Springe nei ynhâld

Boekrôle

Ut Wikipedy
Boekrôle, boek Esther út de bibel, 18e iuw

De boekrôle is de foarrinner fan it hjoeddeistige boek.

Se plakten in rige papyrusfellen of ek wol perkamintfellen, tsjintwurdich ek wol papierfellen oaninoar oant se in stripe fan bytiden wol meters lang hiene. Dy koene dan oprôle wurde op in stokje om opburgen te wurden. In goed hjoeddeisk foarbyld om in idee fan it uterlik te krijen fan wat in foarhinne gongbere mjitte fan in boekrôle wie is in tsjokke rôle behingpapier mei in hichte fan sawat A3-fel (±40 sm). Meast waard de rôle oan ien kant beskreaun mar inkeld ek oan beide om papyrus út te sparjen. By wurk dat út meardere boekrôlen bestie sit meastentiids in label oan de útein fan de boekrôle dêr’t op stiet wat de titel fan it wurk is, en it haadstiknûmer. Yn oprôle tastân stekt dat út de boekrôle sadat dat it flot opsykjen fan in beskaat wurk makliker makket.

De min te hanneljen boekrôle hat as neidiel dat der net gau in tekst opsocht wurde kin en dat der net tusken twa parten fan de rôle hinne en wer blêde wurde kin.

De kodeks as opfolger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it begjin fan ús jiertelling hinne waard de boekrôle stadichoan ferkrongen troch de ‘’kodeks’’, de boekfoarm mei ynnaaide katerns dy’t hjoeddedei brûkt wurde. Dat wie foar’t neist in Romeinske útfining. De kodeks fûn aardich flot yngong want dy is folle handiger om in beskaat haadstik gau op te sykjen troch te blêdzjen en dêrby in idee te hâlden fan it gehiel.
In boekrôle moat meast in hiel stik ôfrôle wurde om itselde te dwaan. En ek is de boekrôle folle timsidiger as in kodeks. Troch it stive kaft (foarhinne gauris fan hout of tige tsjok lear makke) koe de kodeks goed oer in rûge behanneling dêr’t de boekrôle al gau skuord wêze soe. De kodeks hie troch syn ôfmjittings it foardiel om makliker ferfierd wurde te kinnen en dêrby in gruttere opslachtkapasiteit te hawwen.

Boekrôle yn ferliking mei it moderne boek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boeken dy’t sa ûntstiene wiene net sa lang. Oerset nei boeken fan no hie in trochsneed boekrôle tweintich oant fjirtich siden fan in trochsneed modern hjoeddeistich boek. De sân boeken fan Caesar oer de Gallyske oarloch, binne byinoar noch gjin twahûndert siden. In trochsneed modern boek fan twa- oant trijehûndert siden soe dan sawat tsien antike boekrôlen nimme. Faak wurde de haadstikken fan boeken dy’t út de âldheid komme noch altyd ‘boeken’ neamd lykas de boeken fan de Bibel of de boeken fan Herodotos. Oarspronklik wiene dat yndied aparte boekrôlen. Dat ymplisearret wol dat de bibleteken út de âldheid nei hjoeddeistige mjitstêven earder beskieden wiene. De grutste wie de bibleteek fan Aleksandrië mei tusken de 400.000 en 700.000 boekrôlen. Dat soene dan hjoeddedei tusken de 40.000 en 70.000 boeken west hawwe. In trochsneed iepenbiere bibleteek hat ek al gau safolle boeken yn har kolleksje.

Moderne boekrôen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de joadske earetsjinst wurdt út tradysje noch altyd út boekrôlen lêzen; de toararôlen. Dy wurde dus ek noch altyd neffens iuwenâlde tradysje mei de hân kopyearre.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: