten se yn 479 f.Kr. yn de Slach by Platéa foargoed in nederlaach. Dêrtroch waarden de Ioanyske stêden befrijd fan de Perzyske oerhearsking.

De oarloch tusken Atene en Perzje attere noch in moai hoart troch (oant 448 f.Kr.), mar in protte striid waard der net mear levere.