Gemara

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Gemara, yn it Arameesk: גמרא, Gamar, wat "de tradysjeleare" betsjut, is ien fan 'e wichtichste religieuze teksten fan it rabbinale joadendom, dy't tegearre mei de Mishnah de Talmoed foarmet. De Gemara (ek wol Gemora of Gemarah, of, minder algemien: Gemorra) is in beljochting fan 'e Mishnah (de optekening fan 'e Mûnlinge Torah) en besibbe wurken, dêr't om it jier 500 hinne de lêste hân oan lein waard. De Gemara kaam ta stân troch de yngeande stúdzje fan 'e Mishnah troch generaasjes fan rabbinen yn Mesopotaamje en Palestina. Harren kommentaar en diskusjes waard fêstlein yn in stikmannich boeken dy't úteinlik mei de Mishnah gearfoege waarden ta de Talmoed. Krekt as by de Talmoed besteane der sadwaande twa farianten fan 'e Gemara: de Babyloanyske (út Mesopotaamje) en de Jeruzalimske (út Palestina). As men it hat oer "de Gemara", dan wurdt de Babyloanyske Gemara bedoeld.