Oerlis:Oanpaste Steatestavering
In diskusje oer foar of tsjin liket my net in saak foar de Wikipedy. Litte wy ús hjir beheine ta de konsekwinsjes foar de taal/it wurdbyld yn/fan de Wikipedy.Yn 'e Wâlden (talk) 4 nov 2014, 10.20 (CET)
Foarbyld fan in jier yn in ieu, mar dan oanpast.
[boarne bewurkje]Iuwen: 14e 15e 16e 17e 18e - 19e iuw - 20e 21e 22e 23e 24e
Jierren:
1850 1851 1852 1853 1854
- 1855 -
1856 1857 1858 1859 1860
1855 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Kalinder foar 1855.)
Foarfallen
[boarne bewurkje]- 17 novimber - David Livingstone ûntdekt de Victoriawetterfallen.
Berne
[boarne bewurkje]- 5 jannewaris - King Camp Gillette, Amerikaansk útfiner fan it skearmeske († 1932).
- 13 juny - Jacob Klaver, keatser en winner fan de PC yn 1876 († 1945).
Ferstoarn
[boarne bewurkje]- 23 febrewaris - Carl Gauss, Dútsk wiskundige (* 1777).
- 31 maart - Charlotte Brontë, Britsk skriuwster (* 1816).
- 11 novimber - Søren Kierkegaard, Deensk filosoof (* 1813).
Jierren:
1850 1851 1852 1853 1854
- 1855 -
1856 1857 1858 1859 1860
Iuwen: 14e 15e 16e 17e 18e - 19e iuw - 20e 21e 22e 23e 24e
Ik bin oan it útsykjen wat de nije - oanpaste - stavering fan gefolgen hat. Fansels binne ieu-keppelings trochsnien, mar dat is te ferwachtsjen. De jier-keppelings wurkje troch. By it boppeste ieuskema haw ik de ûnderlink fan 24e hersteld, om te testen oft soks dan wer wurket. Yn 'e Wâlden (talk) 3 des 2014, 20.18 (CET)
Stavering Sjmavering
[boarne bewurkje]Ik hie begrepen dat de oanpaste stavering nei it protest fan Breuker & co. no inkeld in foarkarsstavering wurde soe. As dat sa is, liket my ta dat we yn 'e Wikipedy it spul wol gewoan stean litte kinne sa't it is.
En de tekst fan dit artikel moat trouwens oanpast wurde. Der wurdt no krekt dien as oft "ieu" en "iuw" deselde klank binne, mar dat is hielendal net sa. "Ieu" stiet foar de lange i folge troch in koarte û: iiû, wylst "iuw" útsprutsen wurdt as in j mei in koarte û: jû. Hoe't dy heale soalen dêr by de Fryske Akademy it yn 'e kop krije om soks itselde te staverjen is my in grut riedsel. Hie se de "au" en de "ou" of de "â" en de "ô" op ien bulte smite litten: dàt binne deselde klanken. Ik sis der dan ek mar daliks by dat der gjin hier op myn holle is dy't der sels mar oer pikert om it wurd ieu tenei as "iuw" te skriuwen. Sa geane wy fierder fan in fonetyske stavering ôf, en dêr moatte wy krekt op ta. It Frysk hat mear as genôch swierrichheden, en ik bin dan ek hielendal net tsjin in oanpaste stavering, mar dan moatte der fansels wol besteande problemen mei oplost wurde yn pleats fan dat der nije problemen by makke wurde! Ieneach fan 'e Esk (talk) 3 des 2014, 21.17 (CET)
- Ik haw net de taaltechnyske kennis om jo probleem mei de oanpassings fan kommintaar te foarsjen, mar wol wit ik juridysk dat as de Steaten de beheinde skriuwferoaring - sis mar it û/oe- en it ieu/iuw-ferhaal - op 10 desimber 2014 fêststelle, dat dat dan de nije stavering foar dy wurden wurdt. Dy "lytse" oanpassings sille wy yn de Wikys no ienris trochfiere moatte, om dêrmei foar de skoalgeande bern - myn driuwfear om hjir mei te dwaan - it "krekte" wurdbyld te jaan. Dêrnjonken hawwe jo gelyk dat troch it foarkarkarakter fan de wurdlist - Griene list - fan de Fryske Akadeemje, de kar út de ferskate dialekten oerein bliuwt.Yn 'e Wâlden (talk) 4 des 2014, 09.52 (CET)