Oanpaste Steatestavering
De Oanpaste Steatestavering is in wiziging yn 'e Steatestavering dy't sûnt 1980 foar de Fryske taal yn gebrûk is. Dy wiziging wie in advys dat út 'e koker fan 'e Fryske Akademy kaam. Op 17 desimber 2014 waard de Oanpaste Steatestavering formeel goedkard troch de Steaten fan Fryslân. De feroarings yn 'e Fryske stavering waarden op 31 jannewaris 2015 fan krêft, nei't it beslút fan 'e Steaten fan Fryslân yn in provinsjale feroardering fêstlein wie troch de Deputearre Steaten.
Feroarings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]oe / û
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Frysk hat 3 ûnderskate oe/û-lûden, te witten: it koarte ienlûd /u/, it lange ienlûd /uː/ en it twalûd /u.ə/. Dy wurde sa stavere:
- /u/ - û of oe (bgl. "tûk" en "boek")
- /uː/ - û of oe (bgl. "sûch" en "droech")
- /u.ə/ - oe (bgl. "doel")
Boppesteande wie foarôfgeande oan 2015 ek al sa. Wat der mei de ynfiering fan 'e Oanpaste Steatestavering feroare, wie dat de haadregel fan doe ôf oan wie dat sawol it koarte ienlûd ("tûk") as it lange ienlûd ("sûch") altyd stavere wurdt as û. Op dy haadregel binne lykwols 2 útsûnderings:
- As it oerienkomstige Standertnederlânske wurd de stavering mei oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. Dy útsûndering waard ûnderboud mei it argumint dat der datoangeande in staveringstradysje bestean soe.
- De bûging fan in beheind tal sterke tiidwurden hat yn de doetiid en de folsleine tiid foar it oe/û-lûd de stavering oe of û. Dy besteande staveringstradysje bliuwt beholden, want troch dy stavering wurdt yn guon gefallen ûnderskied makke tusken de notiid oan de iene kant en de doetiid oan de oare kant, lykas by: "ik lûk" (notiid) - "ik loek" (doetiid).
Fan û nei oe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare fan û nei oe:
|
âlde stavering |
nije stavering |
betsjutting |
Fan oe nei û
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare is fan oe nei û:
|
âlde stavering bazoeka |
nije stavering bazûka |
betsjutting fan it skouder ôffjurre raketwerper |
It twalûd oe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stavering fan it twalûd /u.ə/ waard by de ynfiering fan 'e Oanpaste Steatestavering op himsels net feroare. Der waard lykwols al fêststeld dat it twalûd altyd stavere wurde moat as oe. As it /u.ə/-lûd yn ûnbeklamme posysje ferkoarte wurde kin ta in /u/-eftich lûd, wurdt ek altyd in oe foar in r skreaun. Foarbylden: amoereus ("amoureus"), djoerabel ("prijzig"), entoeraazje ("entourage"), koereur ("coureur"), oerémis ("overstuur"), toerisme ("toerisme").
eo / eau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It twalûd /ø.ə/ (lykas yn "freon") koe yn it tiidwurd "reauntsje" (Ned. neuriën) ek mei eo stavere wurde, as "reontsje". Tenei moast it altyd stavere wurde as "reauntsje".
ieu / iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferskil yn stavering tusken de twalûden /i:ṷ/ ("ieu") en /iṷ/ ("liuw") waard opheft. Tenei waard inkeld noch de stavering iuw brûkt. Foar de wurden "kiuw" en "miuw", dy't foarkamen mei beide staveringsfarianten, ferdwûnen de foarmen mei ieu.
Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare, wiene:
|
âlde stavering |
nije stavering |
f / v
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De staveringsregel foar v en z oan it begjin fan frjemde wurden waard feroare. Oan it begjin fan in grûnwurd komt yn prinsipe gjin v of z mear foar, mar ynstee in f of s, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of ôflieding wêrby't de earste letter fan it grûnwurd net oan it begjin fan it wurd stiet. Dat hold yn alle gefallen* foar de neikommende wurden in wiziging yn:
*) Mar der kinne mear wurden wêze dêr't dizze regel fan tapassing is.
|
âlde stavering ynvalide |
nije stavering ynfalide |
Griene list
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boppedat komt de Fryske Akademy ek mei in griene list, dy't de status fan foarkarstavering hat. Benammen it ûnderwiis hat om mear dúdlikens frege. Foar de skriuwers op dizze wikipedy oft it no Klaaikers, Wâldsjers of Súdwesthoekers binne, bliuwe de ferskate dialektfoarmen tastien.